Haworth, 19 Desimber 1848. Har hiele libben taholden yn de doarpspastorij op 'e heide, bihalven dan in yntermezzo fan in pear moanne op in skoalle yn Brussel. Sa goed as gjin omgong hawn mei minsken bûten har famylje. Hûsûnderwiis hawn fan in muoike en fan har heit.
Denys Kilham Roberts seit yn syn karlêzing fan Ingelske poëzij fan 1938 fan har: ‘Her life was unhappy and uneventful. She was the author of the remarkable novel Wuthering Heights and of a number of poems’. En dan noch, dat hja oan de tarring stoar, meidat hja to let nei de dokter gyng.
Ja wisse, the remarkable novel Wuthering Heights and a number of poems. Poems fan dit soarte:
Though earth and man were gone
And suns en universes ceased to be
And Thou wert left alone,
Every existence would exist in Thee.
Uneventful. Roberts sil wol bidoele, dat hja Londen faeks nea sjoen hat, nea yn artystekroegen kaem, nea fan kunstbruorren biwiereke of fan it publyk bijubele is. Yn de heide biierdige, en net as de great poets, dêr't Roberts net fan forjit to sizzen: buried in Westminster Abbey. It jowt in iensum dreamer hope, dat immens libben sa uneventful wêze kin, dat er sa forgetten bistean en sa ûnbikend stjerre kin, en dochs Wuthering Heights skriuwe. It jowt ek in lyts folk, dat hwat bisiden de greate wrâld en it eventful libben leit, suver moed, dat de geast waeit hwer't er wol, en dat in doarpsfanke yn in krite, dêr't oars net wenje as hwat boeren en in pear rûge lânjonkers, in streekroman skriuwt, dy't daliks de bitsjutting kriget fan in klassyk, universeel drama, dêr't party ûnstjerliken út Westminster Abbey net oan takamen. Men kin unhappy wêze en dochs dreamen hawwe, dêr't Sidney Dobell en Matthew Arnold optein fan binne, dêr't Swinburne in lofsang op sjongt, dêr't A. Roland Holst fan forklearret dat se in greate ynfloed op syn libben hawn hawwe.
Nou is it altyd noedlik, as de filmwrâld op in greate, iensume histoaryske figuer losgiet: It gefaer foar falske romantyk en spektakel is sa great, binammen yn in gefal as fan Emily Brontë, dy't stiel fan bûten wie en fjûr fan binnen, to great om show en applaus forneare to kinnen, hwaens wrâld de lytse famyljerounte, hwaens went de dream wie. As men it portret sjoen hat, dat Branwell Brontë fan syn suster Emily skildere hat, dat wûndere, klassike antlit, like geheimsinnich as har boek en har fersen, dan hâldt men jins hert fêst, as in sprankeljende filmstjerre as Ida Lupino yn har hûd krûpt. Lokkernôch is ‘Devotion’ yn 't algemien oan de gefaren ûntkommen. Regisseur, spylsters en spilers hawwe har opjefte earnstich nommen en bisocht, in documentaire styl to jaen. Mei de sobere histoaryske gegevens wurdt in dramatyske spanning birikt, dy't jin meinimt. Ida Lupino makket fan Emily in oannimlike kreäesje, lyk as ek Olivia de Havilland fan de oerflakkiger en libbener Charlotte, Nancy Coleman fan de stille, fromme Anne en Paul Henreid fan de helppreker Nicholls. Men kriget, ek al skaeije sommige fragminten ryklikernôch de kant fan it raffinemint út, wol in yndruk, hoe swier it libben fan Emily Brontë west