| |
| |
| |
Drs. A. Kooiker:
Marshall-plan en Atlantysk pact.
Under frijhwat bihyplike omstannichheden yn it maetskiplik libben - yn de lêste oarlochsjierren waerd it ús by tiden mar pynlik yn 't sin brocht - kin it barre, dat immen om bistean to kinnen syn produkten roalje moat oan dy fan syn meiminsken. De bakker moat dan safolle bôllen jaen om in pak klean krije of syn skuon opmeitsje litte to kinnen; de smid sil foar hwat bûter of tsiis it hynder fan de boer bislaen, ensfh. Tige glêd forrint sa'n roalhannel út soarte net. In tuskenmiddel, dat algemien gongber is en dan ek it algemien bitrouwen hat, is winliken ûnmisber. Dêrfandinne kin it yn it ekonomysk libben net sûnder jild, mar by einsluten giet it dochs om de produkten, net allinne by de boeren en de ambachtslju op 'e doarpen, mar likegoed by alle oare kategoryen yn de gewesten en de lannen, en tusken de lannen ûnderinoar.
In tige fier trochsette wurkfordieling, dêr't forskate gebieten har by útlizze op it fuortbringen fan biskate produkten, is de grounslach fan de ynternasjonale hannel. Yn 'e praktyk komt it lykwols hast net foar, dat it iene lân krekt likefolle oan it oare forkeapet as it dêrfan keapet en likefolle tsjinsten, lyk as skipfeart, forsikeringen ensfh., biwiizget as dêr't it gebrûk fan makket. Hwannear't nou it forskil forrekkene wurdt yn in ienheit dy't ek de oare lannen ûnderinoar brûke, lyk as foarhinne it goud, dan is it paed frij foar in libbene ynternasjonale hannel; binammen hwannear't der in bipaelde forhâlding fêststeld is tusken de jildienheit fan de ûnderskate lannen en dat goud. Easket in lân, dat fan oare lannen jild to goede hat, yn sté fan de bûtenlânske jildmiddels goud en dy lannen steane yndie in part fan har goudfoarrie ôf, dan kinne wy fêststelle dat it ynternasjonael hannels- en bitellingsforkear moai frij is.
Sa'n tastân hiene wy oan 'e ein fan 'e 19e en yn it bigjin fan 'e 20e ieu. Foar de útboarsting fan 1914 stiene de ekonomyske struktueren fan frijhwat lannen op de grounslach fan in oant yn it folsleine wurkjend ekonomysk forkear tusken dy lannen. De earste wrâldoarloch waerd de oarsaek fan in folsleine omkear op dit stik fan
| |
| |
saken. Ommers, ta in goed wurkjen fan 'e gouden standert wie it jin hâlden oan biskate spulregels needsaeklik. Guon lannen wiene fan bitinken, dat hja krekt dwaen koene as bistiene dy regels foar in part net, of dat it dêr sa krekt net mei kaem, wylst hja oan 'e oare kant wol wer fan de foardielen fan it systeem profiteare woene. Sûnder gefolgen bliuwt soks lykwols net, en dy lannen hawwe har lean dan ek wol foargoed weikrige. Mei gâns lijen waerd der in nij systeem yninoar ript, mar de ynternasjonale hannel toskronfele stadichwei fierder en tsjirme der sa linkelytsen noch mar hwat hinne. De nasjonale sentiminten forsetten har tsjin it stelsel en dat wie fan dy gefolgen, dat guon lannen bisochten har foar de feitlike konsekwinsjes wei to winen. Dat houd ommers yn, dat troch in ynternasjonale yntegraesje fan it jildwêzen, dy't de algemiene woltier moai bifoardere hie, ipso facto in part fan de ekonomyske selsstannichheit forlern gie. In jin folslein hâlden oan de spulregels wol sizze dat in lân ré wêze moat om forsteurings dy't yn it bûtenlân har ûntstean fine oer him komme to litten, of tominsten net bislute mei him dêrtsjin to forwarren. Sille de gefolgen fan sokke forsteurings foar in part opheind wurde, dan moatte der meiinoar yn ynternasjonael forbân middels en wegen op socht wurde. Docht elk lân dat op eigen manneboet, dan liedt soks ta it brûken fan lapmiddels, dy't de kwael allinne noch mar slimmer meitsje.
Dan boarst de twadde wrâldoarloch los: forheftiger, algemiener, langer duorjend en mear forwoastings meibringend as de earste. Hwannear't de ûnderskate regearingen nei de greate brân de balâns opmeitsje, is de skea omtrint net oer to sjen: forwoastingen, fornielingen, skea oan it produksje-apparaet, útmergeling, forâldering en slitaezje oan de produksjemiddels, dy't ommers net forfongen wurde koene, op gâns plakken earnstige forsteuring yn de fan âlds bisteande wurkfordieling tusken de agraryske en de yndustriële sektor; de grounslach dêr't de moderne biskaving op rêstte, wie wankel wurden. De regearingen waerden twongen, har bûtenlânske valuta to brûken yn it earste plak foar fiedingsmiddels en fierders foar it op peil bringen fan it produksje-apparaet. Dêr komt noch by, dat yn forskate lannen de waen libbe (en yn 't libben hâlden waerd) dat de tastân sa nuodlik noch net wie. Om út de niten to reitsjen, wie it nedich, dat it
| |
| |
produksje-apparaet útwreide waerd en folslein op gong komme soe. De middels dêrta, d.w.s. de dollars - hwant de Foriene Steaten binne de greate leverânsiers wurden, binammen fan produksjemiddels - misten lykwols. Hoe nou in útwei to finen en de folsleine ûnderg'ong dy't Jeropa aloan mear wankte, ôf to kearen?
Noch de plannen fan Keynes en White, noch de oerienkomst fan Bretton Woods koene helpe. Der wie in chronysk dollartokoart ûntstien. Doe kaem op 5 Juny 1947 minister Marshall foar 't fuotljocht en wiisde in útwei oan. It kaem ta bisprekkingen yn Jeropa, en al in moanne letter folge de konferinsje fan Parys mei sechstjin meidwaende lannen. Der waerd in rapport foar Jeropeesk ekonomysk meiinoar-oparbeidzjen opsteld, en al yn April 1948 waerd de wet dy't dêr forbân mei hâldt troch Truman ûndertekene. Ruslân wegere mei to dwaen, hwant in Jeropeesk ekonomysk plan dat ûnder Amerikaenske pressy ta stân kommen wie soe neffens Russysk bitinken de souvereiniteit fan de meidwaende steaten tofolle bikoartsje. It hat der dan ek frijhwat fan, dat in plan ta deun meiinoar-oparbeidzjen yn it ekonomyske tusken ûnderskate steaten net mei it Sovjetstelsel yn 't lyk to bringen is. De driuw nei autarky en dus nei biheining fan de bûtenlânske hannel is dêr jit altyd tekenjend.
De E.C.A. (Economie Co-operation Administration) waerd oprjochte om 't de tastân lyk as dy yn Jeropa wie de fêstiging fan in duorsume frede yn gefaer brocht en dêrmei ek de nasjonale bilangen fan de Foriene Steaten en de doelstelling fan de Foriene Naesjes. In krêftich ekonomysk meiinoar-oparbeidzjen tusken de Jeropeeske lannen is needsaeklik, om't de Amerikaenske help - foar in part yn de foarm fan lieningen, t.w. op syn minst 25%, foar in part as jefte - der fan ôfhinget, ynhoefier de sechstjin meidwaende lannen meiinoar oparbeidzje. Alle meidwaende lannen hawwe in fordrach sletten mei de Foriene Steaten, hwerby't hja de forplichting op har nimme, bipaelde bitingsten, lyk as it opfieren fan de produksje. it stabilisearjen fan de munt, it meiinoar oparbeidzjen yn it ekonomyske ensfh., nei to kommen. Dêrfoaroer litte de Foriene Steaten harren jild takomme, itsij dan as liening of as jefte, De tsjinwearde fan de lêste kategory moat op in spesiale rekken boekt wurde by de sintrale bank fan de ynbarrende lannen. Allinne mei tastimming fan de
| |
| |
Foriene Steaten mei dêr gebrûk fan makke wurde. De sommen dy't alle jierren tastien wurde sille, moatte hiellyd weroan fêststeld wurde; foar de kontinuïteit hat dat út soarte syn gefaerlike kant. Yn 1952 sil it mei de help oan Jeropa út wêze. Dan moatte de Jeropeeske lannen dêr't it hjir om giet har bitellingsbalâns yn 'e like hawwe. De saneamde trekkingsrjochten (‘drawing rights’) tsjinje ta it bifoarderjen fan de ûnderlinge hannel tusken de Marshall-lannen. Dat wol sizze, dat in part fan de ûntfongen Marshall-help troch in lân oan oare Jeropeeske lannen trochjown wurdt yn de valuta fan it trochjaende lân.
Foar Nederlân kamen Marshall-help en trekkingsrjochten meiïnoar op net minder as goed ien miljard goune jiers. Mei oare wurden: 8 oant 9% fan it nasjonael ynkommen kriget Nederlân tojow. Dat soks sa net trochgean kin, seit himsels. Sûnder dizze help lykwols sil Nederlân yn it jier dat it mei de Marshall-help út is, syn hjoeddeisk libbenspeil net hânhâlde kinne.
Mei de Marshall-help hawwe de Foriene Steaten in djûre forplichting op har nommen foar it bûtenlân oer. Hokker doel hiene hja dêrmei? Der wiene humanitaire redenen, dy't der ta dreaune. Der binne ek ekonomyske en politike motiven; de lêste wurde yn it Harriman-rapport net foar de minst bilangrike oanmurken. De sechstjin Jeropeeske steaten binne de greatste groep, dêr't de ideology fan persoanlike rjochten en frijheden noch fordigene wurdt. Dy lannen binne in hoekstien yn it feilichheits-bouwurk fan de Foriene Naesjes, dat hja kinne op dit stuit net mear oan harsels oerlitten wurde, hwannear't men alteast net de kâns rinne wol dat hja har polityk in oare kant út: nei it Easten, oriëntearje. De Marshall-help moat tsjinje ta it bihâld fan demokraty en op 'e frijdom rjochte ynstellingen. Yn de taljochting op it plan waerd de Sovjet-Uny foar in boarne fan gefaren forsliten. It polityk aspect fan de Marshall-help komt yn de rin fan de jierren dan ek aloan dúdliker nei foaren.
Hat dus it Marshall-plan, dat him oan ús suver ekonomysk foardocht, al in polityk groun-motyf, it Noard-Atlantysk Fordrach, to Washington op 4 April 1949 ûndertekene, is formeel in politike oerienkomst. Sa'n tolve lannen falle der ûnder. It forlet fan byinoar-oansluten waerd yn 'e lêste oarloch al field, doe't gâns lannen fiif lange en bange jierren yn 'e macht wiene fan in oanfaller sûnder genede.
| |
| |
It bigjin fan dizze koälysje is to finen yn it Fordrach fan Brussel yn 1948, dêr't Frankryk, Ingelân, Nederlân, België en Luxemburg oan meidiene. Letter waerden de Foriene Steaten en Canada der yn bihelle, wylst neityd noch in pear lannen folgen. Krektlyk as it Fordrach fan Brussel is it Noard-Atlantysk Pact yn it earste plak in organisaesje ta mienskiplike selsfordigening op groun fan it mienskiplik bilang dat de meidoggers hawwe yn it Noard-Atlantysk gebiet. It fordrach is dus de ein fan in yllúzje, fan de hope ntl. dat de Foriene Naesjes op harsels der foar soargje kinne soene dat de frede yn 'e wrâld biwarre bliuwt, en de politike konsekwinsje fan de ekspânsjedriuw fan Ruslân, de reäksje fan it Westen dus op de bidriging út it Easten wei.
De meidoggers hawwe de forplichting op har nommen, har to forsetten tsjin in oanfal mei de wapens. De Foriene Steaten sille wapens, munysje en grounstoffen leverje om de wjerstân greater to meitsjen. It gefolch is dus in deun meiïnoar-oparbeidzjen, fral op militair gebiet, dêr't út soarte de Foriene Steaten de greatste ynfloed by hawwe.
It Noard-Atlantysk Fordrach is in logyske oanfolling op de Marshall-help. It is ommers net mooglik, dat Jeropa ekonomysk wer op fuotten komt, hwannear't it him net feilich fiele soe.
De direkte wearde fan it Marshall-plan leit sûnder mis hjiryn, dat de Jeropeeske lannen biwarre bleaun binne foar in sikerwier binearjende likwiditeitskrisis. Mar, lyk as al sein is, dat is mar foar in skoft. Der sille gâns mear jierren as de fjouwer of fiif, dêr't de Marshall-help foar jildt, mei hinnegean, eardat it mei it evenwicht yn Jeropa wer foarinoar is. De Jeropeeske ekonomyske struktuer is ommers folle en folle slimmer forsteurd as nei 1920. De jeften fan de Foriene Steaten binne wol tige fan bilang, mar de Foriene Steaten sille net oanienwei foar Sinteklaes spylje kinne. De West-Jeropeeske lannen sille wer leare moatte, op eigen fuotten to gean. Yn sté fan de likernôch twahûndert bilaterale hannelsoerienkomsten dy't der nou binne, moatte der multilaterale fordraggen komme. Op groun fan de ynternasjonale wurkfordieling, lyk as dy troch de ieuwen hinne groeid is, is dat foar gâns lannen in libbenseask. De bilaterale oerienkomsten binne in bihindering foar it ynternasjonael hannelsforkear, hwant de útwikseling fan produkten en tsjinsten hinget dan net mear
| |
| |
ôf fan ekonomyske mooglikheden, mar fan de tafallige folchoarder op 'e list en fan de biskikbere devizen of reserves. Dat wol ommers sizze, dat de ynfier djûrder is, de útfier minder opbringt en der yn e hannel minder omgiet as oars it gefal wêze soe. It soe yn dit forbân wol gaedlik wêze, dat ek dy lannen dy't in aktive hannelsbalâns hawwe, har oan de regels hâlde en net wegerje, har troch de lannen dy't by harren yn 'e skuld steane mei produkten bitelje to litten. Ek soe it in gunstige ynfloed hawwe, as de ynfier minder tsjingien waerd.
Nou soene wy forwachtsje, dat de Jeropeeske lannen, dy't op gâns gebieten meiïnoar oparbeidzje (moatte), ek de bilangen dêrfan foar eagen hâlde en de mienskiplike bilangen foargean litte by de nasjonale. Dochs is dat ornaris net it gefal. Dúdlik komt dat út by de devaluaesjes, dy't foar it greate Jeropeeske probleem - in algemien tokoart oan dollars - nei ús bitinken gjin ôfdwaende oplossing wêze sille. Op dat stik fan saken die it bliken dat der fan in meiïnoar-oparbeidzjen noch net folle op 'e hispel komt. Mei de trekkingsrjochten stiet it der krektlyk foar. Sa út en troch komme der principiële forskillen fan ynsjoch oan it ljocht, hwat de modaliteiten fan it oparbeidzjen oanbilanget. Wy kinne de yndruk, dat guon lannen bisykje har nasjonale bilangen to bifoarderjen sûnder dêrby mei oare naesjes mear as in bytsje rekken to hâlden, wylst hja oan 'e oare kant war dogge om in part fan de biswieren op oaren ôf to skouwen, net earlik kwytwurde. Dat soks oan it meiïnoar-oparbeidzjen skea, alteast gjin goed docht, is dúdlik. It is in forskynsel dêr't nimmen bliid mei wêze kin.
Ek Nederlân is op dit stik net ûnskuldich. Nettsjinsteande de binearjende ekonomyske tastân binne wy in djûr lân mei in navenant lege arbeids-productiviteit, in lân dat, skeind en slein fan oarloch en bisetting, der ta oerhinget, de flaters en tokoarten jit altyd op rekken to skriuwen fan it oarlochsgewelt en de gefolgen dêrfan, sûnder de moed to hawwen himsels to ûndersykjen en krekt to sizzen hwer't it kwea sit. Us produksje is, yn forgeliking mei de consumpsje, to leech. Ynkoarting fan consumpsje sille wy dan ek net foarwei kinne. It tokoart op 'e bitellingsbalâns, dat yn wêzen in disharmony bitsjut tusken produksje en ynfier oan 'e iene en consumpsje en útfier oan 'e oare kant, kin foar in great part sa forklearre
| |
| |
wurde: yn de oarloch is 20% fan it nasjonael bisit forneatige; yn 1938 kaem 10% fan it nasjonael ynkommen út Ynje; 15% fan de sichtbere útfier gong nei Dútsklân; wylst boppedat yn 'e rin fan tsien jier de bifolking' tanommen is mei 1,1 miljoen, dêr't fansels de consumpsje gâns troch omheechgien is.
Yn Nederlân en oare lannen hawwe wy to krijen mei foroaringen yn 'e ekonomyske structuer. Meiïnoar-oparbeidzjen, yn lytser of yn greater forbân, kin gâns goeds to weech bringe, mar it is dúdlik dat de Foriene Steaten de lieding hawwe. West-Jeropa is yn in posysje fan ôfhinklikheit rekke.
De wrâld wurdt lytser en lytser; de souvereiniteiten wurde priisjown; der wurdt net mear tocht yn provinsjes, net mear yn lannen, mar yn contininten. Riken fan juster binne provinsjes fan moarn. It giet by einsluten om twa greate machtsconsintraesjes.
Plan en Pact binne fan bûtenwenstige bitsjutting foar de takomst fan Nederlân en foar dy fan Jeropa. Byhwannear't de help binefter bleaun wie, soene Nederlân en oare Jeropeeske lannen sa djip yn 'e swierrichheden rekke wêze, dat fan gefolgen soasjale ûnrêst, ja sels in chaos net foar to kommen west hie. De Marshall-help hat ûnskatbere tsjinsten dien. It komt nou foar de Jeropeeske steaten op, troch ienriedich oparbeidzjen sjen to litten dat hja dy help weardich west hawwe.
Ljouwert.
13-10-1949.
|
|