De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
D. Kalma:
| |
[pagina 214]
| |
wing fan jowt. Leard fan myn eigen ûnderfining, soe ik syn opfetting de akadémyske neame doare; en net allinne myn eigen ûnderfining hat my leard, dat de bilangen fan hokfoar kunst oan de akadeemje komselden yn bitroude hannen binne. Dr. A. Weynen syn selsum gearstalde en foar my min to fetsjen sin wol ik mar leaver net op fuortprate, út noed dat ik him forkeard bigryp; mar om fan de groun ôf to bigjinnen, kom ik der alderearst op, dat neffens my yn Nederlân de wurdearring sels fan de skoalle-oersetting op de tuskenskoallen ensfh. al op gjin stikken nei doocht. In siferskael dy't mûglik foar de exacte fakken syn sin hat (1-10) past men dêr ek sa mar op geastlike fakken as talen ta; dêrfoar moat men flaters bigjinne to tellen (faek mei ûnderskieden fan hiele, heale en sels fearns-flaters!), dy flaters jilde foar ûnderling lykweardich, en it falt tige ôf bysûndere fortsjinsten yn rekken to bringen. Gâns reedliker soe it my talykje, gjin oare Wurdearringen to jaen as dy fan min, ûnfoldwaende, foldwaende en goed, en de hifker ta to stean dêr alles by jilde to litten, dat hy tinkt dat heart to jilden. Sa slim sûndiget men oan de akadeemje wol net; mar de opfetting dat in hjoeddeistige Shakespeareoersetting op Friezen of hokfoar oare naesje deselde yndruk meitsje moat as dy't Shakespeare syn wurk makke op it Londenske publyk fan syn tiid, in opfetting, dy't Hke sterk bûten de realiteit omgiet, kin men jin mar min fan losmeitsje. It forneamde ‘vertaal in goed Nederlands’ fan ús eksamen-pompieren wurdt, oerset yn it akadémyske, frijwol hwat ek de akadémyske wurdearring bihearsket. Spitigernôch is oersetting fan dichtwurk alderearst - dichting. Hwat foarstelling meitsje ik my, Shakespeare oersettend, fan de wize lyk as it publyk fan de shakespeareaenske skouboargen op dit wurk reagearre? Earlik-akademysk sprutsen, ik wit der sa goed as neat fan; en hwa wol? Hokfoar foarstelling kin ik my meitsje fan de reäksje fan de Fryske lêzers op myn Shakespeare-oersettingen? Allinne mar in dizige en twiivlige, en op it momint dat ik oerset, telt dy foar net folle mear as nul mei. Hwat meitelt, earst en meast, ja alles bihearskjend, is de moeting tusken ús beiden, William Shakespeare en Douwe Kalma. Ik moat en wol him forstean, ik moat en wol trochjaen hwat hy de wrâld joech. Mar ik kin dat net oars as dichtsjende dwaen, en dichtsjende kin ik mysels net útskeakelje, just oarsom, ik moat mysels ‘brûke’ yn al myn mûglikheden, yn in ryk- | |
[pagina 215]
| |
dom en forskaet, gâns greater as dy't myn libbens-forbân troch in tiid yn myn biwittenens opropt. En sa bitsjut dan de oersetting foar jinsels in ûntjowing, gjin útskeakeling. Biwizen ta dit sizzen binne der by de rûs út de praktyk to jaen. Tsjintwurdich sjocht men yn Hollân op Burgersdijk leech del, my to leech; hwant ôfsjoen fan de foechsume earbied foar sa'n greate prestaesje oer, moat men dochs ek meistimme dat er tige krekt oerset en swierrichheden faek selsume redsum oplost. Dêr stean twa brekkende dingen foaroer: hy skriuwt yn in âlderwetsk idioom en - hy is gjin dichter; de grize giet jin oer de grouwe, as men sjocht hwat hy fan de kostlike ‘songs’ to rjochte bringt. Alles meiïnoar is de oersetting ûnbifredigjend, mar yn ûnpersoanlikens hat hja suver har wjergea net: oer it wêzen fan de minske Burgersdijk leart hja jin neat. Hollânske ‘jongeren’, de measten nou ek al moai griis, ha bisocht him to forbetterjen; guodden is dat drôvich mislearre, in inkelde hat moai wurk jown; ik neam hjir Roland Holst syn oersetting fan Richard III, Roland Holstwurk op en út, foriensume aristokratysk, foarnaem en heech, en dan is der ek jitte fan Shakespeare. Ik ken de Dútske oersetting fan in tal sonnetten fan Shakespeare troch Stefan George, wurk fan in Master, fan ien dêr't it aestétyske flesk en bloed yn wurden wie; it is George, oer tael en dichting hearskjend as in koel kening, en fansels is der, yn George, fan Shakespeare. Baudelaire yn Frankryk sette Poe oer, en tilde dat net al to greate talint sa omheech ta syn eigen greatens, dat hja nou sizze: de Jeropeeske reputaesje fan Poe is makke fan Baudelaire. Fryske foarbylden soene foar it krijen lizze (hwa tinkt net oan Gysbert Japiks syn Psalme 130?), mar it is faeks genôch sa; dêrby, sprekt it net fansels, dat great dichterskip allinne fan great dichterskip oerdroegen wurde kin, en is ek fan sokke oersetting de haedwearde nèt de wittenskiplike, mar de artistike? Safier, hwat sa likernôch myn tinken en fielen is oer it oersetten fan dichtwurk; en oer Yeats en Shakespeare kin ik nou hoopje ik, koart wêze. Ien ding docht my wol nij yn Klaes Dykstra syn stik: dat hy, dy't dochs ien en oar fan myn oersettingen wit, net sjoen hat, dat ik yn de Yeatsoersettingen in folslein oare technyk tapast ha as yn al myn oare; hie hy dat sjoen, dan soe hy, effen neitinkend, ek wol de reden foun hawwe, ‘Yeats’, seit Mr. Rodman yn syn ‘Modern Poetry’, ‘gie as feint om mei Oscar Wilde, | |
[pagina 216]
| |
Mallarmé en George Moore; letter, as toanielskriuwer, mei Synge, O'Casey en Lady Gregory; doe mei Joyce en AE en Pound; einlings mei Eliot, Auden en Turner. Syn earste fersen wiene dreamich ympressionistysk. Hy wie in mysticus, en joech him sels in set lang oer oan spiritisme’. Sa haw ik, lyk as myn ‘Ta ynlieding’ kleardernôch oanjowt, dit diel fan syn wurk ek lêzen en oanfield; en as myn oersetting eat bistribbe hat, dan hat it west de lêzer eat fiele to litten fan in great dichterskip fan dy soarte, fan sa'n wêzen en sa'n sfear. Trochstrings set ik sa letterlik mûglik oer, safier as dat by myn konsepsje fan de wearde fan it gehiel giet; krekt by dizze oersettingen ha ik my dêr mar in bytsje oer bikroade. Yeats en ik hawwe somlike, net ûnbilangrike oerienkomsten; hy koe ta de symbolisten rekkene wurde, ik bin roerend by har lâns gien; de dichting as taelmuzyk lei en leit ús beiden nei; beide ha wy lang de foarkar jown oan it hinnewizen nei en it trochskimertje litten fan de dingen boppe de konkréte bineaming (Yeats is der letter fan tobekkommen, en it koe mei my deselde kant ek wol ris útgean). Yn elts gefal, yn dizze oersettings haw ik der op ‘los dichte’, dat ik oars yn myn oersettingen nea doch. As Dykstra nou sizze soe, dat hy oan Yeats sels de foarkar jowt boppe dizze Yeats-Kalma produkten, kin ik allinne anderje ‘fansels ik ek’. Mar dat is de saek hjir net: de kar kin allinne gean tusken myn gans frijer biwurkingen en de gâns letterliker, dy't hy yn syn stik útstelt.Ga naar voetnoot1) En om't ik yn sines suver gjin dichterskip mear fornim, kin ik dy min foar kar nimme. By Shakespeare, dat in great lyricus, mar alderearst dochs in dramatysk skriuwer is, sil ik mei sokke frijheden wol hillich oppasse. Dykstra syn sizzen, dat myn kontakt mei him oerhearskjend yntellektueel is, wiis ik perfoarst ôf: it is in libbens-kontakt. Op in oar plak hat Dykstra sels sein, dat de oersetting fan, it proaza yn de Midsimmernachtdream him folslein bifredige, en dy binne yn folks-tael by | |
[pagina 217]
| |
útstek; dat it liket my ek net fair, de tsjinstelling folkstaeldichterlike tael hjirby to pas to bringen. Ingelsk en Frysk binne ûnderskate talen, en de sfear fan somlike Ingelske passages is dêrtroch nea sûnder mear yn it Frysk wer to jaen. Mar ik bin der sels fier fan myn oersettingen foar folmakke út to jaen, ik hoopje op myn tachstichste jit like folle fan learen to hâlden as op myn achtste, en as ik dêrby ek fan Dykstra leare kin, sil my dat wolkom wêze. Op ien ding wol ik hjir jit wize: it is net to mijen dat der by in sa great ûndernimmen, by alle earnst en tawijing, hjir en dêr ‘doffe plakken’ ûntstean; op ien sa'n plak (s. 128 ûnderoan) hat Dykstra yndied wiisd; en ik bin elts dy't my op dy wize helpt, tige tankber. En alles meiïnoar hat Dykstra my in deugd dien mei syn krityk, al wie it allinne om't it yn Fryslân sa selden foarkomt dat der mei bigryp praet wurde kin oer dingen as dizze, dy't dochs foar wêzen en takomst fan ús skriftekennisse wier net sûnder bilang binne. |
|