De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 201] [p. 201] Marten Sikkema: Farwol. (By de ôfreis fan Marten en Antsje.) Farwol, de boatshoarn ropt - jim moatte farre De lege dize fan 'e takomst yn, De mûle glimkjend, 't herte yn trewyn: Faeks bliuwt jim leed, grif langstme net bisparre. Op hope swalkje jim nei fiere lannen: By 't fjûr fan memme hurd foar jim gjin plak, Gjin feilich sliepsté ûnder heite dak, Op âffaers groun gjin wurk foar jimme hannen. Mar wanhoop reizget mei: gjin glimk, gjin wiuwen Kin jim bifrije mear fan rook en glâns En lûd en kleur, by jonkheits jierren lâns Forgarre; faek ûnkearber sil dat kliuwe. Jim sille wêze blêdden op Gods amme, Net boun, net frij, twa ballings fan har lân, Hwant ienris stiene jim oan memme hân Op 't hiem, en rôp in heit jim lytse namme. Hawar, de boatshoarn gounzet - wy binn' sibben En frjemden nou en jimmeroan. Farwol, Far glimkjend fuort, en bliuw yn jimme rol, Sels nou't de boatshoarn gûlt - gûlt om it libben. Vorige Volgende