De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 218] [p. 218] Inne de Jong: Kwatrinen fan Omar Khayyam. LXVI De swietrook fan de roazen tynde swier Oer 't bloeijend tún, in simmermoarntiid ier, Doe song in geal: dit stuit komt nea werom, Gryp dan dyn lok en sykje it net sa fier. LXVII En altyd hear ik wer deselde klachte: Dit is de man, dy't sede en wet forachte. Ha jimm' dan, hill'gen, sels nea slimmer dien, As mei in leave faem en wyn oernachte? LXVIII Dêr't nou de jonge liuw to âljen stiet Song jager Béhram syn oermoedich liet. Doe rekke er sels yn 't net, en wylde bisten Trêdzje oer syn stof, dat yn 'e groun forgiet. LXIX It libben fljocht, myn freon, de ein komt fêst, Ofstû yn Babyion of Bagdad stjerst, Klink dan en drink, hwant nei ús giet de moanne Syn iiv'ge gong yn ûnforsteurbre rêst. LXX D' ierde sil stean, ek neidat wy fordwine, De takomst sil gjin spoar mear fan ús fine, De wrâld sil sjonge en bloeije sûnder ús, Lyk as hja sûnder ús song yn 't forline. LXXI O, al de herten, dy't sa optein songen, Hoe binn' hja fan de greate jager fongen, De moaiste lippen yn de groun forgien En 't hearlikst hier mei slyk en modder mongen. [pagina 219] [p. 219] LXXII De dea, dy dôvet ek de klearste eagen, En fan de tûznen, dy't fan ús forteagen, Komt der nea ien werom, gjin teken en Gjin wurd fan hwat oan d' oare kant hja seagen. LXXIII De romer noeget, freon, it sil dy spite, Sa faek ast weg'erst yn in wrange rite: As yn it roazetún de geal sa sjongt, Soestû dan sûnder wyn dyn dagen slite? LXXIV Myn kante lea, it sjongen fan myn bloed, Myn antlit, kleure mei de tulp syn gloed, As 'n beam myn stal - en dochs de bange frage: Hwerom hat God my nei dizze ierde stjûrd? LXXV Bitink, bistû yn mienskips netten rekke, Dat party lju har wurd en trou dochs brekke, Wantrou de measte freonen, mij har praet, Hwant as it knypt, litte hja dy forrekke. Vorige Volgende