De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 73] [p. 73] [Nummer 3] O. Postma: Libbensfilm. Soms effen komt er in glim fan jeugd - In striel - as fan tweintich jier; Om dy hinne lizze de lânnen sa blank, Op 'e flecht elts lef biswier. Dan earder dagen. De dyk bikleaun! Dêr bloeije de wûnders op: De sulveren skippen; it weachgebrûs; De lokjende fûgelrop. Sa sjochste dyn libben: de dagen forgean, Mar waechse ta libbene stoet, En efteroan, yn 'e rige steld, Dou sels yn 'e skyn fan hjoed. Dat is dyn ryk; sjochoan, bitink! Sa wie it dy biskern; It is, en útdien kin it net, It byld giet net forlern. En alles is dinen: it deisk gewraem, It bloeijende maeijefjild, En inkeld in loaits, út it sljochte wei Oer séen en bergen tild. [pagina 74] [p. 74] Twa fersen fan Tao Ch'ien (365-427 n. Chr.). By it lezen fan it boek fan heuvels en seen. Yn 'e Junymoanne waechst heech it gers, En om myn húske weevje de ticht-biblêdde beamtûken; Der is gjin fûgel dy't net hâldt fan it plak dêr't er rêst En ik haw ek mijn reid-dutsen húske leaf. Ik haw it ploegjen dien, Ik haw it sie siedde, Nou haw ik wer tiid om sitten to gean en in boek to lêzen. Yn 'e smelle leane binn' gjin djippe spoaren; De rydtugen fan myn freonen keare faek mar werom, Mei wille skink ik my yn fan myn maiwyn En ploaitsje hwat fan it slaed dat yn myn tún groeit. In edel reintsje komt stil út it easten op, En in sêfte wyn hâldt it selskip. Myn tinzen driuwe loom oer de skiednis fan kening Chou, Myn eagen dwale oer de printen fan Heuvels en Séen; Yn ien loaits sjoch ik it hele heelal oer. - Nea sil hy lokkich wêze, hwa't sok in geniet gjin bihagen jowt. It jonge not. Rêd de jierren, net werom to roppen. Plechtich de stilte fan dizze eale moarn. Ik sil myn foarjiersklaed oantsjen En wol nei it oprinnende fan de eastlike heuvel ta. By de berchstream toevet in mistwolken, - Toevet in eagenblik en giet dan útinoar. Der komt in wyn op, oanwaeijend út it suden, Dy't fûl oer de fjilden mei it jonge nôt boarstelt. Vorige Volgende