[Nummer 4]
Meidielingen:
Yn dit nûmer fynt de lêzer de fersen dy't bikroand waerden mei de earste en twade priis yn de Tsjerne-poëzijpriisfraech foar Debutanten 1949. De priiswinders binne Hindrik J. Brouwer en Joazep Witteveen. In tredde priis koe net takend wurde, 1. omt it tal ynstjûringen (14 meidoggers, meimankoar goed 80 fersen) great genôch wie, mar de kwaliteit fan de measte ynstjûringen der gjin oanlieding ta joech, 2. omt it fers dat dy tredde priis krije sild hie (fan Juffer U.J. Boersma) in kwatryn wie.
Yn ien fan de folgjende nûmers sil in lytse karlêzing jown wurde út de bêste foar dizze priisfraech ynstjûrde fersen. Yn forbân dêrmei moat noch effen wachte wurde mei it weromstjûren fan de kopij oan de ynstjûrders.
Efteryn dit nûmer ha wy in forslach jown fan de réaksjes op de Tsjerne-enquête ûnder de lêzers. Mei de útslach fan de Lêzerspriisfraech, dêr't it tal ynstjûrders wol tige lyts fan wie, moal oant it Maeijenûmer ta wachte wurde.
De Redaksje.