| |
| |
| |
Jan Folkerts:
De oanwizing.
Mei ûnforduldige biwegingen stiet Kees foar de wasktafelsspegel syn swarte strik to plak to nifeljen. It is om der hwat fan to skypjen, tinkt er, strakaensen troch de gleije sinne to moatten, alhiel yn tenu. Dizze waermte, nou al wiken lang duorjend en al mar oanboazjend, kin in minske ek net gewoan by bliuwe. Foar him alteast is it in straf.
Dat oare, de eftergroun fan dizze dagen, takket al sahwat yn syn brein om, mar ít bliuwt as fan fierrens. As in mankelike swierte leit it him efter yn 'e holle. Lykwols net to forbaljen. Net troch syn wurk. En ek net troch dizze hjitte.
Der ek mar net oan tajaen, warskôget it yn him. En binammen nou net. It jowt ommers neat. Hy wol it fan de kant bisjen, dat it sa it bêste is. It alderbêste. Yn 't gesticht hie de man ommers libben dea west. En nei alles hwat der bard wie, wie dit de iennige útwei.
Dêrom hied er faeks ek net mear forslein west, earjuster, doe't Fader him op 't kantoarke roppe litten hie. Kees hie fuortdaliks wol witten, dat it hwat mei syn heit út to stean hie. En it wie al sa útkommen: de jouns tofoaren wied er ôfreizge. Hommels. In biroerte, hie de dokter sein.
Yn it lytse sealtsje fan de Konsistoarje siet de famylje al op him to wachtsjen: syn beide susters mei de mânlju en fierder de omkes en muoikes, allegear fan heite kant, stiif en stimmich, yn 'e mankelike skimerigens fan it keale fortrek.
Alhiel op 'e oare ein, op skammels, de kiste. Efkes moat Kees dy kant útsjen, sa iensum as dy dêr stiet.
Dan, hast roppend dat er it sa binaud hat fan de waermte, giet er earst dûmny en dêrnei de famylje bylâns, al pûstend en him de holle mei de bûsdoek dippend. Moanjend tsjut syn suster him in plak oan by de mânlju.
Dan wiene se der tink allegear, konstatearret de âlde dûmny, him ûnderwilens postuerjend op 'e ein fan 'e lange glêdde tafel. As se him dan mar bigjinne litte woene....?
En hy bigjint to bidden. Earst mei in dimmen lûd. Dat lykwols foarser en forheftiger wurdt, as it derom giet wis to wurden fan de genede foar in forloste siele. De neigalm fan de fakkundich fibrearjende âlde stimme bliuwt hingjen yn 'e stilte fan de lange tuskenskoften.
| |
| |
Kees hie him al nei harkjen set, mar de ynhâld fan de wurden giet it measte fan by him del. As út in oare wrâld heart er de fiere lûden fan 'e stêd, mei dêr boppe út in klakson of in fytsskille. Stadich docht er de holle hwat oerein, om tomûk de rigele bylâns to sjen. Allegear lykje hja mei ynmoed nei de foargonger to harkjen, as forwachten hja fan him in forklearring, dit ôfstoarne libben oanbilangjende. Hwant binammen heite famylje, nei it uterlike alteast fan gâns dreger libbensopfettingen, moast neffens Kees op dit stuit wol yn twivelingen fortiisd sitte. Hwat hie der dan al in oare geast hongen op syn mèmme bigraffenis. Alve wied er doe. Syn mem koed er noch wol sahwat foar him krije. Nuver, hoe gau as sa'n byld forblikte.
Mar út syn memme sykte-snuorje steane somlike foarfallen him noch skerp yn 't ûnthâld. Hy wit noch klear, dat er op in moarntyd út skoalle wei der krekt ynkaem, wylst heit en de pleechsuster mem tusken harren yn foar 't kokensfinster droegen, om har de parrebeam efterhûs sjen to litten. Dy âld beam hie krekt dat jiers noch sa bloeid. Hy wie doe samar bigoun to gûlen en heit hie him oer it hier streake. Der wie nea oer praet, dat mem net wer better wurde koe, mar op dat stuit hied er grif wol sahwat field, dat memme reis nei de âld parrebeam al in ôfskie wie.
En dy simmers wiene de fakânsjes noch mar krekt bigoun, as fuort de earste Sneons al hie heit him mei de auto to útfanhûzjen brocht. Op it lûd fan de klakson hie suster it gordyn hwat foar mem fansiden dien, en doe hie mem him foar 't lêst taglimke.
As er oan dat thúskommen weromtinkt, fielt er noch de bange forlittenheit dy't him bikroep dy earste nachts, wer yn syn eigen bêd, wylst ûnder yn in swarte keamer syn mem lei, dêr't hy net mear allinnich by wêze mocht.
De winters dêrnei wiene se forfearn nei de oare kant fan 'e stêd yn in lytser hûs. Letter wie 't bard - mem hie doe al mear as in jier wei west - dat heit him en de beide fammen meinomd hie nei in frouminske ta, dy't blike soe heite twadde frou wurde to sillen. It praet dêroer wie lykwols wer útstoarn. In goed jier letter briek heit de húshâlding op, neidat syn saken alhiel fêstroun wiene. Elk wie in kant útstoud en hy wie to lânne kommen by in omke en muoike fan heite kant, yn 'e Wâlden.
It wie dêr foar him in frjemd libben wurden, mei alle
| |
| |
dagen nei stêd ta tusken bern, dêr't er nea eigen mei wurden wie.
Omke en muoike hiene it oars net sa kwea mei him foarhawn, leaude er nou wol. Mar it forskil tusken útfanhûzjen en útbisteed wêzen wied er foar himsels dúdlik op it spoar kommen. En dêrby, yn har binypt formidden hied er net opwoeksen west tsjin de haetlikheitsjes, dy't er sa deis to fornearen hawn hie. Al hiene dy moai wis foar heit ornearre west, bigriep er nou hast wol, hwant dàt wied er doe gewaer wurden: heit hie by syn famylje forspijd west as in ôffallich man.
Oare kant de tafel, dêr siet muoije Ké. Hja wie winliken noch krekt deselde as doe: great, swier, reafallich minske. Muoike hie 't krap, seach er wol. It sloof wie altyd gau oandien. Mar oars, hwat hied er wol pûr op har west yn dy tiid, dat er by harren tahâldde en der dan mar wer aksele waerd oer de sinteraesje foar klean en reizgjen en skoalle. Syn forwar dat er daliks gjin klean hoegde en dat heit fansels wol sinten stjûre soe, hie muoike dan meast mei in meilydsum glimke en in skouderopheljen biandere, Forgrieme hied er dat minske dan wol kinnen, omt er yn syn hert wiste, hja hie gelyk....
Hwant heit, it bigryp heit, hie binammen yn dy dagen in danigen knoei krige. En winliken net allinne syn heit mar alles hied er doe oars leard to sjen. Opstannich wied er wurden en faek tsjin 'e tried yn, fral as er miende, dat se him toneikomme woene.
Mar it hie by omke en muoike en dy's altyd noch better west as letter, doe't er in moanne of hwat omswalke hie fan 't iene plak nei 't oare, hwer't heit him mar ûnderdak krije kinnen hie. Hy hie dat skoft syn heit oars net as ta lêst west. En sa wie 't weeshús foar him de útkomst wurden, al hoe't hy der tsjinoan soarge hie.
Wer rint er neist syn heite âldste broer it tsjerkhôf op. Hja beide hiene nou de foargong. Acht jier lyn roun heit mei memme broer foar harren. Sa skoude it al op.
Fûl beare de klokken, as wolle hja út alle macht de bitsjutting' fan dizze ûre aksintuearje. Kees tinkt oan de lêste kear, dat syn heit by him west hie. Hwat like dat al lang lyn en dochs wie der noch net earlik in jier oer forroun. It hie west op in waerme neidei, yn 'e foarsimmer. Hy hie sitten to learen foar syn eksamen, doe't Moeder
| |
| |
nei boppen rôp, der wie bisite foar him. Under hied er doe syn heit foun, mei de earmtakken op 'e tafel en ûnderwilens stiif ta it rút útsjende. Wûnderlike kalm hie de man like. Sa kalm, dat Kees daliks al field hie: hjir doocht hwat net. En sûnder ynlieding wie heit bigoun to praten: Ik woe ris mei dy prate, Kees, jonge, hwant as ik it strakaensen mei notaris foarinoar ha, bigjin ik fan foaren ôf oan. Jim heit kin noch safolle kredyt krije, as er ha wol. Dat moatst dy altyd mar goed foar eagen hâlde, dat dyn heite goede namme yn hannelsformidden net forlern gien is.
Sa hied er praet. En like hommels wied er oereingien om fuort. By de útdoar hie Kees noch in omstannich forhael oanhearre moatten oer in pypke, dat sa lekker smookte, In guodkeap stiennen ding hie heit ta de bûse úthelle. Op 't lêst wie de doar iepengien en ek wer ticht.
Letter boppe hie Kees hieltyd mar wer yn himsels sizze moatten: Dat wie myn heit. Dat wie myn heit. Deselde, dêr't ik foarhinne mei nei pake Kees ta gie. Deselde ek, dy't him en syn maten wol meinommen hie to riden yn 'e auto. Ek in kear nei 't Oranjewâld ta, om dêr syn jierdei to fieren. Swommen hiene se doe noch. Heit ek mei, Deselde heit, dy't hjir niis noch by him wie....
Einlings, wol in ûre neityd, wie by him earst it bigryp trochbrutsen, dat syn, heite forstân fuort wie. En op 'e lette joun hied er Fader noch oan west: Dy hie der daliks wurk fan makke, mar it wie sykjen wurden. Trije dagen efterinoar. Doe hiene se him foun. As in bang siik dier, dat him foar de minsken forbergje woe. Ienkear hied er letter syn heit opsocht yn 't gesticht. Dat hie winliken doe it lêste al west....
De gearsit mei thé en sigaren kin er him letter ridlik gau foar weiwine, Nynke hie him oars strakaensen mei nei hûs ta ha wollen foar dizze joun. Mar Kees docht krekt, as forstiet er har net. Glimkjend fûstket er ôf. Hoe't er dizze stive donkere klean op syn gausten útsmite kin, dat liket him op dit stuit it iennige ta, dat er syn omtinken wurdich achtsje kin. En dan woed er foar iten perfoarst noch efkes swimme.
It is mei in sucht fan forlichting, dat Kees letter op de middei yn syn deiske klean wer op 'e fyts sit en de kant fan de strjitwei útrydt, hastich, om it skaed fan 'e beammen to krijen. As er de houtene gebouwen om it swimbassin yn 't sicht kriget, bigjint er lykwols stadiger to traepjen. It
| |
| |
drokke fortier dêrre lokket him ynienen net mear sa oan. En as er safier is, fytst er sûnder doel foarby. Fierderop slacht er lofts ôf. It falt him yn, dat it faeks ek wol hwat nuver liket, dat hy hjir nou fytst, wylst er noch gjin ûre lyn op heite bigraffenis wie. En dan moast der noch hwat wêze, mient er. Hwat wichtichs, dêr't er earder ek al oer to set west hie. Frjemd, dat it him nou net yn 't sin komme wol.
Hwat letter leit er mei de hannen yn 'e nekke rjochtút yn 't gers nei de loft to sjen. Yn him is it swier fan ûnbistimde oandwaningen, dy't al mar yninoar omtiizje. Brokstikken fan bylden en wurden komme nei foaren en fordwine.
Syn jongesjierren op it doarp hiene winliken mei fan de moaiste west. Hy wit him út dy tiid lykwols net in bulte mear foar de geast to heljen, mar syn heit hie doe noch west in feilige sterkte, dêr't er j immer op werom falle koe. En hwat grif ek bilangryk west hie yn dy snuorje: dy eftergroun fan it fanselssprekkende bitroude fan in eigen thús. Faeks hie dat noch wol it bilangrykste west yn dy jierren. Hwant letter hied er him faek in bûtensteander field by syn skoalmaten, dy't in thús efter harren hiene. Oare minsken wiene dat faek foar syn gefoel, mei har loftich geswets oer de ‘âlde hear’ en de ‘âld frou’.
Faek hied er it as in skouwe fornedering field, it forrin fan syn heite lêste jierren. En as in fornederjende warskôging teffens.
It komt him yn 't sin, hoe't er op in reinige sneinoerdei op in pasfoto fan himsels in snor tekene hie en dat er doe kjel wurden wie fan syn gelikenis mei heit. Mei in skok falt it him yn, dat er dêrmei krekt syn probleem bineikommen is: de gelikenis. De driging fan de gelikenis. Deselde as fan pake en heit. En net allinne yn it uterlike. De needlottige karakteroerienkomst mei syn heit is er him de forroune dagen klear biwust wurden. En dêroer hat er mei himsels toriede to gean. Soks kin winliken gjin útstel mear lije.
Hwant in man dy't syn bisit forspekulearre hie, dy't de mem fan syn bern fortoarkje litten hie yn har fortriet en ûnwennigens, dy't syn húshâlding blykber net mear achte hie as in bongel oan 'e foet en der gjin euvelmoed yn hawn hie harren fan him ôf to skodzjen, sa gau as hja him yn syn útspattingen opkearden, sa'n man hie syn heit west.
| |
| |
Mar ek in man dy't gjin kwea yn 't sin hie, dy't in golle hân hie, dy't fan syn wiif en bern hâlden hie en gjin lijen foarsjoen en noch minder winske hie en dy't dochs syn hiele libben fordangele hie mei gebearten as fordie er in mannich sinten op 'e merke. In man dy't alles dat er bigoun wie, útrinnen sjoen hie yn 'e doelleazens fan syn ûnmacht en dy't dochs mei it greatste gemak al dy saken rjochtprate koe.
Mei it skerpe each fan syn grime toloarstelling wit Kees op 'e nij, dat er in soan fan syn heit is, as er himsels sjocht yn syn oanslaggen fan bluisterige lichtsinnigens en ûnforskillichheit foar mjittehâlden en gefolgen. Neat fan syn heit is him frjemd. as er it goed bisjocht. Ek syn heite heldere ûren net, as it de man sichtber oangie alles hwat der bard wie en dat net hoegd hie faeks. Sa djip fielt Kees, hwat der him yn dy man ôfspile ha moat oan striid en ûnmachtsdriging, dat er nou foar 't earst sizze kin de wurden, dy't er earder allinne mar tinke doarst: ‘Hwat in gelok, dat er wei is, foarg'oed wei!’ Syn heite needlot hie allinne mar troch de dea opkeard wurde kinnen....
Deastil leit Kees nou. Oer him stiet de ljochte neidei. Slop en ûnforweechlik hingje de blêdden fan de beammen om him hinne. It is him op dit stuit sa hiel klear, hoe't in minske der ta komme kin syn needlot to liif to gean, mei de hân oan himsels to slaen. Wie 't wol sa ûnminsklik jins eigen oanfaller op 'e helte to mjitte to kommen? En him de pas ôf to snijen? Hwant hwa soe better dat needlot bioardielje kinne op swierte en djipte bûten him, hwa't it oangie? En as men dan net oars blykte to wêzen as in willeas ding yn 'e macht fan jins sinnen, hwat hie men dan to dwaen? Wie 't wol sa dwaes to ûnderstellen, dat der minsken wiene dy't feitlik to lang libben? En hy tinkt oan syn heit....
Moast men dan jins ûngelok mar willemoeds útwierje op alles, dat jin dierber wie? Hy giet by himsels nei, hoe't er hannele mei hwat hìm dierber wie. Mar hy kin sa gau net hwat bitinke.
Of it moasten de negativen wêze fan de foto's dêr't er de prizen mei woun hie. Negativen dus....!
Fordomd, it like wol, as moast syn libben mei negativen ôfmakke wêze. Lyk as nou wer, by syn sykjen om in oanwizing foar hwat er to dwaen hat, noù, by dit biwust bigjin fan syn libben....
| |
| |
Hwa doarst dêr to sizzen: Mei negativen ôfmakke? Wie it dan sa, dat hy yn syn libben de goede krêften misse moast? Soene der dan wierliken gjin steunpunten wêze, dêr't er de negativen út wei ôfmeitsje koe?
Hwa seit dêr wer fan né? Hwa soe dat biwize....?
Stadich komt er oerein to sitten, wylst er wanhopich om him hinne sjocht. Hweroan soed er witte kinne, dat er ûngelyk hat?
Skerp nimme syn sinnen alles om him hinne op. De lytste biweging ûntkomt him net. Elk lûd ûnderskiedt er: it heaze kreakjen fan in fiere pomp, it balten fan in ûnforduldige kou, it sjongen fan in klyster, skruten en mankelyk, earne yn in beammekrún.
De spanning boazet oan. It liket Kees ta, as is elk raike, elk blêd mei him yn spande ôfwachting op in oanwizing, dêr't alles fan ôfhingje sil. Mar it is om 'e nocht. Alles swijt.
Hoelang er sa sitten hat, wit Kees net, mar stadichoan wurdt er him derfan biwust, dat der in frjemde wissichheit yn him opstiicht. In wissichheit, dat de kommende minuten op de ien of oare wize it útslútsel yn ha sille.
Net fier ôf heart er in toersklok lieden. Seis ûre. Iterstiid dus.
As wurdt it him ynjown, komt er oerein. Mar nei hûs ta, tinkt er noch. Hy kriget de fyts op. Mei de iene foet ré om oer it seal.... en dan heart er deun neist him de remmen gûlen. Mar de slach is net mear to kearen. In neidaverjende slach, ûnder it stouwen fan beamsplinters...
As dy útgalme is, bliuwt der allinnich noch in giseljend gounzjen oer, hiel djip yn Kees syn earen. Oant dat ek swijt.
It rossige flues dat foar syn eagen skimere wurdt nou ljochter. Al mar ljochter. Ta in skel, waerm ljocht. Net om it út to stean, sa skel.... En dêrmei wit er it: de sinne, de goede.... Dit wiè ommers syn oanwizing....
Willich lit er him weisakje dan, yn in lokjende djipte, donker en fier. Mar feilich....
Mismoedich stiet de dokter op 't fuottenein. Hjir koed er net by, wiene syn wurden. As in âld stumper nouris in reis kriget, mar hjirsa, sa'n soun sterk jongkeardel....? Né, hy wist wierliken net, hwat er hjirfan tinke moast. Of it moast wêze, dat de jonge sels net genôch meiholpen hie, it djiptepunt oer to kommen.... In bjusterbaerlik gefal!
|
|