De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 243] [p. 243] H. Reitsma: Fers. Boppe op 'e donkere polderdyk in skiep, yn 'e klaver ûnder in laem; en in hynder yn 'e daem, yn 'e loft in flokkende strânliep. It gers leit sêft en de loft is sa blau en djip as it wetter. Lytse en dounsjende weagen jowe de ûneinichheit oan it wetter, de sinnestrielen oan 'e loft. En ûneinichheit ken gjin rêst, it libben ek net. En dat bitinken jowt my rêst. Sa is it g'oed. It skiep sil fierder frette, en as ik fierder rin oer 'e hege dyk, sil it knofflich fuortskrikke, - it laem fljocht nei syn mem, - en ik freegje inkeld hwat de bistkes bisielet; en hwat bisielet dat skreauwende bist yn 'e loft, en dy swijende swarte roek? en dat slûgjende hynsder? Komt de lytsfeint noch net om it moalkoeke to fuorjen en dan foar 'e wein? - It gers is sêft, de loft is blau, it wetter ûneinich en it libben hjirre sa tear as de dau. Sa is it goed. Vorige Volgende