| |
| |
| |
Prof. B. Fridsma:
De literatuer fan Fryske lanforhuzers yn Amearika.
Gjinien sil úthâlde wolle - de Amerikaen it alderminst - dat de skriftekennisse fan de Foriene Steaten, as dy lein wurdt nêst dy fan bygelyks Ingelân, Dútsklân of Frankryk, der útkipt troch bitsjutting, rykdom of skientme. It is faeks ek net to forwachtsjen, dat in lân dat noch sa jong is en dat syn opgong to tankjen hat oan breasykjende en bodzjende immigranten, nou al foaroanstean soe yn literaire tradysje en kultuer. Dêrfoaroer falt it dochs net to ûntstriden, dat de forneamde ‘melting pot’ fan de folken, foaral dizze lêste ieu, dwaende is mei it skeppen fan in libbene en nijsgjirrige literatuer, dy't folle weardichs ûnthjit en dêr't binammen in greate rykdom fan kleur en forskaet yn to bikennen is. Ta dy rykdom fan kleur en forskaet hawwe lokkigernôch ek de Friezen har part bydroegen.
It hat eig'enskip, dat de Fryske bydrage ta de Amerikaenske literatuer tige biskieden is. Der binne einlik mar trije, fjouwer Fryske nammen, dy't yn 'e Amerikaenske literaire wrâld nei foaren komd binne. It binne allegearre nammen fan noch libjende Friezen, in biwiis dat de literaire kunst ûnder de Fryske lânforhuzers har net ier ta bloei set hat. Faeks is it lykwols net sûnder bitsjutting en ûnthjit, dat de namme dy't yn tiidsfolchoarder it lêst komt de meast forneamde is.
***
De earste Fries, dy't hjir hwat namme makke hat as skriuwer, is Henry Kay Pasma (berne 1881). Easterbjirrumers sille him kenne as Hindrik, soan fan Klaes Piters Pasma en Klaske Nauta. As great jonge rekke er nei sé en bidarre yn 1899 yn Amearika. Letter joech er him oan de stúdzje, earst op it Rutgers en Hope College en dêrnei op it Western Seminary, dêr't er yn 1913 mei syn theologyske stúdzje rékaem. Yn 1930 helle er de doktorstitel op 'e Washington Universiteit mei in proefskrift oer: The Contribution of the Frisians and the Dutch to the Philosophical Idea of Freedom. Nei 1913 hat Dr. Pasma ûnderskate ‘Reformed’ en ‘Presbyterian’ gemeenten tsjinne. Sûnt 1927 is er foargonger fan de Presbyteriaenske tsjerke to Rockville, Maryland.
| |
| |
Dr. Pasma is faeks it meast bikend wurden troch syn Close-Hauled, 1930, in autobiografysk wurk, dêr't er op talintfolle wize yn fortelt fan syn jongesjierren yn Fryslân, syn swalkjen op sé en syn earste avontûrlike jierren yn it lân fan dream en winsken. It boek hat tige fortsjinstlike einen. Foaral de séavontûren binne mei dramatyske krêft biskreaun, en bringe de lêzer de forneamde forteller fan séforhalen, Joseph Conrad, yn it sin.
Yn 1932 kaem der fan Pasma in berneboek yn 't ljocht mei de namme: The Enchanted Sword. It hiele forhael spilet yn Fryslân. De skriuwer, docht bliken, hat in djippe leafde foar Fryslân en de Fryske frijdomstradysje. Hoewol't er net folle fan de Frysk-nationale biweging ôfwitten hawwe sil, biskriuwt er de Friezen net as de biwenners fan in Nederlânske provinsje, lyk as dat faken dien wurdt, mar as in apart folk mei in eigen forline en in eigen takomst. Der binne situaesjes yn dit boek dy't sels in bern hwat al to ûnnatuerlik en opmakke foarkomme sille, mar it forhael is oars flot en ûnderhâldend en jowt oer it gehiel in wier byld fan Fryslân sa't it inkelde tsientallen fan jierren tobek wie en yn mannich ding hjoed de dei jitte is. De jonge Amerikanen sille it boek mei wille lêze, en der gâns út opstekke kinne oer de Friezen har skiednis, tael, libben, gewoanten en byleauwe.
Pasma hat, bihalven gâns histoaryske en godstsjinstige artikels yn foaroansteande Amerikaenske periodiken, noch twa oare boeken skreaun: God's Picked Young Men, 1926, en Things a Nation Lives By, 1935. Beide binne godstsjinstige wurken; it earstneamde, dat forskate printingen bilibbe, bifettet in rige karaktersketsen fan Bibelske jongfeinten.
Yn 1934 krige it Amerikaensk publyk fan in nije Fryske skriuwer to hearren: David Cornel de Jong. Dizze Fries kaem yn 1905 yn Blija to wrâld. Syn jongesjierren brocht er lykwols troch yn it noardlik fiskersdoarp Wierum, dêr't er yn 'e rin fan de forfleine simmer jitris west hat. Yn 1918 forfear hy mei syn famylje nei Grand Rapids, Michigan. Syn strang Reformearre âlden stjûrden him dêr nei in Christlike skoalle en foar fierdere oplieding nei Calvin College. Doe't er dêr yn 1929 mei syn stúdzjes klear rekke, gyng er in skoft op 'e universiteiten Duke en Brown. Mei de tiid krige er lykwols syn nocht fan akademyske formiddens, en hy sette him ta it skriuwen fan Belly Fulla
| |
[pagina pto 28]
[p. pto 28] | |
Prof. B. FRIDSMA
| |
| |
Straw, 1934. Yn dat boek, dêr't er gâns autobiografyske eleminten yn forwurke, biskreau er de bifinings, foaral de swierrichheden, fan de Fryske immigrante-famylje Idema yn Amearika. Hoewol net sûnder talint skreaun, hat it boek hwat in lêbbige toan en to folle forfeelsume einen. De roman makke dan ek gjin bûtenwenstige opgong; de útjower hie der sels wurk mei, troch de oplage hinne to kommen.
Gâns better gyng it mei de Jong syn twadde roman: Old Haven, 1938. De parse wie tige oer dit boek foldien en der waerd in priis fan tûzen dollar oan takend. Fierders kamen der oersettingen fan yn forskate talen, ûnder oaren ek yn it Hollânsk (De Veilige Haven). Yn dizze roman is it formidden de Jong syn âld doarp: Wierum, of Witsum, sa't it yn dit boek neamd wurdt. De tekening fan it formidden is him yn alles net like goed slagge: der sit sûnder mis folle Frysks en eigens yn, mar dochs ek gâns dat einliks mar hwat útwrydsk en ûnwêzentlik oandocht. Hwat de hâlding ta Fryslân oangiet - dat is wolris ien fan mankelikens en ûnwennigens, mar nea ien fan leafde en bigryp. Nuver genôch lit de Jong - ta in staeltsje fan lokale kleur! - syn Wierumers hjir en dêr yn it Hollânsk prate, soks noch wol neidat er yn itselde boek mei klam útlein hat, dat de Friezen in aparte tael hawwe, folslein oars as dy fan de Hollanners. Doe't er, yn forbân dêrmei, der ris op wiisd waerd, dat de lokale kleur fan Finlân net oanjown wurde kin mei Deensk pratende minsken, makke er him der ôf mei to sizzen, dat er g'jin Frysk skriuwe koe, dat er gjin ‘purist’ wie en dat soks him, as it der op oankaem, ek alhiel neat skele koe.
Dochs hat Old Haven, oant nou ta de Jong syn bêst wurk, treflike kwaliteiten. Piebenga hat se destiids goed oantsjut yn It Heitelân, doe't er skreau: ‘Der sit in sterke stimming, in geve karaktertekening en in suvere dramatyk yn dit boek; it is mei tawijing skreaun en der sitte kanten oan, dat wy sizze moatte, ja, sa sil de Fryske roman wêze dêr't wy nei útsjogge’.
De roman Light Sons and Dark, dy't yn 1940 útkaem, spilet yn Amearika. It is de sombere kronyk fan in hûshâlding, mei ‘ljochte’ en ‘dûnkere’ soannen, earne op in fortutearze buorkerij yn ien fan de westlike steaten. Hwat Piebenga oantekene by Old Haven, is ek tige fan tapassing op dit boek, ja, op alle boeken dy't de Jong oant nou ta skreaun hat: it leauwe (dêr't de skriuwer al koart nei syn jongesjierren mei ôfrekkene) wurdt sjoen ‘as húchlerij,
| |
| |
oerflakkige selsbitsjoening of in gearmjuksel fan sûmbere grime en sadistyske wredens’. Der wurdt sein, dat de Jong dizze roman syn leavlingswurk neamt; der sille lykwols net folle lêzers wêze dy't it boek, mei syn losse gearstalling en breklike karaktertekening, ek sa typearje sille. Yn 1941 folge Day of the Trumpet, in ûndramatysk, mar alhiel net ûnfortsjinstlik forhael oer minsken yn in lytse Hollânske stêd, dy't de tsjustere driging fan it wankende oarlochsûnk fiele. Benefit Street, 1942, is in net botte lêsbere roman fan fjirtjin minsken, dy't byinoar wenje yn in Rhode Island kosthûs. Der komt jin in muffe rook to mjitte út dit boek, dat yn syn hiele rige persoanen net ien telt dy't einliks hwat minskliks oan him hat. It wurk ûntlient syn titel oan de strjitte yn Providence, Rhode Island, dêr't de Jong mei syn Amerikaenske frou de lêste jierren wennet. De lêste roman fan dizze skriuwer, mei likernôch deselde goede en minne eigenskippen as de earderen, is: Somewhat Angels, 1945. It is in skerp satyryske biskriuwing fan it hâlden en dragen fan troude froulju yn 'e oarlochsjierren, doe't de mânlju ûnder tsjinst wiene.
De Jong syn earste en oant nou ta iennichste fersesamling, Across the Board, seach yn 1943 it ljocht. De fyftich frije fersen yn dizze bondel binne allegearre hypermodern fan technyk en foarm en sille om har ûnforsteanberens de skriuwer gâns mear sizze as hokfoar lêzer. De taelplastyk en de wurdkar binne hjir en dêr wolris fan forrassende oarspronklikheit, mar de fersen binne oer it algemien to kâld en to forsearre en misse to folle it universele om sterk oan to sprekken. Greater, hoewol gjin bûtenwenstich talint, hat de Jong as skriuwer fan koarte forhalen. In samling dêrfan, Snow-on-the-Mountain, joech er yn 1946 út.
In boek dat noch efkes apart omtinken freget, is: With a Dutch Accent, 1944. Dat is it earste diel fan de Jong syn tinkskriften. It biskriuwt syn libben oant syn sechtsjinde jier ta. Oer syn jongesjierren yn Wierum en de earste snuorje yn Amearika wurdt wiidweidich, mar altyd lang net oertsjûgjend forteld. It relaes is wol ûnderhâldend en net sûnder dichterlik ynsjoch gearstald, mar it is hwat ûndjip en it jowt yn folle dingen in oerdreaun en forwrongen byld. De Jong syn cynisme en foaroardiel, foaral op it gebiet fan de g'odstsjinst, kypje aloanwer om 'e hoeke. Der sprekt út it boek ek in sterk sels-meilijen, dat jin oars net as hwat sleau en ûnmanlik oankomt. En in ‘Dutch accent’ hat dizze Fries fansels nea hawn!
| |
| |
Minder bikend, mar dochs tige it neamen wurdich, is David syn jongere broer, Meindert de Jong, dy't yn Grand Rapids wennet, Meindert hat namme makke as skriuwer fan tige fortsjinstlike berneboeken. Oant nou ta binne der sawn fan syn hân forskynd. Ien dêrfan, Durk's Dog, Bello, 1935, spilet yn Fryslân. Yn 'e oarlochsjierren rekke Meindert ûnder tsjinst yn Sjina, en nei syn weromkomst woe it mei syn skriuwen earst net rjocht. Mar hy liket nou wer op 'e gleed to wêzen, en hopet dat syn nij berneboek Good Luck, Duck fan 't hjerst it ljocht sjen sil.
De jongste en meast ûnthjittende fan de skriuwers ûnder de Amerikaenske Friezen is sûnder mis Feike Feikema. Dizze jonge man, hwaens mânsk stal jin Greate Pier yn it sin bringt, is berne yn Iowa yn it jier 1912, as soan fan immigranten út de omkriten fan Frentsjer. Hy gyng op 'e legere skoalle yn Iowa en krige syn hegere oplieding oan Calvin College yn Michigan. Yn 1940, nei gâns tsjinstuiten yn de minne tritiger jierren, rekke er in skoft yn 'e tarring. Doe't er yn 1944 wer better wie, debutearre er as romanskriuwer mei The Golden Bowl. Dit is in forhael oer de boeren yn de saneamde ‘dust bowl’ - dat diel fan westlik Amearika, dat inkelde jierren lyn slim fan stoustoarmen teistere waerd. De bou fan dizze roman is hwat swak, mar de tragyk fan de minsken is tear neifield en mei in oangripend en oertsjûgjend realisme werjown. Yn 1945 forskynde fan Feikema de roman Boy Almighty, dêr't it libben fan pasjinten yn in stifting foar tarringlijers yn biskreaun wurdt. Hoewol der yn dit boek ûntjowing fan talint to merkbiten wie, kaem Feikema syn kinnen earst goed oan it ljocht yn de roman This Is the Year, dy't yn 1947 forskynde. Nei it útkommen fan dit wurk, skreau Sinclair Lewis: ‘It liket my ta, dat hy ien fan de meast bitsjuttende skriuwers yn Amearika wurde kin’. Gâns in skoft stie it boek op e best-seller list.
This Is the Year is de kronyk fan de Fryske immigrantesoan Pier Frixen, boer yn de lânbousteat Iowa. De man boddet en skrept iverich en trou, ja, sels forwoedend, mar hy is ûnforstannich, bluisterich en eigenwiis. Hy forsmyt de rie sawol fan syn âlde Fryske heit as fan de lânbouwittenskip. Elk jier sil it mei syn farm hwat wurde - ‘This is the year’, seit er dan by himsels - mar mei forrin fan tiid oerfalt in swiere tragyk èn syn frou èn syn lân, hwant beide hat er slim ûnteare en misbrûkt. Troch it hiele
| |
| |
boek rint in symbolyk, dy't de ierde forgeliket mei in frou.
Dizze wiidweidige en ‘ierdske’ roman, skreaun yn it stadige tempo fan it boerelibben, lit Feikema sjen as in skriuwer dy't him oanlutsen fielt fan it primitive, it bernlike, it naïve. It boek is oarspronklik, krêftich en sterk byldzjend fan tael, en direkt, hoewol hwat ûnigael, fan styl. It is sûnder mis in produkt fan in fruchtbere geast en fan immen dy't skerp opmerkt. Faeks hat gjin roman it boerelibben yn Amearika sa krekt en sa folslein tekene. Fierders kin men fiele, dat it forhael mei tawijing skreaun is, fan immen dy't oprjochte leafde hat foar it lân, dat er troch en troch ken en dêr't er him mei forwoeksen fielt. Hoewol it boek teare lyryske einen hat, is it oer it algemien hurd-realistysk. Meastal is it realisme natuerlik en geef; lykwols is it ek wolris opsetlik, guodkeap en sensasjoneel. De profane tael en de sexuële krassichheden lykje nòch út in each fan sede, nòch út in each fan kunst, rjocht forantwurde. Goed realisme foreasket kunstsinniger skifting en riker synthese as men faek yn dit boek fynt.
Feikema, dy't jimmer war docht syn lêzers dúdlik to meitsjen, dat er fan Frysk komôf is, makket yn This Is the Year in tankber gebrûk fan it erfskip fan de foarâlden. Hy bisiket Fryske sfear en kleur to jaen oan it libben fan Piere âlden en lit har gâns Frysk prate. De Fryske wurden en sinnen wurde forklearre yn in wiidweidige wurdlist, hweryn't de skriuwer tagelyk de kâns sjocht gâns hwat oer Fryske tael en skiednis út to stallen. Hoewol't er Fryslân net sjoen hat en it Frysk net sprekt, hat er de lêste jierren great bilang krige by it lân en de sprake fan syn âldfaers. Hy folget alles hwat der yn it Ingelsk oer de Friezen forskynt, en is okkerjiers bigoun mei de stúdzje fan Fryske tael en skriftekennisse. Dêryn is er oars as de Jong', dy't wol Frysk sprekt, mar him mei de heitelânske striid en kultuer alhiel net ynlit.
The Chokecherry Tree, 1948, dat de heilsume ynfloed fan in jongfaem op in stumper fan in jongfeint biskriuwt, is út in each fan bou en technyk faeks it bêste wurk dat Feikema levere hat. Mar hwat dizze romanskriuwer einliks ken, sil it meast bliken dwaen moatte út de greate trilogy World's Wanderer, dêr't it earste diel, by namme The Primitive, dit neijier fan forwachte wurdt.
Hoewol gjin literaire figuer, fortsjinnet ek Dr. Albert Hyma yn dit artikel neamd to wurden. Hyma kaem yn 1893
| |
| |
to wrâld yn Grins, dêr't syn âlden tydlik tahouden. Hy krige syn earst ûnderwiis yn Ljouwert en folge dêr ek de lessen fan de Normaelskoalle. Yn 1910 teach er nei Amearika, dêr't er studearre op Calvin College en de Universiteit fan Michigan en dêr't er yn 1922 de doctorstitel helle. As professor yn 'e skiednis oan de Universiteit fan Michigan en as skriuwer fan sa'n tweintich histoaryske wurken hat Hyma gâns namme makke, net allinne yn Amearika mar ek yn Nederlân. Under de wurken fan bysûndere fortsjinste fan dizze histoaricus moatte neamd wurde: The Christian Renaissance, 1924, The Theological Development of Luther hom Erfurt to Augsburg, 1928, en The Youth of Erasmus, 1930. Dr. Hyma hat de ûnderskieding, de Ingelsk-sprekkende wrâld de earste oersetting fan in Fryske roman oanbean to hawwen. Dat bar de yn 1947, doe't er it bikende boek De Gouden Swipe, skreaun troch syn omke Abe Brouwer, ûnder de Ingelske titel The Golden Whip to Grand Rapids útkomme liet. Spitigernôch hat it bliken dien, dat dizze histoaricus, hwaens styl as skriuwer gjin sprekken lije kin, him net oan literair wurk weagje moatten hie. Fierders moast syn bisiikjen om troch it ynlaskjen fan inkelde Bibelteksten en hwat godstsjinstich petear it boek ‘christlik’ to meitsjen, ek wol tige bihyplik útfalle.
* * *
Dit oersjoch fan de Fryske immigrante-literatuer yn Amearika soe gjin folslein byld jaen, as der ta bislút net hwat yn sein waerd oer de lânforhuzers dy't yn 'e memmetael skreaun hawwe. Spitigernôch moat der fuort op wiisd wurde, dat der ûnder dy Frysk-skriuwenden net ien gâns bitsjuttende figuer is. De Foriene Steaten kinne net, lyk as Ynje, wize op in skriuwer fan it formaet fan Nyckle Haisma. Hwat hjirnei neamd wurdt, moat dan ek net sjoen en wurdearre wurde as in bydrage ta de Fryske skriftekennisse, mar earst en meast as in teken fan Frysk libjen en stribjen yn de nije wrâld.
De Fries yn Amearika, dy't de namme fan Frysk skriuwer faeks noch it measte fortsjinnet, is Wybe Jelles van der Meer. Dizze lânsman, dy't forline jier yn 'e âlderdom fan 64 jier to Aurora, Illinois, forstoar, waerd berne to Wâldsein. Yn 1905 teach er nei de Steaten, dêr't er mei forrin fan tiid gâns opgong makke as architekt, foaral fan skoallen en tsjerken. Van der Meer hat meiïnoar twa fersesamlingen útjown: De Swalker, 1925, en Yn 'e Frjemdte, 1929, beide
| |
| |
mei in ynlieding fan O.H. Sytstra. Dizze bondels binne trijetalich, mei fersen yn it Frysk, it Hollânsk en it Ingelsk. It dichtwurk yn 'e Fryske ôfdielingen, dat lang it minste net is, hat foar it oergreate part earst plak foun yn Sljocht en Rjocht. Yn de samlingen is de breklike foarm fan de tydskriftfersen gâns forbettere - faeks foar in diel troch de skriuwer sels, mar wis ek troch O.H. Sytstra.
Lyk as Sytstra yn syn foarwurd ta de twade bondel skriuwt, nimme dizze fersen gjin ‘hege flecht’. Hja binne ienfâldich fan tael en soms mar slop fan technyk. Dochs binne hja net altiten sûnder in fûnk fan dichterlik fjûr. It langstme en de ûnwennichheit fan de lânforhuzer - faek oergeand yn in smertlik lok - wurde hjir en dêr mei gefoel utere. Mar men soe de utering gâns riper, djipper en oangripender hawwe wolle. Lânforhuzers sille folle fan har eigen ûnwennichheit en striid yn dizze dimmene fersen weromfine. Somliken sille winskje, dat hja - lyk as hy to St. Nikelsgea - nei har dea yn Fryske ierde komme to rêsten.
In fierdere immigrant, dy't yn de Fryske skriuwerswrâld net ûnbikend bleaun ís, is Lolle Piers de Boer fan Los Angeles, California. J.J. Hof neamt dizze Makkumer (yn syn Fjirtich Jier Taelstrid II, side 169) ‘de earste Jongfries’. It wie yn 1909, doe't de Boer 28 jier âld wie, dat er nei Amearika reizge. Yn de nije wrâld, dêr't er in skoft oan de Yale Universiteit studearre, hat er meast wurksum west as bibletekaris en sibbekundige. Syn Frysk wurk fynt men hjir en dêr yn âlde jiergongen fan Forjit my net, Sljocht en Rjocht, Fryslân en it Nieuwsblad van Friesland. Gâns fan syn earste fersen lizze noch by Hof yn hânskrift. ‘In great dichter is Lolle Piers.... nea wurden’, skriuwt Jan fan 'e Gaestmar yn syn tinkskriften - ek al, oan de Boer sels to hearren, omdat Hof him jimmer ûntmoedige en nea ‘hwat goeds seach yn myn geskriuw en gedicht, allinne mar it lek en brek’. De Boer syn proaza, swier fan styl en hwat útwrydsk fan tael, lit de man sjen as in strider fan Greatfrysk bigjinsel en in minske mei in rom kultureel eachweid. De Boer hat jierren net fan him hearre litten, mar komt de lêste tiden sa nou en dan wer ris mei in artikel of in fers yn de Fryske periodiken nei foaren.
It folkstoaniel fan K. Stienstra fan Paterson, New Jersey, kin einliks net miei rjocht ûnder de literatuer fan de lânforhuzers neamd wurde. It oergreate (faeks wol it folsleine)
| |
| |
part fan syn wurk waerd skreaun, doe't er noch as skroar to Bitgum wenne. Dêrûnder is to neamen: Dy Godloazen, 1897, De Foardrager fan Skeanhuzen, 1914, en De forsteurde Frijerij, 1918. Dy Godloazen, skreaun ûnder de skûlnamme Hartman, is ien fan de earste net-boargerlike stikken fan it Frysk folkstoaniel. It is in fûl soasjael stik mei in neakene tendins, sûnder hokfor kunstwearde. ‘Hjir is de sfear sa forbittere’, oardielet Poortinga yn syn dissertaesje, ‘dat alle objektiviteit fier to siikjen is.... Grime kin great meitsje, mar hjir sprekt lytse haet út, klassehaet en godstsjinsthaet.’
Klaes Schoolland, dy't yn 1851 berne waerd en jierren professor wie yn de Grykske tael en skriftekennisse oan Calvin College, skreau wolris yn de earste jiergongen fan Yn ús eigen Tael en hat net sûnder ynfloed west op de Fryske Bibeloersetting. Hy wie Oerterper fan komôf en stoar yn 1938 to Grand Rapids. Doe't yn 1928 De Stim fan Fryslân oprjochte waerd, stjûrde er wolris in artikel foar dat blêd oan Folkertsma, foar hwaens persoanlikheit en geve, stoere skriuwersstyl er greate forearing hie. Fierders hat Schoolland forskate Fryske stikken (meast oer heitelânske problemen) skreaun yn The Standard Bulletin, in Amerikaensk wykblêd to Grand Rapids. Syn dochter Marian is de skriuwer fan inkelde berneboeken (ûnder oaren ek in bernebibel) en in histoaryske roman oer de kolonisten dy't mei van Raalte de stêd Holland stiften (A Land I Will Show Thee, 1949).
Broer Doekeles Dykstra fan Orange City, Iowa, dy't yn 1882, as jonge fan tsien jier, al mei syn âlden út Peinjum teach, is de earste en oant nou ta de iennichste dûmny dy't yn Amearika it Frysk preekjen oandoar. Syn Fryske útjeften bisteane út twa lytse sangbondels, meast mei oersettingen fan geastlike lieten (Ta Nocht en Nut, 1939; Krûslieten, 1936) en in preek: It Godlik Wurd yn 't Minsklik Dwaen, 1936. It is wurk sûnder hokfoar literaire fortsjinste, mar kin wis wurdearre wurde as pionierswurk op dit mêd yn Amearika.
Noch in lânforhuzer dy't him oan it Frysk weage hat, is de skriuwer fan dit oersjoch. Syn Frysk hat er meast yn Amearika leare moatten, omdat er al mei sels jier mei syn âlden de oaceäen oerstiek. Hy waerd yn 1905 to Skearnegoutum berne en is sûnt 1946 lesjower yn talen oan Calvin College. Al as foech jonge kaem er ‘by it Frysk’ - foaral
| |
| |
troch de skriften fan de Jongfryske biweging. As jongfeint skreau er ienfâldige lyryske fersen en striidlieten yn it tydskrift Yn ús eigen Tael. Yn 1928 liet er útjaen: The Place of the Frisians in Dutch History, in brosjuere dêr't neffens Dr. D. Kalma in ‘greate leafde foar Fryslân’ út sprekt, mar dêr't teffens gâns jonge bolbjirkenheit en ûnryp oardiel yn to finen is. Yn 'e lêste jierren hat er meidien oan De Stim fan Fryslân, dêr't er de rubryk ‘Ut it Lân fan Dream en Winsken’ yn forsoarge. Foar de Encyclopedia of Litterature, in twadielich opslachwurk oer de wrâldliteratuer, skreau er yn 1945 in oersjoch fan de Fryske skriftekennisse. Yn syn studintejierren is er ris bigoun mei in oersetting fan John Bunyan syn Pilgrim's Progress, hwerfan't inkelde fragminten (ûnder de namme De Pylgerreize) yn Yn ús eigen Tael stien hawwe. Hy hopet, dat de kommende jierren him nochris genôch lins jaen sille om dizze forneamde en klassike allegory fan it Christenlibben alhiel yn 'e memmetael oer to bringen. Fierders hopet er it materiael dat er elke moanne skriuwt foar Frisian News Items, mei der tiid ris forwurkje en útwreidzje to kinnen ta in Ingelsk boek oer Fryslân en de Friezen.
Augustus '49.
Neiskrift. Sûnt it skriuwen fan it boppesteand artikel is der fan Feikema útkomd: ‘The primitive’, en fan de Jong: ‘The desperate children’. Op groun fan dy nije wurken hat men gâns oanstriid, it oardiel oer dizze twa skriuwers to wizigjen yn it foardiel fan de Jong.
B.F.
|
|