De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 37] [p. 37] Klaes Dykstra: Lincoln, de man fan it folk (nei Edwin Markham, 1852-1940). Doe't Norne-Mem de Twirre skuorren seach De hieltiid fûlder en al mânsker oan, Kaem s' út 'e Himel fan 'e Helten del Ta 't skeppen fan in man de deadsneed treast. Sy naem de deugdsme klaei fan 't sljochtwei paed, Klaei waerm noch fan de mylde gloed fan d' Ierd, En mong dêrtroch in kerltsje profesij; Mei minske-triennen kuolle hja de gloed; En mjokse doe in glimk troch 't earnstich daei. Yn d' eale foarm bloes hja in ljochte spark Foar 't tragysk, stees-foroarjend, tear gesicht. Hjir wie in man, dy't stean koe tsjin de wrâld, In man, partûr foar bergen en de sé. De reade kleur fan 't sân song yn syn stal; De smaek fan d' eleminten en har rook; De steilens en forduldigens fan 't klif; De myldens fan de rein dy't hâldt fan 't grien; It golle noegjen fan de welle oan 't paed; De kriich fan kobben wraksljend mei de sé; De blidens fan de wyn dy't strykt oer 't nôt; 't Gefoel fan snie dy't alle groeden klaeit; It heimnis fan de ûndergrounske stream Dy troch in spjalt tofoarskyn buorrelet; Lôge yn syn siel ien fjûr en ien bislút: It rjocht en de fordraechsumens fan 't ljocht Dat likefolle oer 't toarjend blomke skynt As oer de iik mânsk streamend yn 'e wyn, Oer 't needrich grêf as oer de Matterhorn Dy tuorket yn 'e loft. As bern fan 't West Bisiele it ûnbipade wâld syn geast, Bistille it roerleas prairy-wiid syn moed. Op reis fan blokhut nei it Kapitoal Lôge yn syn siel ien fjûr en ien bislút: De hakse-bile sette yn it kwea, En slaen in paed foar Goades fuotten frij. [pagina 38] [p. 38] En jimmer stribbe hy by alle dwaen Nei d' elegante, keninklike trant: Hy boude in hutte, sa't er boude in Steat; Hy geat syn wûnder-krêft troch elke slach. En syn gewisse hifke elke slach, Dat mar syn dwaen in man bifetsje soe. Sa kaem de Kapitein mei 't krigel hert; En doe't de oardielstonger 't hûs to-briek, De spanten skuorde út 'e âlde rêst, Hold hy de naelspier rjocht en spykre wer De bynten fan it Hûs. Hy hold syn plak, Hy hold it lange doel as waeksend beamt, Hold út troch hún en wiple net by rom. En doe't er foel yn twirren, kaem er del Lyk as in steatlike esk, folgrien fan blêd, Mei dûnker lûd delstoart op 't heuvellân En tsjin 'e loft in leechte efterlit. Vorige Volgende