De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 121] [p. 121] Marten Brouwer: Lokwinsk. Ik ha stoarre yn dyn stoarjende eagen en ik fiel jit it slaen fan dyn hert mar hwa't ek de skomjende weagen fan myn hertstocht tobrekken seagen op harren leafdeleagen - leave dou wiest it net. Dyn sêftens wie 'k yn forsonken dyn hân oerwoun alle smert mar hwa't my harsels earst ek skonken en letter myn herte, dronken fan leafde, haetsjende kronken - leave dou wiest it net. Gjin lok datst foar my forlearste dou kaemst to ier nòch to let hwant hwa't my ek wurdt de earste de lêste de aldermeaste de leafste de iene leafste - leave dou net dou net. Vorige Volgende