De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 244] [p. 244] Marten Brouwer: Beatus ille. Syn heit wie in skoalmasterke, sa'n ien fan de âlde stimpel: strang, in griizjend burd, fjirtich jier âlder as hy. doe't er to wrâld kaem forfear mem nei de himel hy nei de hel, de hel fan de maetskippij. heit hat er memmeleafde, waerme feiligens, nea net om frege hy wie to forlegen. Maten hied er net - hy wie iensum en woe dat ek bliuwe skou as in lyts lyts hartsje, fongen foar Artis it krûpt djip wei, bang fan de lju dy't laitsje en neipiuwe hy wist net dat sa'n forlittenens alhiel net apart is hy groete se net, de iensumen dy't dwale oer alle wegen hy wie to forlegen. De fammen mannichfâld yn alderlei soart en forskaet - men hoecht net in finger to roeren om tsien, om hûndert to krijen en great wie syn langstme nei mear as meilijend praet nei sêfte hannen, streakjend oer syn sombere swijen nea seach er lykwols de glâns de glâns fan foreale egen hy wie to forlegen. Mar dy't him delsketten ha - hy hie de pook yn 'e hannen en op syn lippen stie skom - dy witte it net en wy witte it net en gjinien yn al dizze lannen hy glimket as er ús bidden heart hwant om as hy to kuijerjen mids de ing'els omhegen binn' wy to forlegen. Vorige Volgende