E.B. Folkertsma:
Omtrint.
Jai Ludinga, hwerom hâldstû net op my to forfolgjen mei forwiten en bikentenissen? Fornederje dy dochs net langer foar my. Ik bin net skuldich. Ik wol net skuldich wêze. Wol foar God en syn hillige ingelen, mar net by dij. Lit der dochs ien skepsel wêze by hwa't ik net yn 'e skuld stean. It moast út tusken ús. Ik koe dy net lokkich meitsje. Dat witstû likegoed as ik. Lit my dan yn myn wêzen. Bistû ea by my oan 'e krapper ein kommen? Haw ik dy eat ûnthâlden: tagedienens, lof, hulde, seine, dat dy rjochtlik takomt? Kin ik it helpe datstû dat allegearre noch earliker opnaemst as ik it bidoelde? Miskien wie it noch wol goed kommen, as ik dy sa heech net hawn hie. Mar hoe koe ik dy leger hawwe? Dat haw ik bisocht; dû twing'st my ta de bikentenis. Ik haw sa skeamel west, dy bitraepje to wollen op itjinge net fornaem is. It is my net slagge, hwàt fan soks to ûntdekken. Dyn goedens, dyn trou, dyn adel, dyn frommens, ik moast se alle kearen constatearje. Dat koe ik net úthâlde. Ik hie dy omtrint leaf. Ik doarst dy net leafhawwe. Ik wist, myn leafde soe ien greate, ellindige ôffaller foar dy wurde. Jai, dû bist to goed foar mij. It soe in banaliteit wêze, dizze bikentenis, as it ûntskuldiging bitsjutte moast. Mar ik ûntskuldigje my net. It hie ek neat let, astû my mar net bêst hawwe wollen hiest. En yn 'e leafde bin ik net op myn bêst. Né, dû hast my nea bipreke en bimastere; it wie gefaerliker. Alles yn dy, alle goedheit, alle trou, alle leafde forlange dernei. Krekt hwatstû open djipsten leaf yn my hiest, woest better hawwe. Dû woest my net nimme sa't ik bin, mei al myn lek en brek. Dat koe ik net fordrage. Fan elk oar minske hie ik it hawwe kinnen; fan dij allinne net. Hwerom moast ik fan dij ek safolle bigeare? Hwerom koe it mei minder net ta? Minder? Ik haw soarch fan
mear. Hwerom moasten wy elkoar op it uterste fergje, elk foar oar: dû om my better to krijen en ik.... Ja, hwat woe ik? Wie it myn doel, dy minder to meitsjen? Of èk better, noch better? Ik bitiis mysels yn redenaesjes. It is fansels folle ienfâldiger, it moat sa ienfâldich mûglik wêze. Frou, forfolgje my dochs net sa. Ik wol minske wêze, hiel sljochtwei minske, mei streken, mei ûnbitrouberheden, mei brekken, mei sûnden, mei avontûr en ek noch mei in pear deugden.