De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 237]
| |
Inne de Jong:
| |
[pagina 238]
| |
genôch, sei er, mar master en domeny, dy't faeks frijhwat mear ôfwisten fan sokke kréaturen, koene yn alle gefallen wol sjen, dat it beest ôfgryslike âld wie. Master hie wille en sei, dat skyldpodden tig'e âld waerden. Wiger syn soannen koene bêst gelyk hawwe, dat de greate Coen dit beest noch fuorre hie. Tagelyk joech er Wiger in dûbeltsje. Domeny lykwols waerd wrantelich en frege Wiger, hwerom in grou keardel as hy, mei syn sterke lea, net arbeide yn de bêste tiid fan 't jier. Wiger antwurde mei in ûnskuldich gesicht, hy hie it oer alle boegen bisocht, mar om syn minne mage en syn rimmetyk hie dokter him oanret: in bulte op 'e fuotten en foroaring fan lucht, dat sadwaende. Doe't Wiger nei master syn frou gyng, dy't him altyd op in bakje kofje traktearre, sei domeny: hja moasten sa'n keardel twinge om to arbeidzjen. Mei syn minne mag'e iet er tsjin in hiele boerehúshâlding en mei syn rimmetyk roun er yn in dei hinne en werom fan Sleat nei Bakhuzen. Master hie him doe mei fjûr fordigene. Wiger wie yn syn soarte in dichter en in dreamer sei er. Syn forhalen wiene likemin wier bard, as hwat men yn in bulte moaije boeken lêst, mar se wiene ek like spannend. Wiger hie der forlet fan, om troch de bosken to swalkjen, as de fûgels songen, om mei sinne en moanne de wegen lâns to reizgjen. As Wiger net mear kaem, soe master him tige misse. Domeny skodholle, wylst Wiger by de gleone kofje syn skyldpod oan de froulju sjen liet. Sa reizget Wiger, dy't meastentiids mei syn arke by de Sleattumermear leit, fan Jannewaris oant Desimber, it âld jier út en it nije wer yn, de doarpen fan it súdwesten troch. Yn Jannewaris hat er it tige bannich, hwant der stiet gjin hûs tusken de Jouwer en Starum, tusken de Lemmer en Warkum, dêr't er net komt to nijjierjen. Hy sliept yn 'e g'olle of it búthûs as in kening yn syn paleis, hy yt brea mei spek en swiere stikken potstrou, hy formakket it jongfolk en al syn freonen, en hy is protteljende lju fleurich treast. Jierren en jierren lang al hat Wiger swalke, en hy sil swalkje, sa lang as syn fuotten him drage kinne. Hjoed komt er dan mei in drommedaris. Né, net mei in kies of in bonke of in sturt yn syn bakje, mar mei in libjende, roeikjende drommedaris, in beest mei in ûnbidige hals, lange, haffeljende lippen en in hege bult op 'e rêch. Wiger forblikt net gau en nimt elke forrassing fan it lib- | |
[pagina 239]
| |
ben lykmoedich oan, mar it wie him dochs suver kâld by de rêch del gien, doe't er dizze kâns krige. Dat wie nammers ek nuver yn syn wurk gien. Op 'e Jouster merke, dêr't Wiger de lêste Tongersdei fan Septimber stéfêst hinnegiet, wie in reizg'jend selskip mei in drommedaris, dy't fansels gâns bikyk krige. Wiger stie mei in greate kloft manlju by it beest, en alleman lake om syn útfallen. Mank de taskôgers stie ek in heareboer út de omkriten, Rikele Rimmers Renia, in man mei in bulte jild en macht, dy't himsels sa'n foege kening fielde. Hy wie foarsitter fan 't bistjûr fan it wetterskip ‘De fjouwer wyngatten’ en siet fierders foarenoan yn alle mooglike forienings en organisaesjes. Warbere Wiger en Rikele Rimmers Renia wiene gjin freonen. Winlik hie de heareboer mar in hekel oan sa'n ‘omstipper’. Wiger hie ienris by him op it hiem west, mar wie der útnaeid foar in swarte satan fan in houn, dy't as in liuw op him oanstouwen kaem, wylst de boer efter it finster stie to laitsjen. Doe't de merkereizgers mei har drommedaris de hoeke omgyng'en, hie Renia, dy't it mar min forneare koe, dat de lju sa laken om Wiger syn grappen, by him sels tocht: ik sil Warbere Wiger hjoed ris foar de kroade ride, dat er stil is. ‘Hea, Wiger’, sei er, ‘soe dat net hwat foar jo wêze, sa'n drommedaris? Dat is gâns better as in bakje. Jo hiene dan altyd noflik selskip en jo soene der in aerdige stûr mei fortsjinje kinne. Ik ha mei de lju praet, tsjin in bihoarlik pryske wolle se him wol kwyt.’ ‘Jo sizze dêr sa hwat, mynhear Renia. Ik ha it ek alris yn my omgean litten, mar ik wurd de lêste tiid sa heech oanslein yn de personele bilêsting, dat it my min past, om sa'n grou beest oan to tugen. Dêr komt by, in drommedaris is pûr razend op hounen, en it soe my spite, as ik ris by jo kaem, dat er jou hiemdogge deasloech, dy't jou spultsje sa trou biwekket.’ De heareboer krige in lichte kaem, mar hold him great. ‘Om it jild hoecht it net oer to gean, Wiger’, sei er. ‘It beest is net jong' mear, as jo him foar hûndert ryksdaelders krije kinne, dan wol ik jo der wol mei skewiele. Jo jowe my tsien persint fan de fortsjinst, en dêr is alles mei yn oarder.’ Wiger seach de rike boer skerp en ûndogensk oan en frege: ‘Miene jo dat, mynhear Renia?’ | |
[pagina 240]
| |
‘Ik stean foar myn wurd, Wiger, al myn freonen binne tsjûgen.’ ‘Hwer en hwannear kin ik jo hjoed fine, mynhear Renia, as ik dy knaep kocht ha?’ ‘Om twa ûre, Wiger, yn café Spoarsicht.’ Wiger tocht: ik ha der neat by to forliezen, en as Rikele Rimmers Renia my soms to grazen nimt, dan prate wy noch efkes. Sa socht er dan de eigners fan de drommedaris op, dy't in ein fierder yn in herberge sieten, wylst it beest op strjitte stie ûnder de hoede fan in feintsje. Wiger gyng der yn, makke in gemoedlik praetsje en frege doe, oft hja de drommedaris ek forkeapje woene oan in heareboer, Rikele Rimmers Renia. Dy woe dan bisykje, om him yn it stamboek to krijen. De man hie der hûndert ryksdaelders foar oer en woe kontant bitelje. De eigners joegen lykwols raer g'uod op. Dit beest wie foar gjin tûzen goune to keap, seine hja, en dy heareboer moast mar sjen, dat er sels yn 't stamboek kaem. Wiger hie bigrepen, dat Renia him foar de kroade ride woe. Hy glimke gefaerlik. Hy hie alhiel gjin haest en foel yn in smout petear mei de merkelju. Doe praette er efkes mei de kellner, dy't in kunde fan him wie. Dy lake en knikte en sette in waerm miel foar him ré. Wiger iet as in grand-seigneur, pudding mei saus der nei. Krekt om twa ûre stie er yn café Spoarsicht, dêr't de heareboer en syn freonen al op him wachten. Hja hiene al wakker wille hawn, dat de bitûfte Wiger der yn trape wie, en dat noch wol yn 't publyk. It die harren suver nij, dat er werom kaem. Hoe soed er him der út rêdde? Rikele Rimmers Renia, foarsitter fan 't bistjûr fan it wetterskip ‘De fjouwer wyngatten’, rôp lûdroftich: ‘Wel, Wiger, is de keap slagge? Kinne wy jo lokwinskje mei de nije kollega?’ ‘Slagge en slagge, dat is twa, mynhear Renia. Om jo de wierheit to sizzen, ik ha him noch net kocht. Marre...., ik wie yn jou tsjinst en ha sa frij west om foar jou rekken in miel iten to nimmen. En ik moast, om jou namme op to hâlden, de lju ek wol op in slokje traktearje. Sjoch, hjir is it rekkentsje; fiif goune.’ Renia syn spotsucht bilune al hwat, hy woe him lykwols net kenne litte en sei rejael: ‘Yn oarder, Wiger. Mar hoe sit it nou mei de drommedaris? Dy lju hawwe my dochs net hwat wysmakke? It | |
[pagina 241]
| |
soe my spite, as it praetsje yn 'e wrâld kaem: Warbere Wiger woe in drommedaris fange, mar hy koe him net krije.’ ‘Nou né, mynhear Renia, it sit al in bytsje oars. De lju wolle de drommedaris wol kwyt, mar ik wie efkes to let. Hja wiene al mei in oar oan 't ûnderhanneljen en dy keap sil wol trochgean ek.’ ‘Mei in oar, mei in oar? Hwa yn 'e goedichheit wol hjir in drommedaris keapje?’ ‘Dat sil ik jo fortelle, mynhear Renia. It bistjûr fan it wetterskip ‘De fjouwer wyngatten’ moat in nije foarsitter hawwe. Nou sykje de lju immen mei noch mear smoar as syn foargonger en sadwaende foel har each op dit beest mei syn greate fetbult.’ Mynhear Renia waerd sa wyt as in doek. Hy bisocht to laitsjen, mar it gyng him min ôf. Syn freonen kuchten en hoassen, en in ploech feinten brieken de tapkeamer hast ôf fan wille en bigounen to sjongen: ‘Lang sil Wiger libje!’ Doe't Wiger mei in earnstich gesicht it café útroun, kearde er him jit ien kear om en sei: ‘De groetenis oan jou houn, mynhear Renia.’ Doe socht er de merkereizgers wer op. En al koed er dan de drommedaris net keapje, it slagge him dochs, om him foar ien dei to krijen. De lju soene in pear dagen op 'e Lemmer bliuwe, foardat hja ôfreizgen nei Amsterdam. Ien fan de feinten en Wiger soene dan in dei mei de drommedaris Gaesterlân troch. Wiger mocht de helt fan de fortsjinst hâlde. |
|