De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 45] [p. 45] Fedde Schurer en Anne Wadman: Fjouwer oersettingen nei Langston Hughes (berne 1902). Healbloed. In blankenien wie myn âldman, ús âld mem wie in swartenien. Haw ik ea myn blanke âldman forflokt dan ha 'k dêr forkeard oan dien. Haw ik ea myn swarte âldfrou forflokt, har nei de fordommenis stjûrd, nou spyt it my hierren op myn kop en winskje 'k har neat as goed. Myn âldman stoar yn in rikeljushûs, ús mem yn in houten krûpyn. Ik, blank noch swart, freegje my ôf hwer't ik myn ein ris fyn? Liet foar in swart fanke. Fier yn 't Súd yn Dixie (myn hert is de dea gelyk) dêr hongen hja myn swarte feint oan in beam dwers oer 'e dyk. Fier yn 't Súd yn Dixie (yn 'e loft dy tobriizle lea) ha 'k de blanke Hear Jezus frege hwat doel hie noch in bea. Fier yn 't Súd yn Dixie (myn hert is de dea gelyk) is leafde neat as in neakene skym oan in neakene beam oer 'e dyk. [pagina 46] [p. 46] Frou yn lijen. Hja stiet yn it swijend tsjuster, dit lijend minske, bûgd fan pine en skjin ynein, lyk in lette hjerstroas yn biferzen rein. Lyk in lette roas yn hjerstwyn dy't nea syn haed wer heeft oan 'e ein. Myn freon. Hy wie my nei. Hy gyng wer by my wei. Dêr is it wol mei sein. It fers nimt ein, sêft as it bigjin - Hy wie my nei. Vorige Volgende