De Tsjerne. Jaargang 5
(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
Weklacht foar kleure folken.In read man wie ik, ienris,
De blanke mannen kamen.
In swart man wie ik, allyksa,
De blanke mannen kamen.
Hja jagen my út 'e wâlden.
Hja forballen my út myn jachtfjild
Kwyt wie ik myn beammen.
Kwyt myn sulveren moanne.
Nou ha hja my opsletten
Yn it hynstespul fan 'e biskaving.
Nou bin ik op drift mei de keppel -
Opsletten yn it hynstespul fan 'e biskaving.
| |
De neger sprekt fan revieren.Kunde haw ik oan revieren:
Kunde haw ik oan revieren âld as de wrâld en âlder as de omgong fan minskene bloed yn minskene ieren.
Myn siel is djip wurden as de revieren.
Ik baeide yn de Euphraet by it dei-lemieren.
Ik boude myn klinte oan 'e Kongo en hy reaunte my yn 'e sliep.
Ik skôge de Nyl en tuorre de pyramiden boppe him út.
Ik hearde it sjongen fan 'e Mississippi doe't Abe Lincoln delkaem nei Nij Orleâns, en ik seach syn grounige stream alhiel goud wurden yn sinne ûndergong.
Kunde haw ik oan revieren:
Alde, grommige revieren.
Myn siel is djip wurden as de revieren.
| |
[pagina 19]
| |
DE NEGER.Neger bin ik:
Swart as de nacht swart is,
Swart as it djipst fan myn Afrika.
Slaef haw ik west:
Caesar hiet my syn drompel to dweiljen.
Ik poetste de learzens fan Washington.
Arbeider haw ik west:
Under myn hân woechsen de pyramiden.
Ik mealde beton foar de Woolworth Building.
Sjonger haw ik west:
Lâns de wegen fan Afrika nei Georgia
Droech ik myn wémoedslieten.
Ik skoep de ragtime.
Finzen haw ik west:
De Belzen kapten myn hannen ôf yn 'e Kongo.
Nou lynche hja my yn Texas.
Neger bin ik:
Swart as de nacht swart is.
Swart as it djipst fan myn Afrika.
| |
[pagina 20]
| |
Ik bin Amearika.Ik, likegoed, sjong Amearika.
De dûnkerder broer bin ik nou jit.
Men stjûrt my to iten yn 't fjurhok
As der gasten komme,
Mar ik glimkje,
En yt omraek,
En wurd sterk.
Moarn ommers
Sil ik by de tafel sitte
As der gasten komme.
Nimmen ûnderstiet it
En siz tsjin my:
‘Yt yn it fjurhok’,
Dan.
Dêrby
Sille hja myn krêft en skientme sjen
En biskamme wêze -
Ik, likegoed, bin Amearika.
|
|