Op in foar net oan dizze muzyk biwende earen hwat ientoanige wize wurde dan de fjouwerrigelige lietsjes songen, dy't mei de bikende Maleiske ‘pantoens’ oerienkomme.
Soms is it de katjapi-spylder sels dy't de tekst sjongt, soms ek in oar, faek in sjongster, mar net mear as ien; de oaren harkje. Meastentiids binne it foar ider bikende lûden. Mar it wurdt earsten moai, as de sjonger oan it fantasearjen slacht en fariaesjes oanbringt of mei alhiel nije rimen komt.
Ek sjonge soms in feint en in faem om bar, en dan komt it der op oan al ymprovisearjende in geastige, kokette of útdaegjende replyk to jaen.
Ek by it wajangspul heart men dizze lietsjes. Wylst de fortelder efkes skoftet, bringt in sjongster har ‘paparikans’, al of net tapaslik op it spile forhael. Laet troch it rhytme fan 'e gamelan hâldt hja de harkers fêst oant it spul wer bigjint, de helten út de âlde tiid wer forskine en de striid tusken de Pandewa's en de Korawa's fannijs losbarnt.
Hjir is in foarbyld fan sa'n ‘paparikan’:
Samping hideung dina bilik
Koering nineung ka noe balik
Yn frije fortaling:
In swarte sarong, klam en wiet
Hoe krij ik dy droech oan 'e line -
En hja dy't foarby myn drompel giet
Hoe sil har myn langstme fine?
De earste beide rigels foarmje de skyl, de lêste twa de bitsjutting. Hjir folget dus, lyk as al sein is, de ynhâld op de omskriuwing, of leaver oantsjutting.
Mar dat net allinne. Hwant hoe liket de twadde helte fan it fers op it earste! Samping-, koering, hideung-, nineung, bilik- balik; om fan de twadde en fjirde rigel, dy't mar ien letter forskele, net iens to sprekken. It giet hjir foaral om de oerienkomst yn klank (assonanty) fan skyl en ynhâld.
Men siket der wol mear efter, en wol dan hawwe dat de skyl ek noch in byld, in symbolyske oantsjutting fan de ynhâld wêze sil, mar dat giet altyd lang net op. Yn ús foarbyld is dy wiete sarong alhiel gjin symboal fan in jongfaem, en sa is der by de measte fan dizze paparikans sa'n oerienkomst yn bitsjutting tusken de beide helten net to finen. Mar oerienkomst yn klank is der al, en dêr giet it blykber om.