De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 202]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina 203]
| |
ten fan de minske’. To Raerd soe 't skielk ek oangean; dêr hiene se al de nammen fan in foech tritich fammen opskreaun - der kaem moai gau in dei, dan soenen dy frysters har alhiel yn 't wyt klaeije en de fan fierrens wei oanfierde frijheitsbeam it doarp yn drage. Pûrgleon wienen dy fammen op dat forsetsje, hja woenen leaver hjoed as moarn. In hiele soad Raerders, sokken dy't de Frânsken as it ljocht fan 'e wrâld ynhellen, stie it mar min oan dat it feest fan 't beam-plantsjen hieltiten útsteld waerd - de man fan it slot, de grytman, wie der net foar en syn siktaris, Folkert van Loon, likemin; dêr siet de oast! De Raerder patriotten ornearren, der moasten op in nacht mar ris in mannich balstiennen op it gritenijhûs troch de finsters, dan soe de grytman wol skoatiger wurde en net langer tsjinakselje, hwant dat die er! 't Sil sahwat fiif minuten nei midnacht west hawwe, doe't de skoattels fan de poarte tobekstrutsen waerden; de doar waerd opdien en der kamen trije mannen troch, dy't hoeden om har hinne seagen. Hja wienen waerm klaeid en sieten oer 'e earen hinne yn 'e mûtsen. De langste fan de trije persoanen wie de grytman sels; de oare beide wienen syn hierde boeren. Mei in koffer yn 'e hân kaem de grytman nei de dyk ta en seach mei opmerksumens it hear oer, foar sa fier dat om 'e tsjusternis koe. Doe sei er sêft: - Fuort mar - mei God! De beide boeren sjouden in ridlik swiere kiste bûten de poarte en sûnder dat der Herders in wurd sein waerd setten hja der mei ôf, op in distânsje efter de grytman oan. Op 'e Snitserdyk seach de grytman noch efkes om en sei syn slot farwol. By de ezelkamp lâns trapen hja de Snitserdyk út. It earste ein hienen hja each yn 'e wyn, mar ridlik gau sloegen hja oan 'e rjochterkant in binnepaed yn, dat nei de MoezelGa naar voetnoot1) laette. Dêr laei oan 'e wâl in fikse skou, dy't der mei in doel hinne fearn wie. It duorre net lang, doe foeren hja al. Sikke Durks roun yn 'e line en Jelke Martens hâldde mei de kloet de skou út 'e wâl. De grytman hie him midden yn 'e skou deljown ûnder hynstetekkens en âlde jassen, dat hy koe de kjeld wol forneare. As hja al forkeard folk moeten, koe er him wol sa goed weistopje, dat nimmen der erch yn krige dat | |
[pagina 204]
| |
der noch in tredde man oan board wie. De man mei de kloet joech him hwat foaroer en sei tsjin harren lânhearre: - As mynheare it net mear úthurdzje kin, mei mynheare myn skânsloper der wol by nimme, dan lûk ik him út, hwant ik haw de waermte al. - It seit bêst, Jelke, andere de grytman minlik. Haw mar gjin noed. As ik nea kâlder hoech to lizzen, mei it hinne bruije. De man mei de line, Sikke Durks, wie foar in sleat stomp roun. Hy fieme de line op; Jelke stjûrde nei de wâl. Doe't er oan board stapte, sei Sikke: - Aensens by de Moezelsbrêge moatte wy de eagen iepenhawwe, Jelke. Dêr meije wolris fan dy snúshoannen stean, dy't by nacht de krite ôfsnoeije. As wy guont treffe, hwa sil it wurd dan dwaen, jo of ik? - Jo mar, andere Jelke biret. Ik bin by nacht net in prater. Boer Sikke hie mei dat sizzen net sa fier misroaid. Doe't hja by de brêge kamen murken hja in keardel, dy't mei syn grou liif oer 'e lening hong. Hy like nijsgjirrich to wêzen. - Moat der hwat slûke wurde?, frege er. Oan it swiere lûd, dat út in tonne like to kommen, koe Sikke de man thúsbringe. It wie Hâns Skele, in Jirnsumer patriot en in dôfhûdigen hont, dy't it sizzen foar yn 'e mûle lei, dat er mei de prinslju, dy biroerdlingen, alle jarresleatten yn Fryslân damje woe. - Ja, andere Sikke, dy't wist hokker flesk hy yn 'e kûpe hie. Wy komme fan Tersoal en hawwe fan dat streksume guod oan board, dat sille wy nei Grou slûkje, dêr wolle hja moarn in stikmannich Grouster prinsmannen mei fuorje, dy't hwat al to folle praetsjes krije. Dat sadwaende. - Dat mei 'k hearre, rôp Hâns. Soa, is 't sok spul. Nou, ik bin der foar dat se it dy biroerdlingen yndruije. Ik winskje jimme goede reis! Mei dat petear kamen hja ûnder de brêge troch. De grytman koe it laitsjen net litte. Doe't hja bûten skot wienen, sei er: - It wurd is jo tabitroud, Sikke-boer. Jo prate as in abbekaet! - Us heit hat my leard in wurdtsje op syn pas to sprekken, andere Sikke wolfornoege en wipte mei de line op 'e wâl. | |
[pagina 205]
| |
Op in foege distânsje fan de Ljouwerterdyk rekken hja Ynte Hûs foarby, mar ringen kamen hja wer tichter oan de greate wei. Nou wie 't wer achtjaen en it slot op 'e mûle. Sûnder oare tsjinstuiten hellen hja de Jirnsumersyl, dêr 't de skou de snút yn 't wetter fan de Krûme Grou stiek. Sikke en Jelke krigen de roeiriemmen en dêr gyng 't hinne, it brede farwetter op. Dat lange ein nei Grou wie in snuver! Lykwols, de mannen oan 'e riemmen koenen skoan de waermte biskrippe. Under it swiere pak lei de grytman mei iepen eagen to tinken. Hy hearde neat as it plonzgjen fan de riemmen en it skolperjen fan de weachjes tsjin stjûne en flanken. Dat brocht him in oare reis to binnen, in mannich jierren lyn, op de Fjouwerwâldstêdden Mar, dat hiele lange ein fan Flüelen nei Luzern, mei al dy oersneden nei de doarpkes oan Marsich. It hie in moaije reis west mei it greate keapmansskip, ôfladen mei fracht, boppedat noch in fiks oantal reizigers oan board, ja, sels in stik of sawn hynders. En oan 'e riemmen sieten toalve man, dy't om 't ûre bikoar hienen, en dan kaem der in nije ploech en sloech, like persiis op 'e tel en yn strange oarder, de riemmen yn 't smaragd-griene wetter, ien glêdde, glânzgjende baen, dêr't de bergen har yn spegelen. Hy tocht oan dat Italjaenske frommis, in faem as in leelje, dêr't hy en syn reisfreon Lycklama sa'n gefallichheit yn hienen; al ridlik gau wienen hja yn 'e kunde kaem mei de famylje, in professor mei frou en dochter, en hja hienen de freonskiplikens hawn, de Hollânske hearen mei-gastrearje to litten fan it proviant meinomd út Florence: brette hoantsjes en Italjaenske woarst mei in snijt goede wyn der ta. En doe...., tocht van Eijsinga fierder..... De middeis waerd der midden op 'e Mar tsjerketsjinst hâlden, mei de measte reizigers en alle roeijers ta dielnimmers, dat it skip wie dreaun dêr't de soele twirren it driuwe woenen. Dat tsjerkehâlden gyng oars wol nuver ta: it koe bêst in gebet west hawwe, hwant altomets hearden hja de namme fan in hillige neamen en ien fan 'e roeijers rôp: ‘Bid foar ús!’ Ien fan de froulju dreamde óf wie yn trance, hwant mei de eagen ticht rôp hja in hillige oan. In matroas die lyk as hja die, mar nei in oare trant; eltse kear dat er in hillige oanrôp naem er in swolch twa út in brandewynkrûkje dat er tusken de knibbels hie, mar hy hold de eagen ticht. Hy, van Eijsinga, hie him formakke mei de | |
[pagina 206]
| |
forbazing fan de moaije Italjaenske; dy't nei dy matroas siet to sjen as wie hy minske-ôf en forskining wurden. Ei, dat leave fanke, hwer soe it bidarre wêze? Wie hja faeks al troud? Ja, sa gyng it. Lycklama hie de oare simmers ek al boaske, dy formakke him nou mei in soantsje dat op 'e faer like. En ik?,.... tocht van Eijsinga, Ik bin âld-feint bleaun, ik haw de fjouwer krúskes al op 'e rêch, en noch ken ik yn Hollân of yn Fryslân gjin faem dêr't ik it mei weagje woe. Wol it lot my dy kant net út hawwe óf wol it van Eijsinga-bloed anno 1795 net mear troch de ieren bounzje? Veronica Gabrielli - hwat strielen dy deis by Scheidegg en Pilatus dyn eagen! Mar doe't ik der djipper yn sjen woe, bist' my ûntglûpt. Van Eijsinga rôlle him mei in sucht op 'e oare side. Hjir lei er, de grytman fan Raerderhim, in man oer en to folle yn syn gritenij, dy't er in lange rige fan jierren trou en earlik tsjinne hie. It haed fan 'e gritenij op 'e rin foar de Frânsken! By nacht en ûntiid moast er him, ôfjaen, net de keninklike wei lâns lyk as de van Eijsinga's wend wienen, mar efterôfpaden bigeande, farkjend mei in boereskou, en ta in doel in ôfhandige oarde oan 'e oare kant fan de Pikmar. Eigen wollen wie it net, 't wie moatten; en it hie hege tûd west him yn dit aventûr to bijaen, ommers alle ûren fan dei en nacht koenen de Frânsken him oer 't mat komme. Hy fielde wol de hate fan de Raerder patriotten. Hja woenen him graech yn 'e skjirre hawwe; hja hienen fansels de hân der yn hawn doe't op in nacht syn beide wynhounen stellen wienen. Mar as hja him nou thús sochten, koenen hja yn 'e lege kouwe sjen; it fûgeltsje wie harren ûntkomd.... It lei der sa ta, hy moast him skikke. Op 'e Burdpleats soenen hja him net sa gau fine. En syn hierde boer dêrre, Haeije Frearks, wie in froed man; hy hie in bêst wiif bitroud, Eke - né, dat selskip koe der bêst mei gean, al moast it wiken duorje. De Grousters sliepten, it wie stil yn 't doarp, gjin hiemhoun sloech oan. Hja foeren by Pôlle en Bliken lâns, hâldden by de Wide Galle de kant fan 't doarp en rekken de Pikmar op. By de Geau seagen hja skier yn 't tsjuster in skou oan 'e wâl lizzen; der wie folk yn, hwant der waerd praet, Hja stjûrden dy kant út, slim binijd hwa't noch sa let op 'en baen wêze mochten. Doe't hja tichter by kamen, waerden hja yn 'e skou trije mânlju gewaer. Ien fan | |
[pagina 207]
| |
'e trije kaem oerein mei 't easfet yn 'e hân; hy sei: - Wy krije praters, leau 'k. - As jimme in kopfol waerm drinken foar ús hienen, dan koe 't oars al, hwant it is mar forflikte kâld, sei Sikke. - Ik soe my raer forsinne moatte, forfette de oar, as dit Sikke Durks net is. Sikke hearde in bikend lûd. - Dou forsinste dy net, Geart, sei er. Soa, jimme ek al oan 't nachtraven? Nou't it goed folk wie, lieten Sikke en Jelke it op 'e riemmen driuwe. - Jonge ja, sei Geart, in Raerder fan komôf, mar dy't nou to Grou wenne en sahwat rânsele en kwânsele. Wy komme fan Earnewâld, mar de skou is lek, dat nou moasten wy wer ris in kear eazje. - Soa, sei Sikke dy't wol mear witte woe, komme jimme fan Earnewâld. - Ja, andere Geart. Wy wienen oan leger wâl bleaun, dat hat sa syn reden. Hy lake sahwat skelmsk en forfette: - Jimme meije it ek wol witte. Wy tochten yn 'e Geau in skip to finen en in bêd foar dizze jongkeardel hjirre. Jimme moatte witte, se hawwe hjoed to Earnewâld fiif Frânsken yn 't wetter ôfspield, dy't harren dêr de wet stelle woenen. Doe't de Earnewâldsters ornearren dat hja skjinnernôch wienen, hawwe hja de blaurokken mar wer op 'e wâl hyst, mar doe liken se mear op dweilstikken as op minsken. 'k Wol net leauwe dat dy der folle fan neifortelle sille. Hja wienen sa blau as laei en seagen as skylfisken op 'e merk. - Jawol!, sei Sikke. Dan witte de lju to Earnewâld ek wol fan húshâlden. - Dêr stean ik Jo foar yn, lake Geart. Mar ja, jonge, de medalje hat ek in oare kant. De lju dy't dat stik útheefd hawwe, doarsten net yn eigen hûs op 'e striesek krûpe. Dat hja binne der allegearre útpykt, doe't it nacht waerd. - Dêr kin fansels wolris dalje op komme, miende Sikke. De Frânsken binne net mak op 'e hûd. - Dêrom, sei Geart, hawwe wy de feint fan de ‘Freule Petronella’ foar de wissichheit mar meinomd. 't Is in Grouster - kenne jimme him net? Hy hjit Tsjerk Joutes, it is in keardel as Karst en sa sterk as in ûnderdoar, al is er noch mar justjes tweintich jier. | |
[pagina 208]
| |
Hja seagen Tsjerk ris oan, dy't by de mestelbank siet en noch gjin wurd sein hie. - Dat hawwe jimme knap oprêdden, Tsjerk jonge, ornearre Sikke. - Tocht ik ek, sei Tsjerk kâldwei. Hy fielde wol, dat er yn aller eagen in man útmakke, mar hy woe 't him net skine litte. Jelke-boer frege: - Dyn skipper is net to Earnewâld bleaun, wol, Tsjerk? - Hy hat ek in oar hinnekommen socht, ik tink fan de Wartenster kant út, sei de jongkeardel. Hja praetten dêr noch hwat op troch. Doe sloech Sikke de riemmen yn 't wetter. - Kom, wy moatte fierder, Jelke. - Hwer sil de reis hinne?, frege Geart. - Dat hawwe ús mear frege, andere Sikke in bytke bizich. Mar jimme doar ik it wol forklappe. Wy hawwe in fracht lead en âldizer by ús, dat moatte wy troch de Tynje slûkje, nei de Peanster Ie, dêr't to nacht prinslju út Boarn komme om it fan ús oer to nimmen. As 't slim komt, wolle hja der mei paffe. - Ha, hal, gnyske Geart. Dy Raerders binne snoader as de rotten! - Dou kinste hjir fan op oan, Geart, heite: wy Raerders hawwe de snaphanen en de guozzeroeren net forruskje litten, lake Sikke en breide in ein oan 't petear. Dêr roeiden hja wer hinne. 't Wie nou noch mar in foech eintsje. De grytman koe it net litte en jow Sikkeboer foar de twadde kear in plomke foar syn singelier talint, it doel fan dizze tocht by nacht foar eltsenien, freon en fijân, bidutsen to hâlden. By de pleats fan Haeije Frearks oan de Nauwe Burd gyngen hja oan 'e wâl. Sikke seach ljocht troch de blinen, hy sei: - Haeije is by de wurken, mynheare. De lampe is op. Hy kloppe op it bûtenblyn en rôp, mar fansels net al to lûd: - Goed folk, Haeije, wy binne it....! - Bin' Jo it, Sikke, waerd der út 'e keamer wei roppen. Moai sa. Ik kom! Yn 'e doar fûstken hja mei Haeije-boer. De grytman bigroete syn hierde boer wakker freonlik en gyng yn 'e hûs; de beide boeren tôgen de kiste yn 'e gong. Hja dienen it | |
[pagina 209]
| |
harren net oan tiid om nei de keamer ta, hja woenen dalik wer fuort en as it koe, foar melkerstiid noch in ûrke mei 't fel oer 'e eagen lizze. De grytman kniep syn Raerder boeren de hân ris tige. - Mannen, sei er, jimme hawwe hwat foar my dien, dat ik net forjitte sil. Der komt in tiid nei dizze tiid, dan sil ik jimme der it biwiis fan jaen. Sikke en Jelke winsken mynheare it bêste, Haeije fan 't selde, en doe setten hja ôf. De riemmen plonzgen yn it wetter en al gau wienen hja midden op 'e Mar. Doe't Haeije-boer de grytman yn 'e keamer liet, waerd de bêdsdoar iepenfierd en in fromminske frege út de weach wei: - Is lânhearre dêr, Haeije? - Ja, sei dy. Mynheare is hjir al yn 'e keamer. De boerinne stiek har hân troch it hânsel fan de bêdkwast en joech har yn 'e kjessens op. Yn 't skiere ljocht fan de stanlampe waerd hja de grytman gewaer, dy't by de tafel stie mei de rêch nei 't bêd ta. Mei in sêfte stimme sei hja: - Haeije, dou moatste freegje oft mynheare faeks in brogge winsket. Dan kom ik der ôf. De boer brocht de frage oer. De grytman sei: - Gjin drokte om my meitsje, boerinne. Ik haw ûnderweis hwat hawn en haw nearne forlet fan. - Nou, forfette hja tsjin har man, gean mynheare dan mar foar nei de foarein. It bêd is opmakke. De grytman hearde dat en sei: - It is bêst oanbean, Eke, mar ik wol leaver op it hea sliepe. Dêr bin 'k feiliger. De boer en de boerinne woenen de grytman dat plan út 'e holle prate, mar dy hie dat net bigrepen. Hy woe yn 't hea. Hwant krigen de Frânsken der de lucht fan dat hy hjir tahâldde, dan soenen hja him earder yn 'e foarein as op 'e gollen siikje. - Wel, sei de boerinne, it is my suver yn 'e wei, dat mynheare yn 't hea sil. Wy hawwe sa'n skoan eigenoanret bêd yn 'e foarein foar Jo klearlizzen. Der wie lykwols gjin praten tsjin, dat seach Haeije wol; lânhearre stie op syn stik. De boer tôge in stikmannich tekkens nei de skuorreed ta en gyng dêrmei de hege gast foar by de byntljedder op; lânhearre hie de lytse bûtlampe yn 'e hân, mar hy kaem | |
[pagina 210]
| |
maklik en fluch op 'e golle. Bijke, de murdhoun dy't syn leger yn 't heafek hie, wie ek al gau boppe, hy tocht grif dat dêr hwat to fangen wie en moast alles bisnuve. Haeijeboer spraette it bêd, de grytman loek de learzens út en liet him mei de klean oan yn 't golle-nêst falle. Hy hie, sei er, oars gjin winsk as ris lekker to sliepen en dat soe, tocht him, hjir hiel wol gean. - Ik Hz hjir waerm en skoan, en tige sa feilich as op Jongema-state, sei er en glimke tsjin Haeije. Doe't de boer ûnder yn 'e keamer kaem, stie syn wiif foar it oare bêd; de bern wienen wekker wurden en woenen witte oft omke Frâns al kommen wie. Mem hie sein, omke soe wol yn 'e nacht oankomme, hwant it wie in hiele reis alhiel fan de Hijumer kanten! - Omke Frâns is der, hear! sei de mem en stoppe har berntsjes goed ta. En nou jimme mar gau deljaen, hertsjes! Ear't hja lizzen gyng, kipe hja efkes yn 'e krêbbe oan 't bêdsfuottenein. Dêr lei de lytste yn, dy sliepte as in roas. Eke koe har mar deljaen. Doe't Haeije de fuotten yn 't waerme nêst stiek en de bêdsdoar oanloek, sei hja: - It sil lânhearre wol frjemd oankomme, út syn swanneplommen bêd wei op it hurde Burdhea. - Och ju, andere har man, dou moatst tinke, lânhearre is in ienfâldich en nederich man, hy skikt him better as hwa ek fan 't blauwe bloed. As hy mar gjin lêst fan mûzen en rotten krijt.... Nou, Bijke strúnt der om, dat skeelt. Mar hy dy't op 'e golle lei, kaem moai gau ta rêst. Dy hiele lange dei hie alles yn him spand stien; nou 't hy him bûten noed wist foelen de koarden fan syn geast slop, it wie him oft alle spieren fan syn lichem út 'e heakken nomd waerden. In skoftke widzen de baren fan de Mar yn him nei, it wie oft er it plonzgjen en geskolper fan de weachjes noch yn syn earen fornaem. Mar al gau forlear hy himsels yn in djippe sliep. In ljochte dream stie oer syn leger. Mei syn span hagelwite wynhounen njonken him kuijere hy yn syn hôven. 't Wie maitiid. Oan 'e oare kant fan 'e grêft ploege de feint de slotkamp; de doukes koerden yn 'e hege beammen, de bijkes gounzen om it apelblossum hinne. Dêr fornaem hy boppe him in frjemd sûzeljen. Forheard seach er op - o wûnder, in ingeleftich wêzen kaem sweevjend del yn it hôf en bleau foar him stean. Doe seach hy it yn 'e eagen - hy bisaude - it wienen de eagen fan in frou, fan Ve- | |
[pagina 211]
| |
ronica. Hja glimke him oan en wonk him. En hy gyng nei har ta, mei jeuchlike opteinens, en neamde har namme - hy fielde him as in leaver dy't nei syn leafste optsjocht. En hja kuijere neist him troch de bloeijende hôven, hy wiisde har syn hounen, de skiep yn 'e finne, de kij, de feint dy't ploege, de fruchtbeammen mei de gounzjende bijkes - wûndere ryk wie him dy stoune, sa ryk, dat him in fersrigel fan in âlde dichter op 'e lippen kaem - en hy spriek Beatus ille, qui procul negotiis, ut prisca gens mortalium - ja, it hiele gedicht fan Horatius, dêr't hy yn syn Frentsjerter jierren foreale op west hie, sei er sûnder stûkjen foar har op. Mei in oersillich glimke yn har eagen harke hja nei it lofdicht fan har greate lânsman út lang forfleine tiden, it lofdicht op it libben yn it fjild, de forhearliking fan it bistean op it lân, fier fuort fan de stêdden. O, lokkich dejinge dy't, fier fan it heisterich bistean fandinne, op de wize fan de foarteam it eigenerfde lân mei syn oksen biploeget. Hja glimke him oan - ja, sa woe hja neist him wêze, yn syn hûs, yn syn hôven, de wylde leaten fan syn apelbeammen snoeije, it fruchthout intsje, de druveranken bine, de hunich yn 'e poatten kluterje, it fjûr op syn hurdsté stoke.... En hy, hy soe syn earm om har kliene mul lizze en har ferwielen lippen pats je, mar ynienen waerd har bistean dizenich en hja dreau as reach yn 'e loft wei. En in oare ingel sweve oan en gyng foar him stean en spriek mei in earnstige troanje dizze wurden: ‘In bern fan keningen, bigroeven yn har breidsûre’. De dreamer waerd ûnrêstich, syn lange earmen ramaeiden de tekkens oan kant - doe sloech er de eagen op. Mei 't wekker wurden stie it him ynienen klear foar eagen yn hokfoar 'n sitewaesje hy tahold; wylst de bylden fan syn dream him los lieten, wie syn omtinken wach. Wie der ûnrie? Hy joech him op 'e earmtakke oerein. Mei de switkobbelkes op it antlit harke er nei de lûden fan 'e nacht. Hark! Hokker lûd wie dat?.... Och, it wie Bijke, dy't op 'e skuorreed faeks in mûske bimurk. Allinne dat iene - Veronica - hwat in drôf ein hie dy dream - hja wie dochs net.... dea? De twadde sliep fan de grytman wie licht en woelich.
(Wurdt fuortset.) |
|