De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
I.Ald en yn it wêzen fan de dingen bisletten is de striid tusken klassiken en modernen, tusken de utering fan it algemien-minsklike dêr't it kommen en gean fan de tiden mar in bytsje fet op hat, en de utering fan ien tiidrek, dat him as nij oantsjinnet en him ek sa fielt. Mar de striid dêr't tsjintwurdich de tydskriften fol fan binne, is winliken hwat oars. De klassiken libje fierder boppe de partijen as yn in Olympyske majesteit, en fan alle kanten siket men har freonskip en biropt men jin op har; net allinne de Helleenske oarsprong fan ús kultuer wurdt foreare as yn de dagen fan de Renaissance, mids yn de twadde wrâldoarloch spilen hja ek Shakespeare troch, yn Londen, Berlyn en Moskou. De striid dy't nou woedet, giet tusken it moderne èn it moderne, tusken it moderne fan juster en it moderne fan hjoed. Sa kin men it forstean, dat Mr. Rodman, as hy siket nei in bigrinzing fan it bigryp fan de moderne dichtkunst, hâld siket by in tiids-grins, en him hâldt by de tweintichste ieu. Hwant it is net sa ienfâldich to sizzen hweryn de tweintichste oars is as de njoggentjinde, mar it is net to ûntstriden dat de njogg'entjinde in forline is, en de tweintichste in hjoed. Mei dat ûnderskie is Mr. Rodman lykwols net tofreden; syn twad, en nijsgjirriger, kriterium hat west, oft in dichter him ‘modern’ talike, of net. It earet him, dat hy mei dat bigryp earnst makket, en ús nei syn opfetting dêrfan net riede lit. Net minder as sawn skaeimarken jowt hy op, dy't men, yn hwat foroare folchoarder, faeks op it koartst sa gearfetsje kin: klam lizzen op it deistige mear as op it kosmyske; niget oan it nij-ûntdutsene ‘ûnbiwittene’ mear as oan de ‘siele’; mear bilang by de gewoane as by de helthaftige of bûtengewoane minske; mear bilang by de soasiale oarder as by de ‘himel’ en de ‘natûr’, by de godstsjinst as forskynsel yn forbân mei de sielkunde; fierders, forlitten fan de logyske oarder foar in associatyf for- | |
[pagina 66]
| |
springen fan byld ta byld; forlitten fan de itige dichterlike brûkmen yn tael en foarm; byldspraek dy't hieltyd mear by de deistige sprake oanslút. Is men der safier by troch, as men út dat alles opmakket dat neffens him de moderne dichting har yn it moderne tiidsbyld foeget? Leit dat ek net hielendal yn 'e reden? As dat sa wie, lykwols, soe men forwachtsje meije dat der tusken dichting en mienskip in nije ienheit groeijende wie. Noch yn it iepenbiere, noch yn it kulturele libben is der folle to bikennen, dat dy kant út wiist. Yn Ingelân giet krekt de moderne dichtkunst, en net sûnder goede reden, foar tsjuster en ûnbigryplik by útstek, en in criticus hat langlêsten warskôge, dat, as de tsjintwurdige ûntjowing trochgie, de dichterlike produkten mei gauwens allinne mear fan in keppeltjes dichters lêzen wurde soene; Mr. Rodman lit dúdlik útkomme, dat Amerika sels syn dichters net wurdearret, har mei tige skeane eagen oansjocht, en dat men in steatsman dy't fersen skreau, moai wis foar in oplichter hâlde soe. Mar fierwei meast, tinkt my, sizze de tige opmerklike krityske fersen, dêr't Karl Schapiro, grif ien fan de greatste talinten fan it jonge Amerika, dizze selsum libbene en nijsgjirrig'e karlêzing mei bislút, as hy freget: hwer't de natûr-dichting is?, hwer it leafde-fers en de suvere utering fan it fielen?, hoe't dochs dy eangst foar de oandwaning ûntstien is?, oft der ea sa'n skieding west hat tusken de dichter en syn harkers?, hoe't de dichtkunst har wêzen as skôging fan de siele forlern hat? En dan dy lêste rigels fan syn ynliedend fers ta de lêste ôfdieling: ‘We would find
More art, more love, more poetry of the kind
That Yeats bequeathed, and less verse of the mind’.
As dizze samling wiere rykdom bifettet (en dat docht hja, oerfloedich sels), dan liket soks earder nettsjinsteande har modern karakter to wêzen as dêryn; dan tsjut dat derop, dat, ek hjir, de rykdom fan it minsklike dochs fan de earmoede fan it yntellektualisme net to oerwinnen is. De Amerikaenske dichting sil har ûntsachlike kânsen earst dan forwezentlikje kinne, as hja Amerika net jowt hwat it al hat, dat folle is, mar hwat it ûntbrekt, dat mear is. | |
II.Baudelaire, Rimbaud, Verlaine, Laforgue, Mallarmé: de nammen binne as muzyk, en oan hoefolle hearlike fersen | |
[pagina 67]
| |
roppe hja it oantinken net op! Mr. Rodman neamt har de fiif greaten fan de ivoaren toer, dizze fortsjintwurdigers fan in dichterlik forset, ôfwizers fan in boarg'erlike maetskippij, kunstners fan it symbolisme. Wie Poe wol wier har foargonger, wie hy wol in great dichter, mear as in net alhiel oertsjûgjend virtuoos fan it lugubere? hie hy wol wier mear wêzen as pose? Mar leard fan har hie Yeats, hwaens dichterlik kinnen lykop gie mei syn kultuer-histoaryske bitsjutting, symbolist lyk as Paul Valéry, en Yeats wurke nei twa kanten: hy waerd tagelyk in great fornijer fan de Keltyske tradysje, èn yn de dichtkunst fan de Ingelsk sprekkende wrâld. Oan de blomlêzingen, ek oan dizze, is nei to gean hoe'n great plak Yeats ynnommen hat en jit ynnimt yn de ûntjowing fan de dichtkunst fan de lêste fyftich jier. Jit twa nammen moatte neamd wurde, om to bitsjutten hoe't hwat Mr. Rodman as ‘moderne dichtkunst’ oantsjut, ûntstien en groeid is: Pound en Eliot. Fan beide witte wy yn Fryslân sa goed as neat; fan Pound haw ik witten hawn sûnt 1915, mar ik tink dat ik ek de iennichste wie, en fan Eliot, as Nobelpriiswinder, is de namme nou moai bikend, mar hwa yn de Frysk-literaire wrâld hat syn wurk lêzen? Ezra Pound (berne 1885) en T.S. Eliot (berne 1888) binne beide Amerikaensk fan berte, mar beide binne hja moai gau om utens gien; Pounds namme bliuwt forboun oan de biweging fan it imagisme, mar it by ien biweging to litten wie foar dizze biweechlike fornijer neat; yn de wrâldoarloch tsjinne hy Mussolini as radio-omropper, en woun, finzen nei Amerika fierd, dêr de Pulitzer-priis foar syn fersen; Eliot is weardich, leard, modern, wiisgearich en faek tsjuster op it ûnbigryplike ôf, faeks it bêste foarbyld fan de ‘moderne’ dichter. Yn hoefier kin men nou prate fan ien moderne poëtyske ûntjowing, fan foar Baudelaire oant nei Eliot? Ik wol wol wêze dat ik dêr allinne myn twivel foar oer stelle kin. Ik ha altyd achte dat by de symbolisten de muzyk in greate rol spile (‘de la musique avant toute chose!’), en by folle jongere en yntellektuele dichters liket it my ta, dat krekt dat elemint frijwol ûntbrekt. Mar sa'n ûntjowing ûntstride kin ik ek net; dêrta soe ik folle mear fan de hiele nijere dichtkunst witte moatte as ik doch. Lykwols, mei men fan in blomlêzing as dizze net forwachtsje, dat hy jin yn it fan de titel neamde gebiet alteast hwat paedwiis makket? Mar wylst de ynlieding it probleem fan de moderne dichting | |
[pagina 68]
| |
stelt en ien en oar oer de Frânske symbolistyske skoalle seit, hâldt de karlêzing him hielendal by it Ingelsk sprekkende diel fan de wrâld. It ynternationale aspekt giet sa forlern; men soe dizze karlêzing better oankundigje kinne as Mominten út de Nijere Ingelske en Amerikaenske Dichtkunst. Fortsjintwurdige binne allinne it Ingelsk sprekkende diel fan it Britske Ryk, en de U.S.A. En, lyk as men forwachtsje kin, reitsje dêr de Ingelsken jammerdearlik by yn 'e knipe, dat skraech yn oerienstimming is mei de kulturele wierheit. Fan de goed 100 meidoggers leverje hja sa'n tritich. De nijere Ingelske dichtkunst is hjir gjin haedsaek, en ik sil it dan ek by in inkelde opmerking datoangeande litte. Ik leau, dat de greate krieming hjiryn likernôch by 1930 leit, De mentaliteit fan de Georgianen is stikken oars as dy fan de Victorianen (rounom wranteligens, rounom krityk), mar de earbied foar de dichterlike foarm bliuwt. Dat foroaret om '30 hinne folslein: de krityk wurdt gauris tendenz, it strofyske fers rekket út 'e gunst en in smite ‘frije fersen’ forskine, dy't faek frij ûnforsteanber binne, en mear sin foar puzzel jen as biwûndering foar it moaije by de lêzer ûnderstelle. De oanfal fan Lord Wavell op dizze kunst is, as men útgiet fan de greate Ingelske tradysje, folslein bigryplik. Myn forwachting is lykwols, dat ek nou de tradysje, birike mei winst troch de nije eksperiminten, yn wêzen ûnforswakke, fuortbistean sil; as men neigiet - Mar lit my leaver ôfbrekke, Ingelân leit by wize fan sprekken by de doar, en oer Ingelân en Ingelske skriftekennisse kinne wy dochs nea genôch hearre. Dizz' kear harkje wy nei ‘The Voice of America’. | |
III.‘Senora it is true the Greeks are dead:
It is true also that here we are Americans:
That we use the machines: that a sight of the god is unusual’....
en nou moat men witte, dat hwa't hjir as senora oansprutsen wurdt, de Soasiale Muze is, dy't in rigelmennich letter Madame neamd wurdt en Fraulein en Tovarishch. Fierders moat men witte, dat de dichter, Archibald Macleish, har ûnder it each bringt, dat hy yn syn birop mear mei de ienling to meitsjen hat as mei de massa, dat it foar de minske | |
[pagina 69]
| |
better is neaken to wêzen as in flagge om him hinne to slaen, ‘en dêrby, kammeraetske, hoe sil men in leger omearmje? hoe sil men in miljoen sielen meinimme nei jins keamer? hoe ûntfange yn de namme fan in marsearjende kolonne? De dingen fan de dichter wurde in minske-allinne dien, lyk as de dingen fan de leafde....’. En dêrby moat men witte, dat Macleish berne is yn 1911, toaniel yn fersen skreaun hat, in roman, en in lang fers, dat selsume goed wêze moat, oer de bitsjutting fan it fleanen. Ien foarbyld: Amerika. Ik kin allinne sizze, dat it forfrissend is, forfrissend as baeijen yn 'e sé. Sûnder mis, ús birop hat to meitsjen mei de ierde, de loft en de siele, mar wy kinne in lyts bytsje bigjinne sûnder steapels pompier en potten inket. Om de iene of oare reden is dichtsjen, dat ien fan de meast Paradys-eftige wurksumheden wêze moast, ek ien fan de stoffichste, lyk as elts minske witte kin, dy't twaris jiers in bibleteek útklopje moat. Goed; en de wurking fan dizze Amerikaenske poëzije is sa, dat al it stof weifljocht en it frisse fan de paradys-moarn bliuwt. Op it momint dat de Muze as Senora of Tovaritsj oansprutsen wurdt, libbet hja hommels, hja stiet nêst jin, jong as yn Grikelân. De Amerikanen, kin men sizze, ha gjin kultuer, mar hja hawwe it libben, dat de Rohstoff foar alle kultuer is. It is faeks net logysk en krekt, mar it is wol bûtengewoan learsum, Ingelsken en Amerikanen yn dizze karlêzing troch inoar hinne to setten lyk as Mr. Rodman dien hat: de Ingelsken, op har bêst fortsjintwurdigers fan in greate en eale kultuer, de Amerikanen, wylde bern fan de natûr jit yn mennich ding. Literair-histoarysk sein: dêr't de Amerikaenske poëzije op har bêst is, dêr libbet de geast fan Whitman jit, fan de profeet-dichter, dy't ús iepenbiere dat der in siele fan Amerika wie. Ik wit net, oft it foar ús nedig'er is dit Amerika to forstean, of foar Amerika ús Jeropéske kultuer to kennen; mar ynsafier't it de dichtkunst oangiet, hoopje ik al, dat Amerika himsels bliuwe sil. It hat syn dreamen, dreamen yn dollars wis, mar ek, yn syn dichters, dy dreamen dy't Whitman sines wiene. Ik neam wer gjin nammen, dy't de lêzer neat sizze soene, mar de biwizen dat hwat al dizze sawntich, âlderen en jongeren, bolbjirkenen en wiisgearigen, yn har geast roundrage, in Amerikaensk ideael is, út krêft hwerfan hja Amerika haetsje en leavje kinne tagelyk, - | |
[pagina 70]
| |
dy biwizen jowe ek de wissichheit fan in great folk, dat, himsels bliuwend, oars wurdt as it wie. Lit ús by einbislût jit harkje nei it lûd fan in âldere, Vachell Lindsay, ‘a bringer of beauty to the people’: ‘Let not our town be large, remembering
That little Athens was the Muses' home,
That Oxford rules the heart of London still,
That Florence gave the Renaissance to Rome....
Let every citizen be rich toward God,
Let Christ, the beggar, teach divinity,
Let no man rule who holds his money dear.
Lit this, our city, be our luxury....
We must have many Lincoln-hearted men,
A city is not builded in one day,
And they must do their work, and come and go,
While countless generations pass away.’
En de meast moderne fan Amerika's moderne dichters, Karl Schapiro: ‘more art more love’. |
|