De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 75]
| |
Fokke Sierksma:
| |
[pagina 76]
| |
Postma op in culturele dei dat gerimel stilset hat en doe bigoun is mei wiere, echte poëzij. Neat dêrfan. Hy hat dy simpele krante-poëzij allinne mar forfine en fordjippe. Hy hat de bihearsking fan syn tael noch better leard, en djipper yn 'e wrâld en yn eigen hert sjoen. De ûnderwerpen binne min of mear deselde bleaun - hy hat trochskreaun oer de natuer en oer dingen dy't alleman sjen of fiele kin. Bisjocht men dy earste fersen ris hwat neijer, dan fornimt men wol, dat Postma hjir en dêr yn der dochs útrint by de rymdichters fan 'e kranten. Dat is gjin forskil yn soarte, mar yn intensiteit. Yn 'e earste pleats is by him de irony, lyk as sinneljocht dat troch de wolken brekt. Alhoewol, irony hawwe de dichters dêr't ik niis op doelde ek wol, by tiden op it forrassende ôf. Né, it giet by twa oare dingen ôf: Postma's finesse - in oar wurd as dit Frânske kin ik net fine - en syn leafde foar it détail, en dan foaral de combinaesje fan dy beide eigenskippen. Dêrmei hat er de hjerst- en geraniumpoëzij opfierd ta in hichte, dêr't withoefolle moderne dichters har libben lang mimerjend hinne opstoarje sille. Foaral syn leafde foar it détail is fan great bilang. Elkenien wit, dat kunst per definitionem út to stean hat mei de aparte, de concrete dingen. In filosoof kin it hawwe oer de dead, in kunstner sjocht meagere Hein omgean, sjocht hoe't in minske op syn stjerbêd leit, dy minske op syn eigen stjerbêd, dêr't gjinien oars op lizze kin. De moralist praet oer it houlik; de romancier folget twa minsken op 'e wei dy't fan har earste pea nei it grêf of nei de echtskieding rint. Dat natuerlik concretisme biwarret him ek foar cliché's; letterkundich lytsjild kin men wikselje, mar it détail is altyd myn détail, dat ik sjoen haw en oars gjinien, om't ik it sà sjoen haw lyk as ik bin. En it is dan ek dy leafde ta de concrete wrâld, dy't Postma der foar biwarre hat op syn âlde dei in filosofearjend dichter to wurden, dy't mar better filosofearje kinnen hie as dichtsje. Bispegeling en filosofy moatte by him earst troch de dichterlike, concrete visy hinne, foar 't hja plak krije yn it gedicht. En forsylt der soms dochs noch samar in brokje monistyske wrâldskôging yn in fers fan sines, dan jowt de contrastwurking mei de matroaskes yn 'e Ato-bus, de kluten modder yn 'e hân fan 'e dichter, de Koarnwerter toer en al dy forrassende bisûnderheden krekt sa'n pi- | |
[pagina 77]
| |
kante poëtyske smaek. Sa skerp en sa concreet sjocht Postma de dingen, as wy it allinnich yn in dream of yn in hallucinaesje dwaen kinne. Dat is gjin wûnder, syn eagen binne skerp fan forlangen. Hy langet nei Fryslân en nei syn jonkheit. Natuerlik docht er dat; hy soe gjin dichter wêze, as ek hy syn forlern paradys net hie. Dat forlerne paradys is de iennichste formule dêr't men alle poëzij mei fange kin, en dy't dus neat mear seit. It hinget der mar fan ôf, hwatfoar in forlern hôf fan Eden in dichter hat en hoe't it forlangst nei dat hôf him uteret. Fryslân en de jonkheit reitsje elkoar op ien punt: de ierde - de ierde as de mem fan 'e minsken. Dat lêste moat der by. It is in dichterlike oanwenst, de ierde de namme fan mem to jaen. Ik ken gjinien dichter dy't sa ûnophâldlik syn hiele wurk troch dy greate mem op it each hat, sûnder har ea to neamen. Dêrfoar is Obe Postma, lyk as ik al in kear twa sei, fiersten to concreet. Yn 'e lêste opslach binne de minsken it sintrale ûnderwerp fan syn poëzij; mar dy minsken kin men net lostinke fan 'e ierde, dêr't hja op libje en dy't har fuortbrocht hat. It is soms in eigenaerdich gefal mei de wurden ierde en ierdsk by Postma. Yn it fers Pinkstersnein bygelyks fielt er him folslein lokkich yn 'e útslaende bloei fan 'e ierde. En dan freget er: Hokker ierdske blydskip soe hjirby lykje? Hy jowt ta in antwurd, it heechste lok is op him delsaeid en de himel is him iepene. Mei oare wurden: der is gjin ierdske blydskip dy't lykje kin by de blydskip fan 'e ierde. Dy skynbere tsjinspraek is fan it greatste bilang om de sfear fan Postma's wurk goed to priuwen. It bitsjut yn 'e earste pleats, dat de himel foar him op 'e ierde to finen is; yn 'e twade pleats, dat er dêr net altyd foun wurdt. Himel en ierde binne ien: dat soe men suver it earste artikel fan Postma's bilidenis fan it leauwe neame kinne. Mar dy ienheit is foarwerp fan leauwe, dat men op stuiten bifêstige sjocht èn op stuiten leagenhjitten troch alle wreedheit dy't natuer en cultuer mar hawwe. Sadwaende hat de dichter by einsluten de kar: hy kin de ierde devaluëarje yn it foardiel fan 'e himel - dan is it in gewoan dichter fan it romantyske type, dat langjend nei de himel stoarret en de ierde leafst sa gau mûglik forlit - óf hy devaluëarret de himel yn it foardiel fan 'e ierde - dan is der yn 'e himel plak foar de hel en foar beide is der plak op 'e ierde. Ierde en himel binne | |
[pagina 78]
| |
foar Postma ien; dus nimt er it lêste foar kar. De ierde is him diel fan 'e ûneinige kosmos, dêr't de pols yn to fielen is fan it djûre, wrede libben. De tsjinstelling fan himel en ierde komt er to boppe om der de ûneinichheit allinne foaroer to setten, dy't har dei- en nachtside hat ek yn it libben fan 'e minskebern. Oft dat him altyd slagget, is de fraech. Hy ken de amerijen ek, dat de siel rikt nei it fiere blau, it bloed nei de ierde giet - lykwols is it ûnbitinge oannimmen fan it stjerre- en minskebistean yn skientme en forneatiging it sintrale libbensbisef, dêr't dizze poëzij út wei skreaun wurde koe. It heart sa ôfgryslike recinsje-achtich, to sizzen: Postma hat de ierde leaf. It is sa abstract en sa guodkeap. Hwa't witte wol hwat dat bitsjut: ierde en leafhawwe, moat syn gedichten lêze. Dêr sil er de ierde fine yn in rein fan apelblossum, in boer op syn karre, it liet fan in strjitsjonger op 'e Suderdyk by Makkum, Afke húshimmeljen, de fleaner yn syn masine, Emily Dickinsons fersen, soasjalistyske meetings, sinneljocht yn 'e lytse kouwerútsjes fan in boerepleats, klaverblommen by in hikke en it forbiten lûd fan Slauerhoff. En dan sil er witte dat leafhawwe is jin forslingerje, opbrânne, der oan gean en glimkje. Dat binne dingen dy't yn in krityk net sein wurde kinne, en it murch fan it libben en dizze fersen útmeitsje. Mar goed, Postma hat de ierde leaf. Hertstochtlik. Hy hat in hekel oan hwat ornaris de himel neamd wurdt. Hy drukt dat sa út: yn in gedicht dêr't er yn seit dat er wolris in drama skriuwe wolle soe oer itjinge him leaf is yn Fryslân, lit er him ûntkomme: Ik soe ek wol fan great en sterk sjonge wolle; en dan gjin lekespul of sa. Mei dy iene rigel en dat iene wurd gjin lekespul is in wrâld foroardiele. It saneamde himelske hat gjin bloed, en dus bistiet it net. Hwant út 'e leechste sinnen komt it djipst gefoel. In beam hellet syn meast himelske blommen út 'e donkere ierde. En in minske dy't optein is oer de blossum, hat tagelyk in hjitte, dûnkere leafde ta de groun, ta de swarte kluten fan 'e fruchtberheit. Postma's poëzij is ien great oannimmen fan it libben yn syn hearlikheit en yn syn rotsjen, ien skeppend oannimmen: aksje en reäksje út sym-pathy. In kunstner kiest nea partij. Dat wol net sizze, dat er yn it concrete libben net foar of tsjin hwat wêze kinne en moatte soe. Postma sels hat bygelyks de bêste hunende | |
[pagina 79]
| |
fersen skreaun op N.S.B. en Lânstân - ‘biwegers’ neamt er se - dy't ik ken. Forsetspoëzij minstens sa fornaem en aristokratysk as dy fan Roland Holst. De lêste strofe fan in gedicht, dat it antwurd is op 'e inquisysjefraech fan de nationael-soasjalisten: Binne jo wol folksk? seit: Mar o, dat ûnderwizersfolk,
dat wit fan suver en fan goed -
in frjemde skildersman frijt Saskia;
de hiele himel stiet yn gloed.
Ek in dichter kiest soms partij, mar yn saken dy't by einsluten ûnbilangryk binne, by einsluten. Yn it stik fan libben en dea, himel en hel is er politicus sûnder partij. Wy witte dêr foaral yn ús saneamde moderne tiid mar al to folle fan. It bêst oer de hikkel helle aestheticisme is in gefolch fan dy ûnpartidichheit. It is der in gefolch fan, ien en itselde is it net. De aestheet ken allinne de skientme mar. Yn it ljocht fan dy skientme is alles him navenant. Himel en ierde meije foarbygean, de skientme lykwols stiet oant yn ivichheit. Hja binne lyts en boargerlik, dy aestheten. Hwant hja hawwe fan har skientme samar sljochtwei in himel makke, dêr't se de wyk hinne spylje kinne en slûp der foar de feilichheit yn. Mar dat is net de objectiviteit, de ûnpartidichheit fan 'e kunstner, dy't yn sinne en rein ûnbiskerme stean bliuwt en sinne en rein seinget. De objectiviteit fan Postma is net dat aestheticisme sûnder ynhâld, dat foar kunst gean wol. Postma fart earst net op 'e wolken nei de himel om dêr yn in skientme sûnder flesk en bloed rêstich partijleas to wêzen, hy bliuwt op 'e ierde en seinget har: wrede, aljaende ierde, lyk as er har earne neamt. En om de lykwols altyd bliuwende kleau tusken kunst en libben ien stuit to bibrêgjen, wiist er earne yn 'e flecht wei ta in biwiis op syn ploege mom. Hoe forankert er nou syn objectiviteit, syn ‘aestheticisme’ yn 'e ierde? Yn 'e earste pleats mei in libbens- en wrâldskôging. Dat mei nuver hearre, it is sa. Dan hat Postma yn alle gefallen mei oare dichters fan bitsjutting in libbensskôging ien en mien. Hy is monist. Dat dat net bitsjut dat syn wurk in hânboek foar oanhingers fan it psychysk monisme is, hoecht allinne sein to wurden foar dyjingen, dy't it net lêzen hawwe. Mear nij docht it, dat dizze filosofy sa sterk spiritualistysk is. Dat de man dy't de ierde leafhat oant yn elke kerl, syn lêste hâld fynt | |
[pagina 80]
| |
yn 'e al-geast, liket eigenaerdich. Men bigrypt it, as men de minsken bigrypt. By Plato al wol ien hynder fan it minsklike span omheech, it oare nei ûnderen. En dizze dichter dy't gjin forskil tusken himel en ierde makke hawwe wol, makket it forskil tusken ierde en al-geast. Dat der sa earne in lêste, onoplosbere tsjinspraek bliuwt, wit ik wol - en, hwat folle bilangriker is, de dichter sels wit it blykber ek. Mar hwer't it foaral op oankomt: der is yn it libben en yn syn wurk in oanhâldende wurking oer en wer. De ierde komt út dy al-geast en giet der hinne werom, allyksa de minske. En hja bliuwe ierde en minske. Der is gjin gemoralisear en gjin heilswei. Yn in kwatryn seit Postma, dat er mear hâldt fan dyjingen dy't de sûnde kenne as fan harren dy't mei in serene foarholle troch it libben geane - allinnich, hy soe it gjin sûnde neame wolle; dêrfoar is er to folle bern fan 'e ierde om dat wurd yn 'e mûle to nimmen. Hy leaut oan 'e algeast, om't er oan 'e ivichheit fan it libben leaut. En dêrmei binne wy wer werom by syn greate leafde: it libben op ierde. De minske leit hjir syn libben, en as er dit libben leafhat en it dêrom ek leit mei goed en mei kwea, tusken needlot en leafde, dan is it goed. Dêrnei sil er as in sinnestofke fordwine yn 'e ûneinichheit, as in forsjittende tins yn 'e algeast. Dizze monistyske filosofy, sei ik al, is in forankering fan Postma's dichterlike partijleasheit. De groun dêr't dit anker yn dellitten wurdt, liket allinne mar imaginair. Hwant mei dizze oertsjûging forankert de dichter syn wurk yn himsels. Mei 't Postma de konsekwinsjes fan it aestheticisme oant yn in libbensskôging lûkt, forsnippert er himsels net ta in chaos fan sentiminten en oandwaningen, mar fynt de ienheit dy't.... Postma hjit. Unpartidichheit hoecht gjin ûnpersoanlikheit to wêzen. Mei in fariant op Sartre filosofy: hwa't himsels as aestheet driuwe lit, is aestheet; hwa't himsels as aestheet - partijleas yn it libben - kiest, is kunstner. Der soenen yn dizzen opmerklike parallellen to lûken wêze mei Valéry, Roland Holst - om in pear foarbylden to neamen. It is dan ek gjin niget, dat de oare kant fan dizze filosofy minsklike solidariteit hjit. Dat is it twade antwurd op 'e fraech, hoe't Postma syn ‘aestheticisme’ forankert yn en ophellet út 'e ierde. Oft it yn 'e wanling nou romantyk neamd wurdt of reäliteit, doarp of stêd, ierdkarre of fleantúch, arbeider of boer, ierde of himel, bern of folwoechsene, siel of sinnen, lân of sé - Postma stiet der | |
[pagina 81]
| |
objectyf, mei in hertstochtlike leafde ommers foaroer. Syn konsekwinte ûnpartidichheit hat him net yn in dichterlik dorado fan symboalen, lûden en hwatfoar eleminten fan skientme ek fierd, mar him werombrocht earne tusken Ljouwert en Jelsum, dêr't er net dichtet fan in boer of fan 'e boeren, mar fan Sjoerd Douwes en Jan Minnes. In great kunstner allinnich is yn steat om it al to persoanlike, de al to reële reäliteit om to staljen ta poëzij. De aestheet docht op 't lêst dochs noch in kar, kiest dochs noch partij: foar it poëtyske. De dichter kiest konsekwint gjin partij, stimt it bisteansrjocht fan alles en allegearre mei. It gefolch is dat de aestheet to lânne komt by de Muze, en de dichter by syn buorman: de boer of de hannelsreizger. Ut dizze lêste wrakseling allinne fan kunstner en buorman kin kunst ûntstean. It liket sa maklik: gjin partij to kiezen en alles oan to nimmen lyk as it is. Mar de oanbidders fan 'e skientme hawwe it makliker. Yn har himel binne gjin demoanen. Hja kinne, as it sa útkomt, in fers skriuwe as Postma's Ien lân? - op 'e lêste strofe nei. Hja kinne harsels sjonger en ruter dreame, wize hjerremyt en miskien ek noch arbeider wrottend foar syn bistean. Mar dan hâldt it foar harren op. By Postma komt lykwols noch it lêste: dat de dichter ek is in neaken bern, in klompke libben dat wringt en rikt, yn bigearens twang forlern. Der binne gâns, dy't fan Postma's poëzij hâlde, mar noch nea de basso ostinato fan 'e hertstocht en bigearte yn syn wurk heard hawwe. Sokken sil ik de fersen net oanwize. Mar hja dy't dizze poëzij integrael kenne, witte dat it geheim derfan leit yn 'e boppeminsklike spanning tusken forkleare skôging en bloedreade hertstocht. Ter Braak en Du Perron sochten de kearel efter it wurk, en meaten de bitsjutting fan it wurk oan 'e persoanlikheit. De wierheit fan har stelling biwize Postma's fersen, al hoe rjochtoarsom it lykje mei. Ut in each fan ferstechnyk binne syn gedichten net sa hiele sterk: ienfâldige fjouwerrigelige strofen, dêr't wolris in foet yn hinket en in rymwurd út mist, lyk as er sels ironysk tajowt. Yn syn uterlike foarm is Postma de collega fan 'e dichters yn 'e provinsjale blêdden bleaun. De oare helte fan syn wurk bistiet út frije fersen, dy't by tiden proazafersen wurde. Mar blykber kin in dichter syn eigen foarm hawwe, blykber bistiet der in inerlike foarm. It is dy inerlike foarm, dy't Postma ien | |
[pagina 82]
| |
fan Fryslâns greatste dichters makket. Poëzij is in yn himsels bisletten gehiel, neffens de definysje fan Vestdijk. Troch de contrastwurking fan concrete dingen en kosmyske visy, troch it altyd wer foune krekte wurd, troch syn superiëure irony, koartom troch dy toan dy't Postma's toan is, is elk gedicht fan sines in yn himsels bisletten fiver hweryn't gjin djiplead groun kriget. Wy binne net mear wend, by in dichter wysheit to siikjen of to finen. It is ús forgetten, dat skientme wierheit en wysheit, libbensskôging en religy wêze kin. Postma's irony is in tige bisûndere foarm fan wysheit. Wiisbigearte is hwat oars. Existinsjonele filosofen wrotte djip yn it libben en fine dêr stikken wierheit. As wy yn 'e putten dikerje, dy't hja groeven hawwe, sjogge wy hwat skimerjen en leauwe it wol. Hja hawwe wierheit. Mar de dichter hat wysheit: hy nimt de wierheit mei nei boppen en hâldt har by de dingen fan al den dei. Wysheit is de forbining fan djipte en opperflakkichheit, de trait d'union tusken middelpunt en omgong. Wysheit ken men dan ek werom oan 'e irony. Yn ien fan syn lêste fersen forhellet Postma fan in freon dy't rêst is yn 'e folle frede, ek al wie er dan monist. Hy freget himsels dan ôf: Sil dy frede mines ek wêze? - oan twaris ta. En hy bikent by einsluten, dat hy de ierde to leaf hat. Men kin dus foldien bislute, dat der dus dochs in brek yn dit wurk sitte moat. Ik set der in oar gedicht foaroer. It fers hweryn 't er de lof sjongt fan 'e dichter dy't yn 'e twade wrâldoarloch flechtsje kin yn 'e skientme, wylst alles om him hinne oan pún leit. En yn 'e fiver blinkt de lichte bark. De lêste strofe jowt de opheldering - dy lof wie in persiflage en Obe Postma stelt fêst: as de âlde ierde toheistere is, dan forliest it tún fan 'e poëzij syn libben en syn glâns. Hwa't fan in brek - dochs in brek - yn dizze poëzij prate wol, hâlde wy dit lêste fers foar. En wy stelle fêst, dat der yn 'e poëzij fan 'e aestheten gjin brek sit. Yn Postma sines God tank wol. Syn wurk is it biwiis, dat men ek as dichter de eask fan Nietzsche neikomme kin: Bruorren, bliuw de ierde trou. Ik wit net, de hoefolleste reis ik nou bisocht haw, mysels eat fan it geheim fan Postma's poëzij biwust to meitsjen. Wol wit ik, dat dizze gedichten altyd weroan lûke en dat men der nea op útsjoen en nea yn útmimere rekket. Dat is allinne sa mei in skientme dy tagelyk wier- | |
[pagina 83]
| |
heit is, de wierheit fan in minskelibben. Ik bin bliid, dat dizze jierdei fan 'e dichter my de gelegenheit jown hat om de safolleste reis fêst to stellen, dat greate poëzij alle analyse treast is en nei elke forantwurding foar de rede mear poëzij blykt to wêzen. In 82ste jierdei is sa opperflakkich sjoen gjin kroanjier. Dat wie de 80ste - foar de boargerlike stân. Foar Obe Postma lykwols is dizze jierdei de kroan, hwant nou earst hat de complete dichter syn compleet wurk. Dizze samle fersen sille bistean salang 't der in Fryslân bistiet - ta in ken- en ta in warskôgingsteken. ‘Net yn himsels hat it forline wearde;
It is dat minske en folts syn leksum learde.’
- En ta dyn heapke wysheit hat it west
Dat God almachtich 't great heelal formearde?’
|
|