De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 172] [p. 172] Hindrik J. Brouwer: Trije gedichten. Byld. 't Ald minske skrept yn 'e beibeamkes om Mei sniewyt hier en de rêch is krom. Fiif dochters hat hja it libben jown: Twa ha om fierrens in oar wensté foun. Twa binne troud, mar men sjocht se hjir nea; Ien is forsein oan buorman Dea. Hja leit yn in tintsje ûnder 'e parrebeam, En sjocht nei de weagjende wite stream Fan sleatswetter, dat op syn plak net bliuwt, As de wyn der syn boartlikens mei bidriuwt. Neat bliuwt bistindich op 'e ierde; Hwa wit, moat hja net mei gauwens skiede. It wurd is fortroud, al wurdt it net sprutsen: Mei koarten wurdt hjir in libbenstrie brutsen. Al 't minskdom is forsein oan buorman Dea It himelblau wurdt rounomflamjend rea.... Dêr komt er al oan, mei fakkel en seine, It is as sil it swevel reine.... De âlde en de jonge binn' like nei, En al wrâlds gloarje is rju foarby. Hjerstmis. O sjoch dit lân, mei dizen dutsen, Dêr't dei oan dei de sinne djipper sinkt, As mei in stûfe koarde lutsen Nei oarden dêr't hja ljochter blinkt As ea to uzes. En de dagen komme, Dêr't m' amper 't reinich antlit mar fan sjocht, Of hja binn' hinnetein, en dy't forsomme Yn simmerdei to soargjen, hat gjin nocht. [pagina 173] [p. 173] Mar eftermiddeis geane de gerdinen Yn rimpen skouwen, d' ien nei d' oare ticht. Elk skikt him om in warem plak to finen, En by it kleare lampljocht sjongt as in gedicht Dit feilich fielen troch de minske hinne: Dat er mei oaren om 'e tafel sitte mocht, Yn praet en wèrpraet; en de bliere sinne Fan 'e ienried'gens jowt it klearste ljocht. Pinkster. It Kristendom is âld, mar God is ivich nij. Hy sprekt syn libben wurd ta alle tiid en folken; Hy brûkt de wyn as boade en lôgen as syn tolken, Dy't op ús hollen falle en as yn wurden wy To stallen tinke hwat wy yn ús ha, Streamt kleare hunich oer ús lippen oan wrâlds einen ta. Vorige Volgende