| |
| |
| |
Geart Jonkman en Anne Wadman:
Feest om in dochter
of De stim fan it bloed.
Yn gjin jierren hie ik hwat fan Willem heard of sjoen. Nei dat mei dy fabrikantsfrou wied er stil weiwurden út it stedtsje dêr't er nei syn stúdzje toskedoktere hie. Doe, in moanne of hwat lyn, dûkte er hommels wer op yn myn eachweiding, ja, ik kin wol sizze: nestele er him yn myn bistean, sûgde er him oan my fêst.
Ik sil wol de iennichste wêze dy't fan dat mei dy fabrikantsfrou ôfwit. Hy wie altyd in stil man, dy't yn selskip opfoel troch net opfallen. Der siet, sa to sjen, gjin aventûr yn him en dêrom faeks moat dat aventûr mei dy tabaksfrou him sa yn 'e siel taest ha. It wie him oer 't mat kommen. Hjà hie de prikken yn 't wurk steld, dat is sa wis as hwat. Willem wie net ûnsjoch, en in libben froumins sil grif hwat aen hawn hawwe fan de ûnderstreamen dy't soms troch sokken hinne geane, al lykje hja de stille kant neist. Dêr komt by, ik foar my wie dêr moai wis fan, de frou fan de fabrikant hie wol deeg'lik har bidoelingen. Hja hie gjin bern by har man en woe perfoarst har leech bistean mei it libbene fan hwat yn 'e widze folje. Dat hja Willem forlaette, hawar. Guon manlju moatte forlaet wurde, oars komme hja nea los. Mar it snie syn hert midstwa dat hja dat mei in doel dien hie. Ik haw doedestiids bisocht it him oan syn forstân to praten. It woe net maklik yn him del. Doe't er it lang om let troch hie, is er ôfreizge. Ienkear haw ik in brief fan him krige út Rio de Janeiro, dêr't er in praktyk oernommen hie. Hy biseach nou it libben al even oars, - dat wie it exactste dat ik út syn brief lêze koe. Ik hie him doe trochskrast.
En op in dei stie er wer foar myn noas. It wie doe't ik fan in periodike oerspanning oan 't bikommen wie yn pension ‘Berklust’. Hy wie gâns âldsker wurden en al hwat griis by de sliepen. Syn brún en forware fel joech him hwat exotysks, dat him net misstie. Syn eagen lei in doffe glâns oer lyk as oer bisleine glêzen en ik tocht hommels dat ik my nèt op him forsjoen hie, lyk as de fabrikantsfrou destiden. Hy wie yndie sa dea en leech fan binnen as de oerflakkichste yndruk jin sei.
| |
| |
Fansels tocht ik dit pas doe't ik fan myn forheardens bikaem wie. It wie op in moarntiid mei moai foarsimmerwaer, doe't de keamerfaem in bisiker oankundige. Ik siet allinne yn 'e ytseal, efter myn thé, aei en bakken, en myn moarnskrante. De túndoarren stiene wiid iepen, ik kin noch krekt foar my krije hoe't it ljocht yn banen de keamer yn foel. Doe stie er ynienen foar my, Willem Regnery.
In hiaet fan safolle jier yn 'e freonskip moat altyd taktysk mei swijen, brimmen en kichen oerbrêge wurde. Mar wy makken dy moarns in lange kuijer troch de bosken om ‘Berklust’ hinne en stadichoan rekken wy wer hwat yn elkoars libben thús. It die wol bliken myn earste yndruk hie g'oed west: der wie neat yn him foroare. Hy hie toskedoktere yn Rio de Janeiro, toskedoktere yn Bahia Blanca, yn Pernambuco en noch sa'n nustje Braziliaenske stêdden. Hy is ien fan dy lju dy't it libben ûntkomt, omt hja der altyd krekt mei de rêch nei ta steane as der hwat to bilibjen falt. Keare hja har om, dan hat it aventûr him ek al omkeard, en hja fornimme der neat fan. Mar in hiel inkeldenien komt op 't lêst mei in skok ta de ûntdekking, dat er hwat mist hat. Soks rint dan ornaris út op in geastlik en lichaemlik déraillemint, dêr't gjin spoen hiel by bliuwt. Hoe't it mei Willem komme soe, seach ik noch net klear. Soms wie der in lytse sparkje fan oplibjen yn syn toarre, ûnpersoanlike grize eagen, mar efkes letter toraende it wer yn apathy, bisloegen de glêzen wer.
Hy liet him ynskriuwe yn ‘Berklust’ en krige de keamer neist mines. Wy wiene de iennichste gasten, omt it wie, yn Juny, noch gjin seizoen.
De jouns sieten wy yn 'e serre to praten, of leaver to swijen. Hwant syn bistean wist ik alles al fan en myn eigen ûnderfiningen, mieningen en oardielen seine him neat, dat fielde ik wol. Men moat sok ding noait in oar oantwinge, dy't der g'jin aerdichheit oan hat. Dochs stiek it my hwat. Syn hâlden en dragen hie hwat parasitairs, as woed er my myn libbenssoppen ûntsûg'je.
Lykwols, op 'e lette joun kaem er yn ienen los. It wie grif al by alven en frijhwat tsjuster. De bjirken rûsden en risselen geheimsinnich. It doarp wie al útstoarn, en de widdou mei har beide sexeleaze dochters, dy't ‘Berklust’ regearren, leine al lang yn 'e slomme. Foar ús stie de thépot op it waxinepitsje, de reiden stuollen kreaken ûnder ús lichemsgewicht, skaden skokten by ús biwegings oer de muorren.
| |
| |
Yn dizze sfear kaem er los. Hy bûgde him hwat foaroer en der kaem hwat fan myld teiwaer yn syn lûd, doe't er sei:
‘Hast wolris gedoente mei dy frou fan.... L....?’
‘Ik ha net folle gedoentes’, sei ik. ‘Mar hwat wolst mei har? Se is gâns útdijd en docht oan philanthropy, that's all. Forlern foar it aventûr.’
Hy kaem jit mear foaroer, der lei in frjemde glâns yn syn eagen:
‘Hat se bern?’
‘Hja hat ien dochter’, sei ik sêft.
Hy soe oerein, in amerij seach ik syn eagen fûnkeljen yn it skynsel fan it waxineljocht. Doe liet er him wer del en sei heas:
‘In dochter.’ Hy stiek in sigaret oan, syn hân trille. Forheftich g'loeide de punt fan de sigaret yn it tsjuster op.
‘In dochter,’ sei er jitris, drôgjend. ‘Dus dòchs....’
Ik swei, liet him tiid om it to forarbeidzjen. Doe:
‘Hoe âld is dy?’
‘Wit ik it? Achttsjen,’ sei ik, ‘likernôch achttsjen.’
‘Bistiet net!’ graude er yn ienen lûd.
‘Bistiet net?’
‘Né, mei Septimber wurdt it ien en tweintich jier....’
‘Hwat wurdt mei Septimber ien en tweintich jier?’
‘Dat ik hjir wei bin, - hwat oars?’
Nidich smiet er syn farske sigaret troch de túndoarren, dat it fjûr der ôf spatte.
Doe gyng my in ljocht op:
‘Woest sizze.... dat dat bern fan dy wêze moat?’
‘Och forhip’, sei er, ‘dou hast my der doedestiids sels op wiisd dat it Amarins allinne om in bern to dwaen wie.’
‘Biwiist dat hwat?’
‘Biwiist it hwat tsjìn? Punt ien: Dou hast tsjin my sein, it wie dêrom. Punt twa: se hat gjin bern wèrkrige.... Nou dou.’
Ik koe der neat oan dwaen, ik mocht Willem yn ienen leaver lije. Der siet in aventûr yn him, dat ik al lang ôf-skreaun hie. Ik bigoun hastich to rekkenjen. It bern wie der al, doe't ik dat brief út Rio de Janeiro krige hie, kaem my yn 't sin. Mar hoenear hie dat west? Ik wist it op gjin jier krekt. Soe it bern dochs fan him wêze kinne? Winliken hie ik mar ien swak biwiis yn 'e hannen dat tsjinpleite: it feit dat ik oan dy mûglikheit nea earder tocht hie, ek doedestiids net. Mar de famylje L.... lei to fier bûten myn
| |
| |
eachweiding faeks om op dat idé to kommen. Ek kaem it my yn 't sin, dat ik krekt yn dy snuorje in goed jier yn it bûtenlân sitten hie. Hoenear hie dat ek al wer west? Ik kaem der net út en stoppe de pipe om tiid to winnen.
‘Kenst har?’ frege er. Syn toan wie wer mylder wurden.
‘Kenne, kenne,’ sei ik, ‘né, dat is to folle sein. Ik haw har wolris sjoen mei har mem, mar dêr is alles mei sein. Dou witst, ik haw noait n't folle yn dat formidden forkeard, dat soarte fan lju leit my net.’
‘Dyn âlde ressentiminten tsjin 'e heg'erein,’ sei Willem, ‘ik bigryp it. Hoe sjocht hja der út?’
Ik tocht nei. Der wie net folle yn myn ûnthâld dat har plastyk oproppe koe.
‘Nou,’ sei ik, ‘frijhwat langliddich, donker kastanjebrún hier, as 't my net mist....’
‘Ja, fan Amarins....’, foei er drôgjend yn.
‘.... en fierder hwat reafallich fan wêzen, ja hoe sil ik sizze....’
‘Langliddich, seiste?’ Hy gyng oerein en seach by himsels del, hifkjend. ‘Hero is noch al dûbeld....’
Ik wist net hwat ik sizze moast. Dizze biwizen kamen my ryklik dizenich foar.
‘En har eagen?’ sei er. ‘Hoe binne dy.... Griis?’
Ik moast earlik sizze, ik wist it net. Willem socht om biwizen, dat fielde 'k wol. It doel fan syn hiele reis wie dy dochter. Hy woe en soe de heit wêze.
‘Ik soe har graech sjen wolle,’ sei er. ‘Sjen en sprekke.’
‘Gean der hinne,’ antwurde ik, ryklik koart. It forfeelde my.
‘Hero soe my oankommen sjen,’ sei Willem. ‘As er it yn 'e gaten krige dat syn dochter op my liket....’
‘Nou, hwat dan....!’
‘Dan is myn saek forlern. Ik moat har allinne treffe.’
‘Dou wolst dat earme bern dochs net fortelle datstou har heit bist!’ rôp ik lûder as ik sels wol woe. ‘Dou soest dy hiele húshâlding yn 'e ûngroun stoarte....’
‘Dou bigrypst my net,’ sei Willem sêft, warleas. ‘Ik ha hwat goed to meitsjen.... myn plicht as heit....’
‘Dêr hast dy oars yn gjin tweintich jier oer bikroade,’ sei ik wreed.
Hy seach my min of mear triomfantlik oan:
‘Dus dochs tweintich jier.... Nou goed, myn heitegreàtskens dan.’
| |
| |
‘Dat is better motyf,’ andere ik, ‘mar noch net wichtigernôch om safolle leed to aventûrjen. En hwat dy tweintich jier oanbilanget....’
‘Ik moat har sjen,’ ûnderbriek er my. ‘En dou moatst dat foar elkoar bring'e.’
Ik bisocht it noch ienris:
‘Lit rêste hwat rêst is. Bigluorkje har byneed op in distânsje, op 'e tennisbaen of sa, mar meitsje gjin sliepende hounen wekker. Wachtsje oant hja âld en wiis genôch is om sa'n slach to dragen.’
It wie him lykwols net út 'e holle to krijen. En hy praette my in taktyk oan, dy't ik leaver net folge hie, mar hwat moast men? Ik hie al myn meiwurking wegerje kind, mar hwat wiene de gefolgen? Dat er der mei de healwize kop yn opfleach en diggels makke, dy't net to lymjen wiene. Hy wie op it punt fan syn neiteam gewoan monomaen wurden. Alles hwat ik dwaen koe wie de leije hwat yn 'e hannen hâlde. Dat wy akkoarten saeklik-wei. Ik soe har mei him yn 'e kunde bringe. Hy soe nea oer syn heit-wêzen tsjin har prate. Doe giene wy op bêd.
***
In deimannich letter wie myn forloftiid om. Willem en ik forhuzen nei myn wenplak dêr't ik de útfanhûzerskeamer foar him rémeitsje liet. It waerden nuvere dagen. Oerdei hie ik myn wurk, jouns sieten wy ornaris mids reekwolken út piip en sigaret op myn studearkeamer en tochten nei. Folle praet wie der net. Inkeld koe Willem ris út syn sleauwens weibrekke en forhalen dwaen út it fiere lân dêr't er wenne hie. Mar dy forhalen wiene sa ûnpersoanlik, dat ik fortocht him der fan se út in Baedeker helle to hawwen. Let op 'e joun kaem it petear meast del op it fanke en op syn tiid mei Amarins, har mem. Syn oantinkens dêroan wiene in frjemd g'earmjoksel fan greatskens, skuldgefoelens foar in freon oer, en skamte dat er him forliede litten hie om in bern. De kriichsplannen dy't wy bistinden waerden ien nei oar, meast fan my, forsmiten. Oerdei hie ik myn ynljochtingskantoar. Ien fan myn ûndergeskikten wie, sûnder freegjen nei it hoe en het, ré om allerhande dingen oer de fabrikantsdochter út to pinfiskjen. Hy hat fansels tocht dat it my om in boask mei dy dochter to rêdden wie, en ik haw it sels ek wol sa foarkomme litten, sa fyntsjeswei, sûnder rjochtute wurden. Sa wie ik oan 'e weet komd,
| |
| |
dat hja Beatrix hiet, om ende by de tweintich wie, op it gymnasium west hie, yndie tennisse, pianolessen krige en dat ûnderskate feinten út 'e hegerein om har stikken. Pitersma, sa hiet de ûndergeskikte, hie sels kâns sjoen fan in kunde fan sines, in marine-ofsier, in foto los to krijen, dêr't Beatrix èk opstie. Dy foto moast werom. Mar hy hat in hiele joun tusken Willem en my op 'e tafel lein, earste taestbere foarm fan syn heech bigearen. Spitigernôch wie it gjin kleurefoto, boppedat it produkt fan in druk-mar-op-'e-knop-fotograef, dat oer de wichtichste fragen joech er gjin útslútsel.
Underwilens mislearren trije reizen fan Willem en my nei de tennisbaen, dêr't hja neffens Pitersma wolris kaem. Sokke mislearringen makken ús freonskip net libbener. Willem krige in soarte fan wantrouwen tsjin my, as soe ik it saekje mei opset sin sloere litte. Ik oarsom fortocht him der fan dat er oerdei wolris op eigen manneboet prikken yn 't wurk sette. Yn 'e geast seach ik him al by it fabrikantshûs omspanen tusken de rhododindrums, om in skym fan 'e dochter op to heinen. Hwat moast ik: him stypje of de doar wize? Soms bisleat ik ta it lêste, mar as ik dan jouns thús syn wanhopich mankelike kop seach, ûntflutte my de moed om hurd to wêzen.
***
Doe, op in dei - wy hiene likernôch in fjirtsjen dagen thús west sûnt ‘Berklust’ - kaem ús kâns, folslein ûnforwachts. Der wie by de stêd in natûrbad, dat fan in soarte fan wynhoas teistere wie, krekt yn myn forloftiid. De skea oan forrinnewearre springplanken en klaeihokjes roun yn 'e tûzenen. Om nou de boargerij fan ús stêd fannijs yn 'e gelegenheit to stellen, de biswitte lea yn it izerhâldend Nortonwetter ôf to kuoljen, wie der in feestjoun opset. Op it programma, dat Pitersma foar my wist to bisetten, stie ek Beatrix L.... oankundige as pianiste. Wy krigen, ek al wer troch Pitersma, in útnoeging. It sprekt fansels dat Willem amper to hâlden wie. Syn apathy sloech suver oer yn melodramatyk. Hy praette fan ‘de stim fan it bloed’, fan ‘de skreau nei it eigene, it alderneiste’ en mear fan soks. Ik koe der wol fan spuije, mar hie hoop dat op dy feestjoun de saek ta in útdragen ein komme soe en de spanning dêr't ik aloan yn libbe hie brekke. Ear't wy nei ‘Tivoli’ tasetten ûnderstie ik him noch mei klam. In ûn- | |
| |
skuldich praetsje, in hân byneed, mar neat oer it heit-wêzen. Gjin wurd. Hy biswarde it my. En ik wol ek wol leauwe dat it him yndie tinken west hat.
Doe't wy yn 'e greate feestseal oankamen, wie der noch net folle folk. De hegerein komt noch altyd let. En it wie wol meast hegerein dat wy hjir sjen soene. It bettere diel fan de middenstân meirekkene dan. Bûten dyen hwat amtner-spul en in stikmannich notabelen út 'e omlizzende doarpen. Mei opsetsin socht ik foar ús in plak út dêr't wy it hear goed oersjen koene sûnder dat wy sels opfoelen. Mei ien eachopslach seach ik, dat Beatrix en har famylje der jitte net wiene. Moaisa, tocht ik: kâns dat hja der foar omlizzen geane, dat is ornaris sa mei dat soarte fan folk. Earst mei gewelt de namme op it programma en dan har der foar weiwine.
Stadich roun de seal fol en forlearen wy it oersjoch hwat. Folle praet hiene wy net mear, foar ús beide wie de spanning to sterk. Willem syn eagen giene almar roun en oer syn antlit rounen senuwtrillingen, dy't ik nea earder by him bispeurd hie. Ik skoude him in sigaret ta, dy't er heal yn 'e mûle stiek.
Doe giene de ljochten efter it gerdyn op, sette it dounsorkest in paso doble yn en stadich waerd it doek nei beide kanten skean oplutsen. It publyk hantsjeklapte wakker en wie daliks yn 'e goede stimming. De fleur woe my net rjocht oanstekke, ik bliuw altyd kritysk yn sok ding. Sa'n jongkeardel as dy't glimkjend en yn rok efter de koulizen weikaem, sa'n ien fan ‘Mes goed, menhear?’, forlokket my ornaris ta spekulaesjes oer de moderne jeugd. Mar it publyk akseptearre him folslein, fanwegens it goede doel fan de joun. En nea haw ik in publyk fan meastepart âlde hearkes en optúgde deftichheden yn bûntshawls en glêdde side sa fol fjûr klappen heard foar Ellington syn ‘Take the A-train’.
‘Hwer soe hja sitte?’ frege Willem heas, doe't de trein stilstie. Ik loek oan 'e skouders. Fuort dêrnei fregen trije fammen ús omtinken dy't op 'e muzyk fan in marske hinne en wer tripken en dêrby in liet songen dêr't de bitsjutting fan it natûrbad en it doel fan 'e joun yn forarbeide wiene. It wie wol foargoed non stop, hwant hja wiene noch net ôfgien of rjochts kaem in dounseresse op mei castagnetten, alhiel yn Spaenske dracht.
‘Sancta Madonna, Amarins,’ lústere Willem kjel.
| |
| |
Wy hellen beide it programma út 'e bûse. ‘Spaenske douns’, stie der op, oars neat. Nou, it wie Spaensk, mar fierder ek net folle aeps. De muzyk wie min en de passen en gebeartens fan de frou hoekich en ûnelegant. Willem skeukte tipelsinnich op syn stoel hinne en wer. Hy fielde him ûnrêstich. As er soms forwachte hie dat syn Amarins fan eartiids har sûnden dylge hie yn in kleaster, dan hie er him forsind. Miskien ek skamme er him, kender as er fansels is fan de Ibero-Spaenske kultuer, foar dizze nuvere Noardlike maneuvels.
Mar it folk hantsjeklapte dat it sahwat die en it hie gelyk: Men rekent d' uitslag niet, maar telt het doel alleen. Doe't de tabaksfrou hastich weiwurden wie, seach Willem it programma yn.
‘Noch ien nûmer,’ sei er, ‘dan komt hja.’
Mar dat wie mis. De jongkeardel kaem wer foar 't ljocht en rôp:
‘De frou dy freget joun de man, it swimbad moat wer boppe Jan! Dat bitsjut, achtbere dames en hearen, dat de dames de hearen ta de douns noegje en it hâldt fierder yn, dat de hear forplichte is, sadré't er noege wurdt, safolle sinten to biteljen as er jierren âld is, foar elke douns wer.’
Unbidich waerd der klapt. It orkest sette in foxtrot yn en de froulju stouden oerein en sochten foar in great part de âldste manlju út. Willem en ik waerden beide oanklampt en rekken elkoar yn it gewoel kwyt. It wie aeifol op 'e dounsflier en as it net om it goede doel west hie, hie ik leaver to kuijerjen gien. Doe't ik myn dounsfaem - de frou fan de gemeente-siktaris - toplakbrocht hie en by ús taffeltsje oanlânne, miste ik Willem. Ik seach de seal oer, mar koe him net fine tusken al dy bûntklaeide froulju, swartklaeide manlju en fazen mei anjers en roazen. Ik hie ek net sjoen hwat faem as him yn 'e wacht sleept hie en him syn 44 sinten ûntluze. Dat ik joech my mar wer del yn myn stoel, hwant op it toaniel waerd in pantomime spile fan twa froulju en ien man. De pointe is my net helder wurden, it hat grif net folle om 'e hakken hawn, mar it fatsoen woe ha dat men seach en hantsjeklapte. Undertusken wie it efter yn 'e seale al roerich wurden, der foarmen har aparte rountsjes dêr't champagne-koarken omheech skeaten en sa nou en dan lûd laitsjen opstiig'de. Obers fleagen ôf en oan.
Doe wie de siktaris-frou der wer, it wie suver hwat fortocht. Mar hja dounse goed en praette net folle, dat it
| |
| |
mocht hinnebruije. Under it dounsjen socht ik alles ôf om Willem, mar hy wie fuort en bleau fuort.
Nou moat it net healwizer, tocht ik, aenst komt it pianonûmer fan syn dochter en dan is er nearne. Ik trape de siktarisfrou op 'e teannen, dêr't hja neat om joech, en ûntskuldige my amper. Op itselde stuit seach ik oer har skouder de tabaksfrou, ûntdien fan har Spaensk habyt en nou gâns oannimliker. Hja dounse mei in marine-ofsier. Dyselde fan Pitersma? gyng it troch my hinne. Hwer wie Willem syn dochter nou? Ynienen bikroep my it wantrouwen. It waerd my folslein klear op itselde stuit: Willem hie har foun en siet mei har yn 'e tún ûnder de prunus by de fiver. Har holle lei op syn skouder, hja snokkere it út. It bern wie brutsen, foargoed, yn it libben kniesd en toloarsteld. Sa moast it wêze, ik seach it foar my yn in fizioen.
De muzyk swei en ik brocht de siktarisfrou nei har plak. Ik hie net folle, omtinken foar har hawn en hja hat my net wer frege. Nou, dat wie net oars, ik hie tofolle oan 'e holle om der rouwich oer to wezen. Ik roun de seal troch en it tún yn. Willem en syn dochter wiene nearne to sjen. Der wie wol in fiver, mar gjin prunus en gjin hertbrekkend toanieltsje fan wersjen en toloarstelling. Fan binnen kaem hantsjeklappen, dat ik sette yn wanhoop de seal mar wer yn. En dêr, ik bisaude my, seach ik efter de fleugel Beatrix sitten. Ik wist net hoe't ik it hie. Hja bûgde nei it publyk en sloech de earste akkoarden fan in wals fan Chopin oan. As Chopin ea formoarde is, dan dy jounes yn ‘Tivoli’. Ik mocht it fanke der op it stuit net om lije. Mar doe't hja twa walsen en in prelude kreake hie en oereingyng' mei in bûging en in glim fan hertforoverjende ûntskuldiging, dy't spesiael foar my ornearre like, draeide ik by. It folk klapte en stampte dat it in lust wie en ik die hurd mei. Der waerd gâns drank brûkt, as ik sa om my hinne seach wiene de achtbere oanwêzigen al aerdich fier hinne. Op sa'n joun koe it ek hwat lije, ik sil de lêste wêze om der hwat fan to sizzen.
Krekt doe't ik wer om Willem útsoe sette it orkest in tango yn. Ik die in pear hastige stappen nei de doar, mar waerd opheind fan in âldeftich platinablond wyfke. Plichtmjittich dounse ik de tango to'n ein, fan doel om gjin stap wer op 'e dounsflier to setten ear't Willem boppe wetter wie. Ik haw dy jouns gjin greate charmeursreputaesje efterlitten by de froulju fan de hegerein út myn stêd, dat is wis.
| |
| |
Ear't ik fuortkomme koe, kaem de kappersman it toaniel op stouwen en rôp dat elk by syn dame bliuwe moast, der soe in valse coquette dounse wurde en elk dy't dounse, moast in goune bitelje oan syn dounsfaem, ûnforskillich oft er boppe of ûnder de hûndert wie. It gie foar it g'oede doel.
Doe stoep de fint op 'e dounsflier, bitsjutte ús dat wy ús yn in rounte opstelle moasten en wiisde in stikmannich froulju oan om de douns to iepenjen. Sadré as der fluite waerd moasten de dames fordwine en de hearen dy't oerbleauwen moasten in oar frouspersoan sykje om mei to dounsjen. Spitigernôch waerd ik fan nimmen frege en it platina-frouminske likemin, dat ik moast foar it fatsoen wol stean bliuwe dêr't ik stie. Ik hie de moed al oerjown om noch ea forlost to wurden, doe ynienen stie hja foar my, Willem syn dochter. Ik hipte út 'e rige en dêr swierden wy hinne. Dit moast Willem ris witte, tocht ik. Doe seach ik har oan, tige fan tichteby. Hja hie in katte-each, dat wol sizze, de swarte lins fan it rjochtereach wie net roun mar ovaelsk, in smel streekje dat it blau yn twaën spjaltte. Net griis, mar blau, just....
Ik fielde dat ik hwat sizze moast en makke har in lef komplemintsje oer har Chopin, mar doe hie 'k it net ret.
‘Bah’, sei hja mei in prúllippe, ‘hwat falt my dat fan jo ôf. Hwat kinne manlju mislike flau wêze.’
Ik krige in kaem, mar bisocht myn figuer to rêdden:
‘Jo kenne my ommers net, hoe kin ik jo dan ôffalle?’
‘Ik bin op jou gesicht ôfgien’, sei hja, ‘boppedat, ik sjoch jo út en troch wolris yn 'e stêd.’
Der bleau my net oars oer as planút to sizzen dat hja Chopin formoarde hie.
‘Hwerom seine jo dat daliks net?’ Hja sei it heal-ôf-straffend, heal-pleagjend. Of siet der ek in tikje mankelikens yn?
‘Ik woe jo hifkje.’
Dy lêste leagen trape hja yn en dat wie de oanlieding ta hwat yntimer praet. Ik wie licht yn 'e holle, as sweefde ik boppe de minsken út. Doe't de fluit gyng, hiene wy winliken skiede moatten. Ik stie yn bistân, mar hja hâldde my fêst.
‘Soks is oars gjin wizânsje,’ sei hja. ‘Mar foar jo haw ik it wol oer.’ Sokssahwat alteast forstie ik. It fleach my nei de holle. Ik helle har hwat tichter nei my ta, en seach har yn 'e eagen. Wer dat katte-each. En nuver, it misstie net. It ûntnaem har gesicht it symmetryske dat guon frouljusgesichten sa forfelend makket.
| |
| |
‘Us mem woe perfoarst ha dat ik pianospile joun,’ sei hja. ‘Mem mient mar dat ik in talint bin. Hja wit neat fan muzyk. Hoe founen jo dat dounsjen fan har?’
Ik stammere mar hwat fan: net sa gek, wit ik it presiis hwat ik sein haw. Hja lake my út om myn gestammer. Earbiet foar har mem hie se net.
‘En jimme heit,’ sei ik, ‘hwat tinkt dy fan jou muzyk?’
‘Heit? Dy wurdt nochris tabak mei. Fljocht alles ôf, merken, konferinsjes, tabak, tabak, tabak. Mar ik wit jou namme net ienris.’
‘Ubbo Buma,’ liigde ik, sûnder to witten hwerom.
‘Wol ik jo ris mei ús mem yn 'e kunde bringe? Dy fynt it grif ynteressant, jo ha in klassyk gesicht. Hja is daliks wei fan ynteressante manlju. Der is ek noch ien by, mar dat is net slim. Sille wy?’
Ik seach gjin kâns om to wegerjen. It bloed fleach my nei de holle, as ik it fanke oanseach. Sa'n kâns koe ik net slûpe litte. De mem moast ik dan mar op 'e keap ta nimme. Allinne ien ding. It skeat my sa troch de holle hinne, ik wist net hoe en hwat:
‘Mar witte jo wol hoe âld as ik bin?’
Hja seach my oan, hifkjend, Efkes hâldden wy op fan dounsjen.
‘Ik soe jou heit wêze kinne’, forfette ik.
‘Nou, hwat soe dat? Hwerom net? Ik soe bêst mear as ien heit ha wolle.’ Wy dounsen fierder, sweevjend yn elkoars earms.
Mis, tocht ik. Yn ienen réalisearre ik my mei hwat doel as ik it frege hie: om oan 'e weet to kommen oft hja mei Willem praet hie. En ek, om to witten to kommen hoe âld as hja sels wie. Mar har antwurd koe ik neat mei.
‘Foar dizze joun meije jo myn heit wol wêze,’ sei hja doe, earnstiger yn ienen. ‘Us heit komt dochs pas let. Konferinsje yn tabak.’ Hja snúfde forachtlik. Earm bern, tocht ik, hja moast ris witte....
‘As jou mem it mar goedfynt?’ sei ik.
‘Us mem hat oer myn heit neat to sizzen, allinne oer har eigen man.’
It skimere my foar eagen. De tastân waerd der net trochsichtiger op. Miskien lei it ek oan de drank dy't ik brûkt hie. Myn tinksysteem wie hwat yn 'e war.
‘Kom mei’, sei hja. Wy hiene al trije dounsen dien, dat wy foroarje moatten hiene. It roun yn 'e gaten. Mar doe't
| |
| |
wy op har taffeltsje tasetten roun der neat yn 'e gaten, hwant it feest wie sa njonkelytsen op syn hichtepunt kommen, en hie in heap fan in bacchanael. It wie nou skoft en de obers hiene it drokker as ea.
Bûten Beatrix har mem sieten der noch in pear oan it taffeltsje, ûnder oaren de marine-ofsier, dy't opf allend wurk makke fan Beatrix. Ik waerd hertlik yn 'e rounte helle, al leau ik, dat de ofsier hwat toar seach. Amarins, sa sil ik har foar it gemak mar neame, bigoun daliks oer it pianospyljen fan har dochter. Mar dy kaem mei de klompen yn 't spul:
‘Menhear Buma fynt dat ik Chopin luguber formoarde haw.’
‘Pardon,’ sei ik, ‘it wurd luguber haw ik net brûkt.’
‘Mar jou gesicht sei it genôch.’ Hja lake my ta en kroep my suver yn 'e bûse, ta greate argewaesje fan de marineman, dy't in sigaret opstiek om him in hâlding to jaen.
Dit moast Willem ris sjen, tocht ik. Dat ik syn dochter ‘het hof’ meitsje. Willem syn dochter. Willem myn skoanheit, nei it bloed alteast. Yn ienen bikroep my it gefoel, as spile ik hjir in forriedersrol. As koe Amarins myn tinzen riede, op in stuit sei hja:
‘Hea, haw ik jo eartiids net wolris by menhear Regnery sjoen?’
Ik waerd der kjel fan, mar bihearske my dochs:
‘Ja mefrou, kenne jo dy?’
‘Hy kaem eartiids in soad by ús oan hûs.’ Hja forfoel yn in swijend drôgjen. De situaesje waerd pynlikernôch foar myn net mear nofteren brein. Ik seach al om my hinne om in kâns om út to piken nei feiliger oarden, doe't hja út har drôgjen opskrille en it wurd wer ta my rjochte:
‘Hy sit noch altyd yn Amearika, is 't net sa?’
‘Ja, mefrou, yn Brazilië, better net to witten.’
‘O soa....’
‘Hwat docht mem sleau!’ foei Beatrix yn ienen út. ‘Hwat kin mem sa'n man skele.’
‘It is nuver,’ forfette Amarins - ik soe de wei fan lijen oan 'e ein ta gean moatte - ‘mar ik miende nyskes dat ik him seach. Frjemd net?’ Hja seach my oan, as woe hja mei de eagen yn my opkringe. Ik wist net hoe't ik it hie.
‘Men kin soms nea witte,’ sei ik. ‘Men heart fan nuvere dingen.’
‘Spiritisme en sa,’ rôp Beatrix - it wie op in stuit dat der in ûntsettend kabael yn 'e seal opgyng - ‘witte jo dêr
| |
| |
hwat fan ôf, menhear Buma? It ynteressearret my allemachtich. Toe, fortel op.’
‘Menhear Buma?’ sei Amarins fornuvere. ‘Buma? Ik miende, dat jo Dalstra hieten. Wibo Dalstra.... Of mist my dat ek al....’
Hat dat minske my foar de gek? tocht ik. Skerp seach ik har oan, foarsafier't ik noch yn steat wie om skerp to sjen. Mar hja hie gjin wrede bidoelingen, oer har antlit lei in flues fan neitinkende melankoly. Ik seach mar ien ding mooglik: trochlige. In nij forheftich kabael joech my de kâns om my to birieden:
‘Ubbo Wibo Buma Dalstra, is myn folsleine namme. Ik spylje soms de beide helten fan myn namme tsjin elkoar út, sjoch.’
Beatrix hie gjin each fan my ôf:
‘Dan binne jo grif fan adel.’
‘Ha 'k west. Mar ien fan myn foarâlden wie anarchist, yn de dagen fan Tolstoi, en dy hat syn titel ôfkocht, of forkocht, ik wit it net mear.’
Hawar, ik wie der nou trochhinne en lansearre de iene leagen nei de oare, oant ik mysels der yn bitiisde. Mar hja murken der neat fan. It like my ta dat gjin brein yn 'e seal mear ta reedlik tinken yn steat wie. Op heldere stuiten forflokte ik mysels, Willem Regnery en it kranksinnich aventûr dêr't ik my om him yn stutsen hie. Mar dan raende ik wer wei yn 'e eagen fan Beatrix, dy't my sahwat opswolgen. De marine-ofsier wie al lang sûnder groet weiwurden. Ik wit ek net presiis mear op 't rychje ôf hwat der letter noch allegear sein en bard is. Inkelde dingen wit ik noch klear, sa, dat Amarins op in stuit tsjin my sei:
‘Soe Willem wol witten ha, dat ik in dochter ha?’
Dit mins klaeit har foar my út, tocht ik by mysels, mar ik provosearre út myn dronkenskip mar wer in andert:
‘Jawol, hy hie it doedestiids yn ien fan 'e kranten lêzen dy't ik him tastjûrde. Ik haw der sels in read hokje om hinne setten.’
‘Wisten jo dan dat hy wol by ús oan hûs kaem? Hat er it wolris oer my hawn?’
Ik wit net mear hwat ik dêr op sein haw, mar it liket my ta fan neat, hwant ik wol leauwe dat der doe in ein oan it skoft kaem en dat it programma wer bigoun.
‘Frjemd,’ sei Amarins noch tusken twa nûmers yn, ‘wy ha tael noch teken mear fan him heard.’
| |
| |
‘Och mem,’ hearde ik Beatrix neist my sizzen, ‘hâld nou ris op mei oer dy man iderkear. Mem koe wol forkearing mei him hawn hawwe.’ En hja bigoun wer tsjin my, ik wit net mear hweroer, ik leau fan oer dy marine-ofsier. En dat der dy jouns noch al ien in skot op har weag'e hie.
Hawar, de ein kaem lang om let. De hiele seal wie boppe syn théwetter. De boargemaster bleau yn in speech hingjen omt er net mear prate koe, en ik seach noch krekt dat de frou fan de siktaris út de earms fan in soarte fan bierbrouwer wei de tonge nei my útstiek. Nou, wylst ik dit skriuw, bigryp ik wol dat it har wraek wie. Doe tocht ik earder oan freonlikheit en sportiviteit. Beatrix seach krekt deselde kant op en soe der op ynfreegje, doe kaem de marine-man wer opdaegjen mei har mantel. Hy soe jitris in kâns weagje, en ik leau dat ik in haetlikheit op him loslitten haw, mar krekt wit ik dat net mear. Yn alle getallen, myn ôfskied fan Beatrix wie sa hertlik as it mar koe en wol yn steat om de marine-man ta yngrevene jaloerskens to bringen. Hja sloech my de hannen om 'e hals en patte my yn it publyk. Ik moast ûnthjitte dat ik mei gauwens by harren komme soe. Myn ôfskied fan Amarins wie like hertlik. Ik moast de groetnis fan har oan Willem Regnery oerbringe, as ik dêr gelegenheit ta krige. Doe ried harren auto fuort. Beatrix weau my ta troch it efterrút.
Ik sette op hûs yn. De kâlde nachtloft waeide de nearzige tinzen hwat út my fuort. En it probleem dat my nou wer klear foar eagen stie, wie: hwer is Willem keard? Der wie mar ien oplossing: hy wie der foar omlizzen gien, der útpykt en lei by my thús op syn bêd of siet philosofysk yn syn âlde apathy wei to smoken. Mar thús foun ik alles tsjuster. Ik knipte oeral it ljocht op, gjin spoar fan Willem, gjin tabaksreek, neat. Ik roun it treppentsje op nei de útfanhûzerskeamer, kloppe op 'e doar.... neat. Yn ienen sloech myn hert wyld fan kjeltme: hy koe himsels tokoartdien hawwe op 'e badkeamer, hie syn polsslachier trochsnien en wie al lang deablet, wylst ik mysels yn leagens siet to fortizen by syn dochter en har mem. Ik doarst de badkeamersdoar suver net iependwaen, mar twong mysels. Hoeden taestte ik nei de knop fan it ljocht, draeide dy om en seach foarsichtich om 'e doar, op it slimste ré. Neat. It hert bounze my wyld foar de kiel. De húshâldster, dy't wekker wurden wie op myn geheister, forskynde yn har lange giele nachtpon, en wist fan gjin Willem ôf. Thús hied er net west.
| |
| |
Dat dan de strjitte mar wer op. Foun ik him net, dan de polysje yn 'e earm. Krekt hie ik de moed forlern en soe ik by ‘Tivoli’ yn om dêr de polysje to skiljen, doe't in syddoar oan 'e kant fan de soasiteit iepeng'ie en ik de ober heal en heal bûtendoar sizzen hearde:
‘Efkes geduld hearen, hy kin hjir sa wêze.’
Ik bleau stean, ôfwachtsjend. Twa manlju kamen sjongend ta de doar út. Har hiele repetoire bistie út ‘O dy Mari Mariandel.... O dy Mari Mariandel.... ’
Hja stuitelen by de stiennen treppen del en hiene de earms om elkoars skouders. De ober skodholle en seach de strjitte út. Hja wachten op in taxi. Ik soe de greate yngong yn, doe seach ik ynienen ien fan de twa mannen him losmeitsjen en tsjin my roppen:
‘Ha, dy Wibo! Ald strûk, âlde.... ’
It wie Willem. Ik die in pear stappen tobek, alhiel forbûke.
‘Ha, dy Wibo’, staette Willem der út op dronkemanstoan. ‘Of wo.... wo'st my net mear kenne.... Wibo, to nou, wolst wol leauwe.... Wibo.... ik bin de kening to ryk. Kom ik dêrstrak.... nei dat bl... .blautsje.... hik.... yn 'e ves....vestibule en hwat sjoch ik dêr.... myn âlde fr....freon Hero. ... kènst him?’ Hy wiisde op 'e oare. ‘Hy d....docht yn tabak.... en hy hat in dochter.... in dòchter, man, wolst wol leauwe.... ik haw fan myn li.... libbensdagen noch noait sa'n do... . dochter.... yn 'e eagen sjoen.... Hi....hik.’
Mear forstie ik net. Op itselde stuit kaem de taxi oanriden. Ik trille op myn skonken doe't Willem knoffelich yn 'e auto skoude, earst mei syn boppe-ein en op 'e earmtakken, Syn hoed rôlle oer it trottoir. De chauffeur krige him op en doe soe de oare man der yn. Mar doe't er heal en heal troch it portier hong, klaude er muoisum tobek, kaem op my ta mei in rare skeve gisel, sette my de wiisfinger op it boarst en sei:
‘'t Is dat myn dochter forkearing hat mei in mar.... mari....mariandel.... hwat siz ik, mei in marine-keardel, mar oars.... It is in bêste keardel, dy Willem, al is er sa dea as in kroade.... ha dy Willem.... âlde freon, âld strûk.... dat wy elkoar nei safolle jier wer op it skouder.. slaen.... kinne.... Mari.... Marian.... ’
Op dat stuit stroffele er oer in stien en rekke langút op 'e rêch. De ober, de chauffeur en ik hutselen him wer op 'e
| |
| |
wippelige skonken en ta de auto yn, Doe stiek er my troch it portier de hân ta en fûstke lang en yngeand, mei alle dronkemansstúdzje, en sei:
‘Salon, jonge, salon. Willem, dy freon fan dy.... dat is.... dat is.... Is 't net sa, Willem....’ Fierder forstie ik neat, de auto naem in draei. Op itselde stuit seach ik, yn it ljocht fan in strjitlantearne, de tabaksman yn 'e eagen. Hy hie in katte-each.
***
Doe't ik thúskaem, haw ik noch in healûre op Willem wachte. Krekt doe't ik op bêd soe, hearde ik in auto en geskarrel by de foardoar. De chauffeur en ik ha him togearre nei boppen tôge en op bêd lein. Hy song noch nei fan Mari.... Mariandel. En ienris, in stuit fan helderheit, sei er, by forsin tsjin de chauffeur:
‘Wibo.... as ik dy Marine net tsjin hawn hie.... dan....’
Ik knikte guodlik tsjin him. De saek waerd my stadichoan klearder.
De oare middeis siet er bleek by de tafel mei in ellindich tragyske kop.
‘Ik set aenst ôf,’ sei er, mei in lûd, deader as ea, ‘der is hjir neat dat my bynt.’
‘De stim fan it bloed’, sei ik spotsk.
‘Stik!’ sei er. It wie, op in hastige ôfskiedsgroet nei, it lêste hwat ik fan him hearde. De middeis is er nei Amsterdam reizge om de oare moarns mei it fleantúch nei New York.
Ik bin mar net by de tabaksfamylje oanroun.
|
|