dachten en eigenskippen dêr't er mei al syn praten gjin fet op krije koe.
Hy murk it foar de twadde kear inkelde moannen letter, doe't Tseard de jonge foar de East tekene blykte to hawwen, mar in pear dagen nei't er ien en tweintich jier wurden wie.
Doe bleau Tseard de âlde allinne efter, fol selsforwyt, mar net forslein, hwant hy bitroude op God. Hy lies faek it boek Job yn dy tiden en it lei him sa by dat er hoekhâlde moast; dêrom forkocht er de moune net, lyk as syn oare soannen him retten. Syn hier waerd griis en der kamen fâlden yn syn foarholle, mar hy forkocht de moune net. It soe wêze kinne dat Tseard ta ynkear kaem en op in goede dei de forlerne soan wer foar de doar stie. Dan moast de moune ‘De Eabarre’ der noch wêze. En it like yndie dat it sa komme soe; hwant nei fyftjin jier kaem Tseard de jonge werom, brún forbarnd en mei in medalje op. Hy seach noch altiten foardel as er praette; mar oars wie er rêstich en evenredich en hy woe wol mounder wurde, sei er. Sa briek nei in lange rige tsjustere jierren de sinne dochs noch troch foar Tseard Draeijer de heit, dy't nou wol tige âld wurden wie. Mar doe dôve ek hommels de flamme dy't er al dy tiid yn him barnende hâlden hie. Hy libbe noch mar inkelde moannen en stoar as in lokkich man.
In wike neitiid stjûrde Tseard Draeijer de soan de húshâldster fuort, dy't altiten sa goed op syn heit past hie. Hja wie al op jierren, mar noch goed by de wurken en elkenien spriek der skande fan. Hja kaem yn it diakenij-earmhûs en Tseard Draeijer naem in jongenien út de stêd, dy't lykwols mei in fearnsjier al wer fuortroun. De boeren klagen dat hja net op Tseard Draeijer, dy koloaniael, oankoene, en op it doarp gyng der praet fan dat hy frijhwat drank brûkte, thús mear noch as yn de kroech.
Sa kaem Tseard Draeijer de soan al gau op in minne namme to lizzen. Hy krige wer in oare húshâldster, in bekstik fan in frommis, en dy roun net fuort. It like dat hja him ûnder de kwint krige, hy naem him hwat mear yn acht, mar hy seach noch altiten foardel en nimmen koe syn gedachten riede. It kaem safier dat hja ûnder de geboadens rekken, hy en syn húshâldster; en doe barde it op in joun dat er yn de kroech forskynde mei in fleurich sin en moai hwat jild yn 'e bûse. Hy traktearre elkenien en fortelde hoe't er oan syn medalje komd wie: ienkear hied er twa fan dy