De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 130] [p. 130] Kees Jongsma: Swalkerspetear. De swarte pleats broeit yn syn tsjuster nêst, Syn finsters sparkje falsk as katte-eagen; Ek dizze nacht binn' alle doarren skoattele en fêst En is de gollens fan dy boer in leagen. Binearjend krast yn 't hege beamt' de ûle-rop, d' Unrêstige nacht hat foar dy boer syn reden: Moarnier hat er de dobben en groeden yn 'e kop Fan swiere sliep en oare hurdichheden. De hege foarein is ûnnimber as in stins, En d' ienling dy't de drompel oerkomt, mocht der Wol weet fan ha dat er dan giet as prins: In folle pong en stiket om de dochter. Dan sil er fuort al siferje: dit adellik sop Dat siert de frucht jit foller en ek moaijer; In erfskip foar syn neiteam: kening-yn-de-dop, Mar slimmer: earmer as it erfskip fan in skoaijer. Hwant as ìk stjerre moat, ik winskje, as it past, Tsienris de ein leaver yn God's frije oarden As ièn bienige hân yn de bêddekwast En de oare knypt tusken strôt en rabottekoarde. Hiem by 't hjerst. It hiem foar de âlde pleats: in frelle dy't al âldfaem wurdt, forjierre gloarje fan alear, it libben giet werom yn 't bûthûs, op 'e telle en greatfeint Hein fiert mei de lytsfeinten petear: de wyn dy't beart dat it bynt knapt yn 'e spanten, it reidtek dêr ûntklaeid, leafst âld en g'rien bimoast, de rein, dy't fûl en koart snjit ont yn ierde' yngewant en djippe spoaren wider en fol wetter hoast. Hein selst fandelt de blêdden, mar sparret de krysanten, Syn trêd op 't tinne gêrs is wis en desolaet, Strewel en lineleane lit er syn trawanten En tilt forheard in deade protter fan it paed. Vorige Volgende