De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 233] [p. 233] Dam Jaarsma: Fjouwer gedichten. Neiklang. De jountiid slomme dimmen - Twa famkes rounen foarby En songen mei suv're stimmen In âlde, bikende meldij. Jit rûzen ink'le einen Fan 't liet yn myn earen nei - Ik miende noch op to heinen 't Refrein fan dy swiete meldij. Forstoud bin my de jierren - It sinneljocht sakke wei, Mar soms fiel 'k as fan fierren Noch eat fan 'e gloede nei, Dy't oer myn jonkheit striele. - In glâns oan de âlde dei Jowt d' oantins, de sêft pinsiele: Neiklang fan in simp'le meldij. Sjong nou dyn sang. Sjong nou dyn sang - Om 't finster lûkt de nacht. De wjitt'ring rûst fan weageklang, It boat leit op 'e wacht. Sjong nou dyn sang - In lege stiltme sinkt Aenst del en hâldt dy yn syn twang Oant alle lûd forklinkt. Sjong nou dyn sang - Al têdder slacht it hert. (De blom forlear har kleur al lang En is wol gau forblet.) Sjong nou dyn sang - Jit is dyn harpe stimd. Biwill'gje ienris noch de drang Dy't yn dy wâll't en klimt. [pagina 234] [p. 234] De letterlape. Fan dy is net in byld biwarre bleaun; 'k Fyn inkel jit op 't bêste wite linnen Dyn namme yn fine byntgat-letters reaun As priuwke fan in dreech en duldich kinnen. Hwat dreamen ha dyn jonge fingers dreaun Ta 't naeijen fan twa letters, hweromhinne In kunstich hert; wie 't leafde ta in freon dy't hinneteach, fier fan it doarp fandinne? Sûnt is der mann'ge tried troch 't linnen helle Mei mann'ge leafdetins yn stekken lein: Rigen fan jierren binne rêd fortein - Mar ienris waerd dyn oantlit, jouns yn Selle Oer 't nuddelwurk bûgd, as in iep'ne siele, Fan triljend kearsljocht stil en blank omstriele. De granium. Reizgjend troch Skotlân - al let op 'e dei - Bispeurt er in âld cottage, yn 't kezyn Pronket in granium mei de kleur fan wyn; De poarpren blommen pronkje ryk en rij. Dy kleur jowt stal oan bylden lang foarby: Hy is de lytse wees; sjoch, út it spyn Krijt beppe skieppetsiis en snijt der yn. Hoe swiet dy âlde klank: - dàt is foar dy -. Hy priuwt de molke fan de wite geit En rûkt de blossem fan 'e flearebeam -. Mar mèi de blom fordwynt wer it forline. Hwat wrâldboarger hwaem't Fryslân noch hwat seit? Lykwols keart hyltyd wer dy iene dream: In âld gesicht mei fâlden, folle en fine. Vorige Volgende