De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 120] [p. 120] Fedde Schurer: Analfabeet. As de lêste freon strak by dy weigiet oan de grize grins fan sé en lân fynst' in skeamle koopren munt yn 't sân dy't de floedweach tusken 't séwier neiliet. Alles hwat dy bleau by libbens útein - liz it yn it holle fan dyn hân sjoch dit lyts talint, dit taestber pân weardleas as it is en grienich útslein. Wurden bin der net mear op to lêzen mar it draecht it simpele motyf fan in inkelfâldich hieroglyf de eigen rune, 't hanmark fan dyn wêzen. Hast, fan dat dyn dei yn 't oanbigjin wie oeral net yn 't sân dit teken set en omdôch nei syn bitsjutting ret? lit it - inkeld God wit oft it sin hie. Vorige Volgende