De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 169]
| |
Dr. Giacomo Prampolini:
| |
[pagina 170]
| |
en dochs kin ik syn hânskrift sekuer foar my krije. It wie net sa botte lêsber; hy hat my op syn minst in kear of tolve skreaun, nei ús earste - en iennichste - moetsjen. Hy hie doe - in moanne of hwat earder - yn Spanje en Marokko west; hy hie in ljocht pak klean oan, en krekt dat pak fan sines (it iennichste dat er by him hie, dy reis nei Itaelje) waerd op in joune bidoarn fan in bryk ûngemak. Hwant myn skoanheit woe, om ús iters to forgastjen, in flesse reade skomjende wyn ûntkoarkje; de koark spatte tsjin de souder oan en sahwat alle wyn der efteroan, dy't Marsman krekt oer syn lea en knibbels krige. Wy laitsje, en Marsman hâldde him ek fleurich, mar hy siet der, lyk as to bigripen is, oer yn noed. Op in middei wiene wy - Marsman, syn frou en ik - to kuijerjen nei de Stêdstún en wy wiene dêr sitten gien, op in houten bank, ûnder in bloeijende wylde kastanjebeam; mar boppe ús hollen, yn 'e tûken, sieten douwen, dy't hwat hja kwyt woene op myn grize hoed falle lieten. Wy laken ek diskear en forhuzen gau nei in oar plakje. Marsman wie net in greate prater; hy praette stadich, as ûndersocht er syn wurden, om der wis fan to wêzen dat dy syn tinzen net krûmlûke soene. Mar hy lei in folsleine, djippe waermte yn elk fan 'e sinnen dy't er útspriek: de waermte fan in kunstner dy't striidt mei de matearje en dy bihearskje en twinge wol. Wy hiene lake, en letter kaem hommels de oarloch op. Yn it foarjier fan '40 stjûrde Marsman my de printkladden fan syn ‘Tempel en Kruis’, mei inkelde poatleadoantekening'en fan sines; op it pakje sieten Frânske postsegels, mar gjin adres dêr't ik oan weromskriuwe koe. Myn skoanheit wie krekt weirekke; ein Maeije waerd ik, as ynfanterykaptein, ûnder de wapens roppen: hoefaken haw ik, yn dat kamp op 'e bergen, tinke moatten oan myn Nederlânske freonen, oan dy dichters dy't sa alhiel natuerlikwei myn bruorren wiene, oan dy stikken fan myn forline; ha ik my ôffrege hwat der fan harren wurden wie. Pas twa jier letter, yn April '42, doe't ik al omreden fan sounens ûnder tsjinst weirekke wie, fornaem ik it lot fan Marsman, fan Du Perron en safolle oaren.
Lang om let kaem der ek oan 'e ‘totale’ oarloch in ein. Mar wy, dy't it libben der ôfrêdden hawwe, wy fiele har by ús, yn ús formidden, dy deaden: de oarloch hat se op- | |
[pagina 171]
| |
easke en dizze harrewarrige frede fan hjoed de dei jowt se ús werom. Hwerom soene hja dea wêze, as wy it net yn ús biwarren? Hwerom is harren it libben binaem, as wy harren nammen net forfarskje en forwaermje mei de treurnis fan ús neitins? Oan Jo, Marsman, kammeraet fan inkelde ûren en freon de jierren troch, oan Jo mei Jou glimkjen, sa seldsum en sa fyntsjes-trystich, dizze groetnis fan de Italjaen dy't - op 'e dei dat de sé Jo nei him nommen hat - ‘offisjeel’ de fijân fan Jou heitelân wie.... |
|