| |
| |
| |
Kronyk fan it proaza.
Anne Wadman:
‘Flinke kerels melden zich....’
Abe Brouwer, SYN GREATE KAMMERAET. De roman fan in jonge. Uitg. v/h C. de Boer Jr., Amsterdam 1949.
Om diskear ris oan 'e earslingsein to bigjinnen: Abe Brouwer syn lêste boek (en it sit hjir yn ien span mei dy fan Cuperus en Lodewyk, sadat men dit forskynsel hast symptomatysk neame soe foar de s.n. ‘folksskriuwers’) sit stiiffol printflaters. Om exact to wêzen: ik telde op 20 willekeurige blêdsiden meimankoar 168, dat is dus 8,4 de side, en nei dizze noarm oer it hiele boek in 1680. Fansels hat dit neat to meitsjen mei Abe Brouwer syn forteltalinten, mar miskien soe in opmerking as dizze, foar de variaesje yn in krityk ris foaropset, dizze en jinge útjower ris in lyts pripke jaen kinne de kant fan de foar Fryske boeken sa breanedige typografyske hygiëne op.
Fan de fortelkunst fan Abe Brouwer diskear neat, alteast gjin kwea. Ik haw dit boek yn ien middei útlêzen, dat my net faek bart mei Fryske boeken, - en ik sil net sizze: dizze Romantyk fan de Sé, libjend yn it hert fan in Fryske jonge, hie grif minder reporter fine kind. As reportaezje (en dy wearde hat it boek nei de ein ta iderkear mear) hat it bipaeld gunstige kanten: libbene, boeijende forteltrant (al bliuwt de taelfoarm, ek nei de kant fan it Frysk, breklik), net sûnder humor (al is dy yn 'e Marinierspetearen wolris hwat forcearre), goed dokumentearre (alteast yn 'e eagen fan in leek). It thema is net nij, sa âld as de sé, soe men sizze wolle, en dochs makket it boek troch syn feart en floatens in frisse yndruk. Ek op 'e psychology wol ik it measte net ôftingje: it is sa'n soarte fan moadewurd hjoed de dei: de litteratuer wurdt langer sa oerpsychologisearre, dat men spontaen bliid wêze kin mei hwat bjusterbaerlikheden lyk as in heit, dy't om syn jonge fan alve jier de smaek fan 'e sé ôf to learen, op in nacht in smoardronken matroas dy't er op 'e dyk oppikt hat, by dy jonge op bêd stjûrt. Binammen kostlik as men wit dat dyselde heit sa skoan op 'e hichte is fan it bistean fan forkearde froulju, mar fan forkearde manlju sa't liket gjin weet hat.
| |
| |
Der stiet yn alle gefallen hwat foaroer. De heit mei in paedagogysk monstrum wêze (as sadanich nammers net alhiel oannimlik makke), de mem mei yn it skaed bliuwe, de haedpersoan mei ús yn syn Mariniersbikearing ta ‘flinke kerel’ net alhiel oertsjûgje omt wy net wisten dat er foartiid sa'n sloppe sukkel wie, - yn Johannes Basteleur en kaptein Helfrich hat de romanticus Abe Brouwer ús twa feguren skepen, dy't, hoewol net oer alle boegen origineel, jin dochs bybliuwe.
Né, myn greate biswier jildt de mentaliteit dêr't dit boek út wei skreaun is. De driuw nei de sé wol ik gjin kwea fan sizze: de fierte sit, seit men, ús Friezen yn it bloed, en ik wol dat graech sa litte. Dat dy sé gâns lytsboarg'erlikens fan in minske ôfspiele kin, nim ik by foarrie oan. Mar ik kin it net oars sjen as dat Brouwer yn syn protest tsjin de iene lytsboargerlikheit hals oer 'e kop yn in oare lytsboargerlikheit falt. Tsjerk Offringa mei syn langst nei de sé, sjocht linkenoan yn de Marine syn great ideael. Net in momint komt it yn dy, oars wol trochtinkende jonge, dy't sa ompakt mei syn dilettantyske maneuvels yn 'e erotyk, op, dat dy Marine as 't nypt neat oars is as in ynstelling dy't les jowt yn en tariedt foar it moardzjen. Hy bliuwt yn it glânzich kleurke hingjen en sjocht net it militarisme dat dêr ûnder skûlet. Miskien is it fan sa'n jonge, en grif fan kaptein Helfrich (dy namme liket net tafallich!) to bigripen, mar fan de skriuwer net.
Ik wit it, - it anti-militarisme is gjin tel hjoed de dei. Wy binne der to hard boiled foar wurden. It is sels fortocht om jin pacifist to neamen. Ik haw it rjocht ek net en gean sa fier, - al jow ik mysels dêrmei in brevet fan geastlike earmoede en ûnkristlikheit, fan tokoart oan moed boppe-al. Hwant net yn 'e ien of oare Daemon oer de grinzen leit it greate oarlochsgefaer (al wol ik it bistean fan dy Daemon net ûntstride), mar yn ús eigen herten binammen. En men kin tige goed fan de skriklike needsaek oertsjûge wêze fan dat men der nou ienris Marinen en Air Forces ensafh. op neihâlde moat, - de kleau tusken praktyske politike en strategyske needsaek èn it pronkjen en paradearjen is to wiid om der mei in loftich hipke oer hinne to gean. En hjir leit it gefaerlike yn it boek fan Brouwer: it bimantelt ûnder in romantysk flues-fan-de-sé de moardnersynstinkten yn de minske. Gefaerlik is it dêrom binammen foar bern, en dêr is dit boek nettsjinsteande alles dochs ek
| |
| |
noch foar ornearre, as men ûnder bern forstean wol de opgroeiende jong'erein fan 15 oant 20. Ik wol dit sizze yn likefolle simpele wurden, ek al aventûrje 'k dêrmei fan de sedemasters foar sedemaster útkriten to wurden. Gjin rigel yn it hiele boek tsjut der mar op, dat it ideael fan Tsjerk Offringa yn lêste ynstânsje delkomt op it formoardzjen fan minsken, op 'e deadlike striid fan ‘ús’ jonges tsjin oarmans jonges, Gjin resensint, by myn witten, is der oer fallen. Op in staveringssint binne hja deaf allen, de mentaliteit lizze hja de mantel der leafde oer.
Miskien leit it oan my, miskien is sels it militaire gegnister polityk-psychologysk needsaeklik foar de hurde réaliteit dêr't dit âlds Europa hjoed de dei yn libbet. Mar dochs, dizze forhearliking fan it geskitter en gesketter, dizze oranjelol yn in paradepakje, dizze forôfgoading fan Tromp, De Ruyter, Tsjerk Hiddes et tutti quanti, dit gejûchei foar ‘ús’ flag'ge, foar ‘ús’ krêft, foar ‘ús’ koloanisaesjekapasiteiten, foar ‘ús’ plichtsfielen, dizze geast fan ‘Flinke kerels melden zich voor de Waffen-SS’, kearels dy't yn in flok en in sucht fan lijerige, slopankelige sukkels opkweekt wurde ta hurde, feardige, kante knapen, ré foar de ‘frische fröhliche Krieg’, - ik leau dat dêr in protest tsjin hearre litten wurde moat. Ien sitaet, en de lêzer wit hwer't ik op doel (s. 135):
‘It like wol en it wie ek yndied sa, dat se harren hjir (op it opliedingsskip Atjeh - nomen est omen) thús fielden, ûndanks de dissipline. Hja waerden nou echt jongkeardels! De rêch, eartiids faek slop, wie nou rjocht en strak en de holle stie los en ûnbihindere op 'e hals.
De fuotten, dêr faken samar hwat hinnebokseljend waerden nou optild en wer delset as fregen se omtinken! De hannen hwer't men eartiids faek forlegen mei wie, slop en altiten yn 't paed bongeljend, regelen har nou as fansels yn it rythme fan de gong’.
Giet men by de Marine om dàt to learen? My tinkt kin men dan by tûzen gymnastykforieningen torjochte.
Foar de rest soe ik forwize wolle nei de nijsgjirrige artikelrige ‘Volg het spoor terug’ fan J.B. Charles yn de ôfroune en de nije jiergong fan ‘Podium’.
It militarisme as hurde realistyske needsaek is gjin probleem mear, spitigernôch. It militarisme as prinsipe moast ek gjin probleem wêze. It militarisme as kleurich ferniske kin it net wêze en mei it net wêze. Mar 't is ek sa - okkerdeis lies ik dat neffens it lêste opiny-ûndersiik 13 % fan de Nederlanders noch nea heard hawwe fan in oerienkomst tusken Nederlân en Yndonesië. Hwat moreel bisef kin men fan
| |
| |
sa'n naesje forwachtsje? En hwat moat der fan sa'n folkje wurde, as de skriuwers, sels de folksskriuwers, oars sa fol morele tûkelteammen en reserves, sa fol paedagogyske forantwurdlikheit as it oer ‘forkearde froulju’ giet, fan herten meidogge yn 'e parade? Abe Brouwer forachtet de ‘forkearde froulju’. Hy soe hwat breder sjen. Gebot 7 mei syn aktualiteit net forlern hawwe, gebot 6 bliuwt fan in tûzenreis skrikliker aktualiteit.
En yn 't bisûnder docht it my sear dat in Frysk skriuwer mei ûnboargerlike aspiraesjes him ta tolk makket fan dizze Hollânsk-boargerlike stjerre- en knope-, Van Speyck-Van Heutz-romantyk, dy't yn wêzen mei de romantyk fan de sé neat mear fan dwaen hat.
| |
‘Misbigryp ut stansforskeel.’
Harm Lodewyk, ‘YN OARE WEI’. Utjowerij Koster, Snits s.j. (1949).
Dat de boeken fan Harm Lodewyk mei ‘litteratuer’ net it measte út to stean ha, mei bikend achte wurde. Yn safier bringt ‘Yn oare wei’ ús net folle fierder, al is der om sa to sizzen ‘foarútgong to fornimmen’. Breklik fan tael en styl, simpel fan motyf en intrige, oerflakkich fan útwurking en ynwindige struktuer en earm oan psychologyske nuancearring', appellearje hja oan de simpele sielesteat fan net-mearanalphabeten, foarmje hja in wolkom soarte fan lês-iten dat der by in great part fan it Fryske folk yngiet as slaed. Mear as traktaetsjes mei in bellettristysk omskot foar de kamoeflaezje binne hja forhalen mei in Kristlik-positive tendins, dy't nearne hinderlik wurdt foar oarstinkenden. Krityk op eigen formidden, al is dy sa prinsipiëel net as by Cuperus, fynt men ek yn syn wurk. Dêrby is it binammen it erotysk elemint dat Lodewyk syn boeken, oars as dy fan Cuperus, populair makket by de opgroeijende jongerein.
Hwa't leaut oan in absolute skieding tusken litteratuer en lektuer, en de earste like heech set as er de twade fordomt, moat sokke boeken net lêze, der yn alle gefallen net oer skriuwe, hwant syn krityske argewaesje sjit folslein oer de réaliteit hinne. Hwa't fan de prinsipiële hâldberens fan dy grins noch sa wis net is, kin fêststelle, dat Lodewyk gjin útrinder is, mar in biskieden man, in moedsum klauwer, dy't nea masterwurken produsearje sil, mar dochs stadichoan foarútbuorket yn de slimme kunst fan it ‘skeppen’, en fan hwa't it alteast sympathyk is dat er syn snaren net to stiif spant.
| |
| |
Leafde en stânsforskil, - dat is it ieuwenâld stramyn dêr't dit boek op borduerd is. Fierders in misdied dêr't de forkearde op oansjoen wurdt. In stûfe boerinne mei Kristus yn 'e mûle en heechheitswaen yn 't hert. En yn Tamme Bot, de haedpersoan, de striid tusken syn beide leafdes, de boeredochter en de fiskerij. Nij is it net en. bytiden hinget it forhael oan tige swakke triedtsjes tafallichheit. Hwerom b.g. wol Tamme, as er fortocht wurdt, net sizze hwerom't er dan àl op it hiem wie? Hwerom dy hiele komplikaesje fan de wraek fan de Noarman, wylst it forhael fan in mislearre leafde sûnder dat bymotyf helte sterker west hie?
Mar goed. In happy end wurdt it diskear net, en it liket my ta, dat Lodewyk binammen mei de oplossing fan syn boek net sa'n minne goai dien hat. Tamme Bot kriget as persoanlikheit relief en de wurklikheit syn g'erak. Binammen yn 'e ein steane siden dy't jin tige meinimme, tomear omt Lodewyk bytiden koart krieme kin (de leafdesscène op bls. 76 b.g.). Tamme syn weromkear nei it doarp tsien jier nei't er it forlitten hat, docht hjir en dêr Haisma-eftich oan (‘Hark, wrinzge Augusta yn 't kampke?’) mar is ien fan 'e bêste einen út it boek. Mar inkeld komt de rhetoryk om 'e hoeke: ‘Soe yn 'e takomst beider libben ek sa yninoar stringele wurde yn stille tagedienens?/Of soe de fûleindige stoarm fan misbigryp út stânsforskeel it wreed forskuorre?’ (s. 87). Dit kin ik net daeije, omt it sels foar de simpelste lêzer (dy't ik bin bytiden) in bilediging is, him sa ta to rieden op dy stoarm.
Ik hoopje ek dat Lodewyk de minsken tonei ris hwat minder pantsjerove, stoatskave, wraggelje, roeikje, skommelje, skonkje en klompkje litte sil, en bileaven minder kofjedrinke, dat er hwat sterker en origineelder wurdt yn de plastyk fan it fammelichem (s. 17: ‘it simmerjurkje kant om har moaifoarme lea’, s. 64: ‘it ljochte simmerjurkje spande strak om har moaifoarme lea’), dat er syn ivich ‘neat to goed, neat to folle, neat to dit en neat to dat’ ris farre lit, ophâldt mei pleonasmen as ‘Fleurich en mei in optein sin’, ‘oars gjin oar ideael as’, ‘suver altiid hast’, ‘it wie as koe er hast net....’, minder lêst krig'et fan dearinnende sinnen, stivichheden fan tael en jeuzelderichheit fan dit slach: ‘Net dat hja der oer tocht dat er har freegje soe en dan soe hja har ek noch tûzen kear bitinke moatte om mei him to gean, mar in aerdige jonge foun hja him, sa hiel oars as de measte jonges dy't hja koe’ (s. 22).
Dan sil ik der frede mei hawwe.
|
|