De meiwurkers oan dit numer
Biografyske oantekeningen.
Sjoerd van der Schaaf. Berne 1 April 1906 op 'e Gordyk, 5-Jierrige H.B.S. Dêrnei stúdzje Steatsynrjochting M.O. Wurksum earst oan inkelde siktaryen; fan 1931 ôf journalist: Arbeiderspers to Utrecht, Grins, Amsterdam, Ljouwert; ûntslein yn 1942. Meiwurker illegale parse, sûnt 1945 haedredakteur fan it deiblêd ‘Heerenveense Koerier’ op 't Hearrenfean. Yn 1949 reis nei de Foriene Steaten fan Amearika. Publikaesjes û.o.: ‘It geheim fan de Greate Wielen’ (1941), ‘Abbingawâld’ (1946, yn 1949 yn Hollânske oersetting). Novellen yn ûnderskate tydskriften û.o. ‘De Tsjerne’. Printré in biografy fan G.L. van der Zwaag.
Klaes Dykstra. Berne 10 Juny 1924 yn it skoalhûs op Kromhoek, Sigerswâld, (Opsterlân); wennet sûnt 1931 yn Ljouwert, dêr 't er yn 1937 learling fan it Sted.-Gymnasium waerd, (ein-eksamen yn 1943); studearret sûnt 1945 oan 'e Ryksuniversiteit to Grins yn 'e Ingelske tael en letterkunde, (kandidaets-eksamen yn 1949). Yn tarieding: ‘Untwyk’ (fersen).
Dr. Obe Postma. Berne 29 Maert 1868 to Koarnwert. Gymnasium to Snits; stúdzje wis- en natuerkunde to Amsterdam; 1893-'94 learaer to Tilboarch, dêrnei oant 1933 to Grins. Yn 1895 promovearre to Amsterdam op proefskrift oer ‘Uitstraling en Opslorping’. Sûnt 1933 amtleas to Ljouwert. Krige yn 1947 de Gysbert Japiks-priis foar Fryske litteratuer, takend troch de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Meiwurker oan ‘De Tsjerne’ en oare tydskriften. Ek publikaesjes op kultuerhistoarysk gebiet, û.o. oer de Fryske boerepleats. Dichtbondels: ‘Fryske lân en Fryske libben’ (1918, 1923), ‘De ljochte ierde’ (1929), ‘Gedichten fen Rilke’ (1933), ‘Dagen’ (1937), ‘It sil bistean’ (1946). Yn 1949 kamen út ‘Samle Fersen’.
Prof. William Spoelhof. Berne 8 Des. 1909 to Paterson, New Jersey út in Fryske immigrantefamylje. Jongste soan fan Rinse en Tsjerkje Spoelhof dy't yn 1892 út St. Anne nei Amearika forhuzen. Yn 1931 kandidaetsexamen oan it Calvin College yn Skiednis en Steatswittenskip. Fuortsette stúdzje oan de Columbia-universiteit en de universiteit fan Michigan. Oan 'e lêste yn 1937 promovearre yn 'e letterkundige en histoaryske fakulteit, yn 1946 ta doctor yn 'e Philosofy. Proefskrift oer de Bruorskip fan it Miene Libben. Luitenant op 'e Amerikaenske float yn de twade Wrâldoarloch, en tsjinne yn in Amerikaenske ienheit forboun oan Montgomery syn legers yn Nederlân fan Oktober 1944 oant Augustus 1945. Krige fan it Nederlânsk Regear it eareteken fan Ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau (mei de swurden) en de Brûnzen Stjer fan it Amerikaenske Regear. Optheden tafoege Heechlearaer yn Skiednis en Steatswittenskip oan it Calvin College to Grand Rapids, Michigan. Adres: 2460 Almont Ave., S.E. Grand Rapids, Michigan.
David Cornel de Jong, sjoch bls. 28-30. Adres: 119 Benefit Street, Providence 3, Rhode Island.