De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] O. Postma: Dichters. Der binn' dichters dy't it ûnsjenlike miene; Mei wyn en sé woll' hja it bineame. Oaren sizz' ierde en dy is har dreamen. De earsten sill' greater dichters hjitte: Is it ûnsjenlike net it measte? De oaren haw ik as freonen it neiste. Hwant leaf haw ik d' ierde as fiedster en boarne, En it swierste hâld ik it droef forlitten; Al draecht my - in tril jen - it great biwitten. In lânstik útsnien, hwat ljochte ûren, Net mear it bistek fan it ierdske wêzen; Mar dichter hat gloarje en wûnder lêzen. Vorige Volgende