De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 242] [p. 242] Joazep Witteveen: Negro spiritual. foar Taeije Brattinga. Yn de hage song de spotfûgel. De spotfûgel song yn de hag'e. God joech de spotfûgel syn sang Sa hat God de spotfûgel skepen. Eare oan God, Eare oan God, Dy't de spotfûgel skepen hat. Eare oan God, Eare oan God, Dy't de spotfûgel skepen hat. God is great, God is great, God is goed om't Hy de sang joech Oan de spotfûgel yn de hage. Yn de hage song de spotfûgel En God joech him de sang. Goede God, greate God Eare oan Dy, Eare oan Dy, Dy't de spotfûgel yn de hage Syn sang' jown hat. En de spotfûgel song yn de hage. Eare oan God, Eare oan God Song de spotfûgel yn de hage. De spotfûgel song yn de hage. Vorige Volgende