rige bjustere aventûren dochs noch krrje. Zandstra is langer in bitûft romanskriuwer en hy hat grif mei niget en flyt de boustoffen foar dit boek sammele. Syn romantyk lykwols lûkt in flues oer de jammerdearlikens fan it libben yn hoalen en krotten en sa geane de skerpe kanten der fan forlern.
Van der Geest syn boek hat inkelde punten gemien mei Zandstra sines. It spilet wol yn Drinte, mar it biskriuwt deselde tiid en deselde tastânnen; en der is ek in frouwelike haedfiguer, dy't nei in libben fan lijen oan 'e ein noch foargiet yn in opstân. Einliken is Matsen, de trouwe, de opofferjende, de energike, dochs wol de bêst slagge figuer yn Zandstra syn boek; en yn elts gefal is hja de sympathykste en meast karakteristike. Mar der is gjin reden hwerom't hja foargean moat yn 'e striid, dêr't it op it lêst dochs ta komt, hwant in fakkeldraechster hat hja nea west. Mei Wiepje yn Van der Geest syn boek is dat hiel oars. Hja hat wol it fjûr barnende hâlden en hja hat it folste rjocht, as Marianne foaroan to gean yn de optocht dêr't de marechaussés mei har hynders en sabels op ôf stouwe en dy't dochs fierder marsjeart, in deade efterlittend.
Van der Geest hat net de routine fan Zandstra, hy skriuwt faeks hwat minder suggestyf; mar syn boek is folle oangripender en ek folle rjochtuter as Zandstra sines. Hjir is dan ek de heide, mar dit is de heide fan de forskovelingen, libjend ûnder de twang en by de graesje van de feanbazen. Dit is it byld fan de greate forwyldering, dêr't de skeamele freugde socht wurdt yn de jenever, dêr't winterdei de minsken stjerre fan de kjeld en de honger, en dêr't de marechaussé trochhinne wâddet, symboal fan it rjocht dat gjin rjocht is. Zandstra jowt de romantyk, Van der Geest de tragyk. By Van der Geest is it dúdlik hoe't it op 't lêst ta it greate forset komt, it forset dêr't de sabels machtleas op ôfskampe en dat syn fortuten docht, al is it noch mar in kromke.
De lêzers fan Van der Geest syn roman dy't har ynteressearje foar it lot fan Raggert Krikke, de Fryske boeresoan, dy't him delset op de Drintske heide, en syn famylje, merke hoe't dizze haedpersoanen hoe langer hoe mear opgean yn it tryste totaelbyld, dat hja ek nearne forsteure. It kin wêze dat roman-technysk Zandstra syn boek better is as Van der Geest sines; mar as literair dokumint wint dit lêste it nei myn bitinken fier.
SJ. v.d. SCHAAF.