De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 64] [p. 64] Klaes Dykstra: It bitsjoende kastiel (nei Jeanne d' Orge). Wy founen 't lâns tomûke treppens Fan peaën.... Doe boarstte de doar op En 't fordwoun.... Pats.... Boem.... Wy stean wer op 'e groun.... ‘Hwat sizze de minsken?’ ‘Hja forwachtet in lytsen....’ ‘Hy naeide as in rôt út....’ ‘It fanke leit yn 'e goate....’ ‘En it kastiel?’ ‘Jo wol dôch net sizze, Dat Jo dat mearke leauwe?’ Myn spegel (nei Aline Kilmer, berne 1888). Myn keamer is in spegel ryk, In grêf mear as in spegel lyk, Der strykt sa mannich geastbyld lâns It oerflak fan dy glêzen glâns. As ik my moarntiids jow fan 't bêd, Mei kringen om 'e eagen mêd, En foar de spegel boarstljend stean, Komt dêr ús Memme-mem my tsjin. As ik op 't midden fan 'e dei Dêrhinne gean, tafallichwei, Stiet dêr bitroud in glimke yn: Us Mem fan tweintich jier forlyn. Mar as ik riis by kearseljocht, En 't popke tate jow by nacht, Dan stiet nei my dêr bleek to sjen 't Forstoarn gesicht fan my as bern. Vorige Volgende