‘En hawwe jo gjin famylje?’ frege ik, en stoarre nei de oare ein fan 'e brêge dêr't in pear lêste karren by de skeante fan 'e igge delskeaten.
‘Né’, sei er, ‘allinne de dieren haw ik oanjown. Mei de kat sil 't fansels wol ynoarder wêze. In kat kin himsels rêdde, mar ik wit net hwat der fan 'e oaren wurde sil.’
‘Fan hwat kant binne jo?’, frege ik.
‘Ik doch net oan polityk’, sei er. ‘Ik bin sels en sawntich jier. Ik ha nou tolve kilometer roun en ik leau, ik kin net fierder.’
‘Dit is gjin goed plak om to bliuwen’, sei ik. ‘As jo it dwaen kinne, der binne trucks op 'e twasprong nei Tortosa.’
‘Ik sil noch in skoftke wachtsje’, sei er, ‘en dan gean 'k fierder. Hwer geane dy trucks hinne?’
‘Nei Barcelona’, fornijde ik him.
‘Ik ken gjinien dy kant út’, sei er, ‘mar tank jo wol. Jitris tige tank.’
Hy seach my tige forwezen en wurch oan, en doe sei er, omt er syn noed mei immen diele moast: ‘De kat dat sil wol goedkomme, dêr bin ik wis fan. Om 'e kat hoege wy net yn noed to sitten. Mar de oaren. Hwat tinkt jo dêrfan?’
‘Nou, dy sille it ek wol oprêdde.’ - ‘Tochten jo?’
‘Hwerom net?’ sei ik, en seach nei de oare igge dêr't nou gjin karren mear wiene.
‘Mar hwat sille se dwaen by it bombardemint doe't hja my seine om fuort to gean, om it bombardemint?’
‘Siet de douwekouwe op slot?’, frege ik. - ‘Né.’
‘Dan sille hja wol fuortfleane.’
‘Ja, grif sille se fuortfleane. Mar de oaren. Men kin mar better net oan dy oaren tinke’, sei er.
‘As jo bikaem binne soe ik mar fierdergean’, stie ik him oan. ‘Gean oerein en bisykje to rinnen.’
‘Tank jo’, sei er en gie op syn skonken stean, slingere fan 'e iene side op 'e oare en sakke doe efteroer yn it stof.
‘Ik moast op 'e dieren passe’, sei er sleauwich, mar net mear tsjin my, ‘Ik paste allinne op 'e dieren.’
Hy wie net mear to helpen. It wie Peaskesnein en de Fascisten krongen op nei de Ebro. It wie in grize, tsjustere dei mei in lege loft, dat har fleanmasinen koene net omheech. Dat en it feit dat katten witte hoe't hja har rêdde moatte, it wie alle fortún dat dy âld man ea hawwe soe.
(Ut: ‘The first forty-nine Stories’.)