De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 190] [p. 190] U.J. Boersma: Draverije. In krânse fan fleurige minsken Om 't romme midfjild, Boeijend fan ûnforwachte kleuren: Palet-fantasij! Pikeurs: kante kop út 't clowneske Bûnt-wyt fan har dracht, Rinn' er, efkes swipe-giseljend, Meiïnoar smûzjend Of blier gekjeijend tsjin in fanke. Hja litte de hynsders losrinne, De glânzjende, weagjende dravers, mei de libbene eagen, de fine noasters, de heech-ranke poaten, dy't de baen ôflizze yn Arabysk-lichte draeftrêd. Dan, as it bellelûd tingelet, Alles yn aksje: Pikeur: grimmitich, spand de spieren, Driuwt mei de leije Syn wil it hynsder yn, dat pûstend Moude-wolkens opslacht; Roeden omfleanend 'e bochtpeal: taktyk fan 'e tûke pikeur! Swipe omheech hellet er d' ein 't earst! Dêr keart er it switbiskomme hynsder. Hymjend heart er 't hângeklap Dat elts foar him hat lâns 't eare-roun! Hy fûstket mei opteine kenners - De draver, dy't woun, deawurch, Siket fansiden nei gers.... Vorige Volgende