De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 122]
| |
Klaes Dykstra:
| |
[pagina 123]
| |
Japicx, nijsgjirrich wêze kinne, hoe't de opfetting' fan oersetten him hjir yn Fryslân troch de ieuwen hinne ûntjown hat. Edna Purdie hat dat lêstendeis dien foar Dútsklân op it stik foaral fan Shakespeare-oersettingen dêrre yn 'e achttjinde ieuGa naar voetnoot2), en skildert ús de earste oerset-fazen mei in inkeld praktysk doel: de ynhâld kaem it binammen op oan; om 1750 hinne krigen styl, foarm, sfear en klank fan it origineel linkelytsen har gerak ek, foaral ûnder ynfloed fan Herder; en it wie letter Schlegel, dy't fierder op dat paed by poëzij-oersettingen de eask fan trou oan foarm en bitsjutting yn in rigel-foar-rigel oersetting foaropsette woe: ‘mei in trouwe werjefte fan de ynwindige fariaesjes fan it originele patroan, en fan it patroan sels, yn de foarm fan in oersetting dy't ek de bitsjutting krekt werjoech’. Dr A. Weijnen komt deselde kant út nei it fortsjinstlik skiftsjen en hifkjen fan in mannichte uteringen fan dichters en litteratoaren fan namme ta in bifredigjende einkonklúzje: ‘Er is dus maar één soort vertaling te verdedigen, n.l. die welke op de hoorder/lezer voor wie de taal waarin de vertaling vervaardigd wordt (de zgn. tweede taal) de moedertaal is, dezelfde indruk maakt als het origineel op degene voor wie deze tweede taal de moedertaal is, doch die tevens een ruime kennis bezit van de taal waarin het origineel geschreven is, de zgn. eerste taal, een zodanige kennis n.l. dat hij de tweede taal wel goed meester is, maar haar toch nog als vreemd aanvoelt’.Ga naar voetnoot3) Bitingsten dêrta binne dan: trou oan ‘verstandelijke inhoud, emotionele inhoud, stijl, massa, orde, klankindruk, dramatische expressiviteit en poëtische intensiteit. Met opzet kozen wij de hier gebezigde volgorde. Wij bedoelen in deze ook uit te drukken welke elementen het laatst opgeofferd mogen worden’Ga naar voetnoot3). It net fêsthâlden oan dizze bitingsten bringt mei, dat de oersetting fan in bêst útlânsk origineel hoegenamt gjin ynfloed hat op it litteraire peil fan it taelgebiet fan de oersetter. As typysk foarbyld dêrfan yn Fryslân kin men net better fine as Waling Dykstra's Fryske biwurking fan Tennysons ‘Enoch Arden’: ‘Inne Harmens’Ga naar voetnoot4). Dêr bliuwt neat fan Tennyson yn oer, en ek neat fan 'e Ingelske lâns- | |
[pagina 124]
| |
douwe: Waling Dykstra fortelt it forhael allinne yn syn eigen trant en lit it yn Peazens oan de sédyk spylje: rym wurdt onrym, omt de measte Fryske lêzers it ‘sa al sa ljeaf scoene lêze wolle’. ‘Inne Harmens’ hat gjin wearde krigen as bining tusken twa folken. It oerbringen fan ‘Enoch Arden’ hat foar Waling Dykstra net in geast-slypjend litterair wrakseljen west; ‘Inne Harmens’ is dêrom gjin spier weardefoller as elk oar, oarspronklik forhael fan Waling Dykstra. Men kin tsjin de eftergroun fan it foarôfgeande, ta yllustraesje fan de slimmichheden, dêr't in oersetter mei to krijen hat, tige gaedlik de Yeats-oersettingen fan Dr Kalma kiezeGa naar voetnoot5). Komme dizze oersettingen it ideael binei? Meitsje se op 'e Fryske lêzers deselde yndruk, dy't it origineel op 'e oersetter makke hat, of oars frege: strykt de sfear fan de oersettingen mei de ynlieding, dy't de oersetter dêr oan foarôfgean lit? Dy ynlieding jowt in treflike karakteristyk fan Yeats syn dichtwurk, mar seit neat fan de styl; en dêr sit him nou krekt de oast, hwant Yeats is as dichter great, net allinnich om hwat er seit, mar binammen om hoe't er it seit. Syn earste stadium wie oerhearskjend melodieus en swier fan sier (it bêste foarbyld yn dizzen is wol The Lake Isle of Innisfree!), mar njonkelytsen liet er alle ornamint farre en kaem ta in skriuwtrant, meinimmend troch simpelens, mei in wurdkar ûntliend oan it praet fan alle dei, mar sa kunstich skikt yn kontrastwurking of mei parallellismen, dat it gehiel in alderwûnderliksten sfear opropt: Down by the salley gardens.
Down by the salley gardens my love and I did meet;
She passed the salley gardens with little snow-white feet.
She bid me take love easy, as the leaves grow on the tree;
But I was young and foolish, and now am full of tears.
In a field by the river my love and I did stand,
And on my leaning shoulder she laid her snow-white hand.
She bid me take life easy, as the grass grows on the weirs;
But I was ijoung and foolish, and now am full of tears.
Dit fers, alhielendal droegen fan parallellen, krijt yn 'e oersetting fan Dr Kalma in knoei wei fan komsa: Leech by de wylgehôven haw ik myn leafste moet;
By de wylgehôven gie hja, lyts, wyt as snie har foet;
Hja sei, nim leafde licht, as it leaf groeit oan de beam,
Mar ik, ûnwiis en jong, waerd troaid fan eigen dream.
| |
[pagina 125]
| |
Sa stiene hja en ik. yn dat stille streamelân,
Sêft op myn lynjend skouder lei har sniewite hân;
Hja sei, nim licht it libben, as it gers groeit by de daem;
Ik wie ûnwiis en jong, en 't lok is my ûntkaem.
It út ûntroering berne rythme fan it origineel krijt yn suver alle rigels in stuiterige werjefte, dêr't it abstracte sizzen ‘It lok is my ûntkaem’ mei yn oerienstimming liket to wêzen, steld foar it ‘full of tears’ fan Yeats oer. As foarbyld fan hoe't it ek kin, helje wy hjir de Hollânske oersetting fan Jan Enge'lman oanGa naar voetnoot6): Ginds bij de groene gaarden, heb ik mijn lief ontmoet;
Hoe licht in groene gaarden, hoe sneeuw-wit was haar voet.
Zij zei: laat liefde groeien, als blaren aan een boom;
Maar ik, te jong, te dwalend, verkoos mijn eigen droom.
Ginds in de groene weide, ginds bij de waterkant,
Heeft ze op mijn smalle schouders gelegd haar witte hand.
Zij vroeg: laat leven bloeien, als 't gras waarin wij staan;
Maar ik eens jong en dwalend, voel nu mijn tranen gaan.
Dizze ienfâldige Hollânske wurden roppe yn it rythmysk forbân fan it origineel in sfear op, dy't Yeats sinen net wanlyk is. Engelman mei de roas net sjitte, it is dôch kantroerend en hy rekket de skiif: Dr Kalma mikt faeljekant mis. Dat byld kin men, hwat Dr Kalma syn oare oersettingen oanbilanget, op fuortborduere, al moat men in útsûndering meitsje foar it lêste fers ‘De spylman fan Dooney’, dêr't hwat fan de tsjoen fan it origineel yn hingjen bleaun is. Hwat jowt ‘The Lake Isle of Innisfree’ mei syn koarte lêste kouplet-rigels net in bjuster effekt: I will arise and go now, and go to Innisfree
And a small cabin build there, of clay and wattles made,
Nine bean-rows will I have there, a hive for the honey-bee,
And live alone in the bee-loud glade.
Yn it ‘Mar-eilân’ giet it hiele aroma derôf, mei syn fiersten to lange fjirde rigele en ûnfolslein rym: Nou wol ik my hjir wei jaen en gean nei Innisfree
En dêr in klintsje meitsje fan tienen en fan liem;
Mei njoggen beane-rigen en in bijekoer dêrby
En wenje dêr allinne, yn it bij-trochgounze grien.
In koartere lêste rigele sa as bygelyks: En ienlik wenj' op it gounzjend hiem
(‘glade’ is in iepen rûmte yn in wâld) soe mei bihâld fan it originele rythme en it rym g'rif mear fan Yeats syn tsjoen biwarje. | |
[pagina 126]
| |
Klank-effekten kinne ek in rol spylje. ‘Aedhs winsk nei it Himeldoek’ mei de rigels: It blauwe en it dizige en it tsjustre doek
Fan dei en nacht en it skimerljocht
kin men dat yn sjen en hearre, as men de rigels fan Yeats der by leit: The blue and the dim and the dark cloths
Of night, and light and the half-light.
Mei bihâld fan rythme en mei in soartengelikens klank-effekt hie men miskien oersette kinnen: It blau en it griis en it swart klaed
Fan nacht en ljacht en it twiljacht.
Litdit genôch wêze as yllustraesjes fan foarm-tramtearringen (en dêrmei sfear-tramtearringen). Men kin de sfear fan in fers ek forniele troch de styl; it kaem by ‘De wylgehôven’ al effen to praet, en men kin dêr fierder skoandere foarbylden fan fine yn de oersetting fan ‘The Man who dreamed of Faeryland’. It liket, dat Dr Kalma út oanliz en troch rym-twang mei, himsels somtiden forliede lit om op ‘vleuglen van lyriek’ fan it origineel ôf to sweven. As Yeats yn ienfâldige wurden skriuwt: But while he passed before a plashy place
A lug-worm with its gray and muddy mouth
Sang how somewhere to north or west or south
There dwelt a gay, exulting, gentle race;
And how beneath those three times blessed skies
A Danaan fruitage makes a shower of moons,
And as it falls awakens leafy tunes:
And at that singing he was no more wise.
dan wurdt it yn de oersetting: Mar doe, in sé-birûze plak foarby
Song him in sé-wjirm, skier en ûnder slyk,
In tynge, der wie noard, súd, west in ryk
Fan lokkich folk, fol sang en dream as hy;
En hoe't, ûnder dy trij'ris seine loft
De moanne twirre troch de fruchtne floed,
Dy't siicht troch leaven mei in rûzjen froed
En al syn wiisheit flechte, foar sok noft.
Fêsthâldend oan Yeats syn trant soe it bygelyks wurde kinne: Mar doe't er lâns in sompich plakje gie
Song ta in moddrich sé-wjirm-bekje út,
Hoe't earne om 'e noard, of west, of súd
In fleurich, minlik folk syn wente hie.
Hoe 't ûnder 't swurk, dat trij'ris seine is,
'n Danaë risping 't moannen reine lit
En yn har fal swiet blêd-muzyk ûntstiet:
En sûnt dat sjongen wied er net mear wis.
| |
[pagina 127]
| |
Of, as Yeats skriuwt: And how, when fades the sea-strewn rose of day,
A gentle feeling wraps them like a fleece,
And all their trouble dies into its peace:
The tale drove his fine angry mood away.
wurdt it by Dr Kalma: En, hoe't, as deitiids roaze oer 't wide swynt,
Myld fielen as in flues forwynt har smert
Dat yn dy rêst har eltse noed ûntwaeit:
Hy wist net mear fan wrok, fan grym dy't tynt.
wylst wy, fêsthâldend oan Yeats' styl, bygelyks krije koene: En hoe't, as struid oer 't wiet de dei-roas taent,
Myld fielen as in flues forwynt har smert
En al har lijen yn dy frede stjert:
Dy stoarje hat syn eale grym to-raend.
Itselde skeinen fan styl en sfear fynt men yn de oersetting fan ‘When you are old’. It originele rym-skema a-b-b-a wurdt by Kalma a-b-a-b. Yeats: ‘When you are old’.
When you are old and gray and full of sleep,
And nodding by the fire, take down this book,
And slowly read, and dream of the soft look
Your eyes had once, and of their shadows deep;
How many loved your moments of glad grace,
And loved your beauty with love false or true;
But one man loved the pilgrim soul in you,
And loved the sorrows of your changing face.
And bending down beside the glowing bars
Murmur, a little sadly, how love fled
And paced upon the mountains overhead,
And hid his face amid a crowd of stars.
Kalma: ‘Ast' ald al bist’.
Ast' âld al bist en griis, fan sliep bisocht,
En doddest by it fjûr, nim dan dit boek,
En stadich lêzend, dream hoe 't ienris ljocht
Yn dyn sêfte eagen noege, en skaed dat loek;
Hoe't mennichien dy leave om blidens ryk,
Dyn skientme priizge (falsk of wier fan hert),
Mar ien man leave yn dy de siele, lyk
Hja oer dyn antlit hearliks tsjoende en smert;
En lústrje, bûgend by de gloed fan 't fjûr,
Hwat drôvich wol, hoe't leafde kaem en gie,
En kleau en riisde, greate bergen oer,
Oant, mank de stjerren, wei syn antlit wie.
| |
[pagina 128]
| |
Technysk de breklike kant it neist, mar mei bihâld fan sfear, styl en rym-skema fan it origineel soene wy bygelyks krije kinne: Bist griis en slûch, sitst by it hurdfjûr, âld,
To dodzjen, nim dû dan dit boek ris, bern:
Lês stadichwei, en dream fan 't sêfte sjen,
Dat iens dyn eagen hien', mei djipper skâd.
Hoe't mânlju holden fan dyn blierens licht
En fan dyn tsjeppens - earlik of gemien;
Mar dy't dyn siele leave, wie mar ien,
Dy hie ek leaf 't forâlderjend gesicht.
En bûch dan by it gleane fjûr en siz,
Wémoedich lústerjend, hoe't leafde têch
En stiigde oer dy hege berge-rêch
En yn in kloft fan stjerren weiwoarn is.
Alles gearfetsjend, kin it folgjende sein wurde: Dr Kalma hat by syn Yeats-oersettingen wol rûchwei de ynhâld fan it origineel werjown, mar dat net dien yn Yeats syn trant. As Yeats spegelklear is, wurdt Dr Kalma faek dizich; as Yeats simpele wurden brûkt, steane der by Dr Kalma faek gearstalde poëtyske konstruksjes. Rythme, klank, rymskema, ingrediënten mei fan Yeats syn harmonije, wurde to faken net achtslein, mei it resultaet, dat de oersetting net in harmoanyske sfear kriget. Dr Kalma printet syn persoan op alle oersettingen: it is Yeats net langer, dy't sprekt, mar Kalma. As Dr Kalma nou Yeats oerset of Shakespeare of Shelley of ‘Pearl’ of Molière: it wurdt allegear Kalma: wurk klaeid yn Dr Kalma syn by útstek persoanlik dichterlik idioom, dat yn syn swierwichtigens en kunstmjittig'ens de subtile ûntroeringen net werjaen kin, omt it net út 'e folkstael wei sjit. Kunstmjittige tael kin forheven skientme skeppe, mar allinne simpele tael kin ûntroere. And in the wood, where often you and I
Upon faint primrose-beds were wont to lie
Emptying our bosoms of their counsels sweet,
There my Lysander and myself shall meet.
(Shakespeare: Midsummer Night's Dream.)
En yn it wâld, dêr't faek ta dreamenoft
Us peaske-blomte noege, en mennich skoft
Wy lústren hwat sa djip ús tinzen boun,
Dêr moetet my Lysander moarn-to-joun.
(Kalma: Midsimmernacht-dream.)
Dichterlik bisjoen is it effekt fan it Frysk earmer as dat fan it Ingelsk: de ynhâld komt wol sa'n bytsje op itselde | |
[pagina 129]
| |
del, mar de rook, de kleur, it konkrete giet der ôf. Dr Kalma is hjir net salyk de oersetter, mar mear de oerbringer fan in oar syn gedachten yn syn eigen skriuw-trant. Dr Kalma syn kontakt mei it origineel is oerhearskjend (en dat is op himsels neat net slim) yntellektuëel, mar it gefoel (gefoel foar styl-effekt, sfear) stiet slim op 'e eftergroun: de emoasjonele ynhâld fan in origineel krijt yn Dr Kalma syn oersettingen syn g'erak net! Tajown, dat Dr Kalma yn syn genre in dichter fan great formaet is en yn datselde genre in great oersetter wêze kin, wy binne fan bitinken, dat hy as oersetter fan dichters, by hwa't de emoasjonele ynhâld tige wichtich is (sa as by Yeats bygelyks), de baen net útriden hat. Desimber 1949. |
|