Moai wis meije wy oannimme dat Vondel Achterberg suver fan gjin ien kant ‘bigrepen’ hawwe soe. Byhwannear't de tendins fan in wurk immen yn allen frjemd is, kin er deynderlike bining net meifiele. Dat is to forg'elykjen mei it al of net kennen fan in tael. Foar hwa't gjin Nederlânsk ken, binne Vondel (of Achterberg) syn fersen op syn heechst klank (dat folslein hwat oars is as poëzij); foar hwa't gjin Bibelske skiednis en gjin klassike mythology ken, is Vondel folle minder bigryplik as foar hwa't dêr yn thús is; hwant al soksoarte tradysjes binne min ofte mear ‘talen’-op-harsels, en hawwe ek ynfloed op 'e eigentlike tael. Vondel's tael is yn gâns gefallen seldsume slim to forstean; Achterberg's tael, út oare oarsaken, allyksa. Vondel spriek, net allinnich letterlik en formeel, mar ek figuerlik en ideëel, de tael fan in oare tiid. It sil earder útsûndering wêze as reg'el, dat immen foar beide talen likefolle iepenstiet. Elke wrâldskôging, elk wrâldoanfielen siket en fynt syn eigen ‘tael’. Achterberg syn - alwer: tige bitreklike! - bigryplikens foar ús generaesje birêst ek hjirop: dat syn konflikt, hoe persoanlik ek, nei bistiet oan de konflikten dêr't de hjoeddeiske minske yn fortiisd sit.
Dat Vondel Achterberg's poëzij, likegoed as de Midsieuske, mar stadich fan foarm achtsje soe, is fansels ek mear as in technyske kwestje; technyk stiet nea op himsels. En Vondel syn tradysjonele rhetoryk soe in swiere bihindering wêze om de yndividuële fan Achterberg to wurdearjen; om mar net to praten fan de ûnmooglikheit gâns fan syn wittenskiplike termen to forklearjen. Men soe Achterberg syn rhetoryk as ‘negatyf’ bineame kinne; it ûntbrekken fan it uterlik-poëtyske yn kontrast mei it inerlike, hat mei sin hwat aparts, dat him dy't net ynwijd is, lichtlik parodistysk oankomt.
Foar de biwearing oer, dat ‘foar de dichterlike minske’ (sûnder nuancearringen?) ‘in fers in fers’ is, soe men yn omtinken jaen wolle: dat ek foar dyselde dichterlike minske ienselde fers fan Achterberg' in oare yndruk makket al neigeraden it momint.
Hwa is ‘de dichterlike minske’ foar hwa't ‘in fers in fers’ is?