De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] Joazep Witteveen: The red shoes.Ga naar voetnoot1) Ik woe dat myn libben wie as dat fan Karin: Dounsjen op reade skuon. Dounsje foar God en de ljochtmoannenacht en rinkeljend op it tamboeryn sjonge foar in tún fol asters en chrysanten. Op strjitten en pleinen wol ik dounsje foar de minsken; en ek jouns allinnich op stille berchmarren of op 'e branning fan 'e sé. Dounsje mids in flecht blanke douwen en op 'e strykstokken fan in orkest. Foar it alter fan God en yn 'e sel fan in muonts, God, lit myn libben wêze ien douns en dyn g'enede in sjongend tamboeryn dat my bigeliedt. voetnoot1) Bikroand mei de twade priis yn de Tsjerne-poëzgpriisfraech foar debutanten - 1949. Vorige Volgende