stimrjocht) wie de greate reedner en journalist Frederick Douglass, in fuortroune slaef.
As men litteratuer sjen moat as de ôfspegeling fan de kulturele status fan in mienskip, wize de inkelde boeken dy't Negers skreaun hawwe yn en fuort nei de slavetiid, oan, hoe foech as it der jitte foarstie mei har ûntwikkeling. Mar twa greate Amearikaenske autobiografyen, The Life And Times Of Frederick Douglass en Booker T. Washington syn Up From Slavery binne skreaun fan mannen dy't yn 'e slavernij berne wiene. En de treflikste Negerdichter fan Amearika, Paul Laurence Dunbar, waerd berne as soan fan sljochtweihinne âlden noch gjin tsien jier nei it yngean fan de frijdom.
Fansels warden de folksdichters en fortellers har, nei wierskyn al sûnt de earste Afrikaenske slaven yn 1619 foet oan wâl setten yn Virginia. Hja brochten har Afrikaenske diere- en natuerforhalen oer nei de kusten fan Amearika, forspraetten dy mounling en pasten gâns dêrfan oan by in nije tael en in nije wrâld. Mear as twa ieuwen letter hat in blanke, Joel Chandler Harris, dy slave-forhalen forivige yn syn Uncle Remus Stories.
Nimmen wit mei wissichheit hoenear't foar it earst de poëzij yn de Ingelske tael mei de spirituals forrike waerd. Mar tige ier al yn 'e slavetiid moatte dy ‘sorrow songs’ har ynlike melodijen en har djiptaestende wurden yn de Súdlike nacht opstjûrd hawwe, nei lange wrede dagen fan bodzjen sûnder lean. As de dea de iennichste útwei like, dan songen de slaven:
‘Swing low, sweet chariot,
Coming for to carry me home......’
of dat binearjend moaije:
I want to cross over into camp ground......’
Yn syn gedicht ‘O Black And Unknown Bards’ skriuwt James Weldon Johnson yn oandwaenlike wurden oer de anonime skeppers fan dy wûhdermoaije sangen.
Like moai as de spirituals binne yn har soarte de blues. En dy hawwe in tige djipgeande ynfloed hawn op 'e Amearikaenske populaire muzyk. Geast, atmosfear en muzikale thematyk binne net langer eigendom, fan de Neger, mar fan hiele Amearika. Untstien om 'e ieuwiksel hinne yn de greate negerwiken fan de stêdden fier yn it Suden, binne