De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Klaes Dykstra: Reek (nei Henry David Thoreau, 1817-1862). Ikarus-fûgel, licht-wjokke Reek, Dyn fearren toranend yn 't fleanen omheech; Ljurk sûnder sang, en wytger fan de moarn, Oer de gehuchten sirkljend as dyn nêst; Of oars, forgeande dream, en skadige foarm Fan nachts fizioen, fandljend dyn klaed; By nacht stjerre-dwêster, en oerdei Sinne-forstopper en ljocht-fortsjusterder; Driuw, wijreek, fan dit hurdsté op en freegje De goaden foar dit kleare fjûr forjeffenis. In wite roas (nei John Boyle O' Reilly, 1844-1890). In reade roas blinkt fan hertstocht, De wite fan leafde; o, De reade roas is in wikel En de wite roas in dou. Mar 'k stjûr dy in snie-wite roas-knop, Mei blombledtsjes dipt yn read; Hwant de suverste en swietste leafde Hat lippen mei 'n swym fan big'eart'. Vorige Volgende