De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 105] [p. 105] Hindrik J. Brouwer: It jounet al....Ga naar voetnoot1) It jounet al; de lêste skimer Lûkt om 'e mêdde kimen gear; En stadich rint de lytse rimer, Hy wit gjin wurd fan wysheit mear. It jounet al; ûngrypbre glânzen, Sa jowt it wetter 't kunstljocht wer. Nou tomlje hege boekeskânzen, Wylst ik gjin skyn fan klank mear hear. Ik bin nou ien fan heimich wêzen Mei ierd' en wetter, blom en strûk; Ik lear 't mystike skrift to lêzen Fan Mem Natûr har ivich boek. In huvering; hwa sil forgoedzje It brekken fan it bounzjend hert? Ik bin sa slûch; mar God sil hoedzje, Ek as it lêste ljocht forstjert. voetnoot1) Bikroand mei de earste priis yn de Tsjerne-poëzijpriisfraech foar debutanten - 1949. Vorige Volgende