| |
| |
| |
Prof. William Spoelhof:
Grounbigjinsels fan it Amerikaenske federalisme.
It federale systeem fan de Foriene Steaten giet út fan in fordieling fan macht tusken twa ynstânsjes fan regear, dy't beide bigrinzge binne yn it útoefenjen fan har autoriteit. Dêr is it nasjonale regear, ek wol neamd it federale regear; en dêr is it regear fan elts fan de acht en fjirtich steaten dy't mei mekoarren de Uny útmeitsje. Yn de Foriene Steaten is de souvereiniteit net by it regear fan de steaten, en likemin by it federale regear. It folk, dat souverein is, biskaet it type fan polityk systeem en de regearmachten dy't ûnder dat systeem útoefene wurde. Sadwaende is de souvereiniteit net forparte tusken federael en steateregear; mar de macht fan it folk tabitroud oan dy twa ynstânsjes fan regear, is forparte en oerdroegen (delegearre). De Grounwet fan de Foriene Steaten is sadwaende in dokumint hweryn't it folk de struktuer fan in nasjonael regear biskreaun hat en de grinzen lutsen fan de macht fan dat nasjonale regear en, alhoewol minder, ek fan it regear fan de steaten ôfsûnderlik. De struktuer en de macht fan it regear fan de steaten steane útdruklik biskreaun yn eigen grounwetten.
In biskriuwing fan it Amerikaenske federalisme is dêrom in biskriuwing fan dizze fordieling fan macht tusken de steaten en de federale organen. Yn de Amerikaenske regearingsfoarm is in skerp ûnderskied makke tusken twa soarten fan machtsfordieling: to witten de geografyske en de funksjonele. De earste is einliken de iennichste dy to meitsjen hat mei federalisme; mar in forklearring fan de twade kin dochs net alhiel binefterbliuwe, om't dy in nijsgjirrich ûnderdiel is fan de regearingsstruktuer, fan de Uny en fan de steaten.
| |
Geografyske fordieling fan macht, of federalisme.
Der binne fjouwer haedeleminten dêr't de klam op falt by in útinoarsetting fan de machtsfordieling tusken it regear fan de steaten en dat fan de Uny; to witten de folgjende:
1) | It federale bistjûr hat allinne oerdroeg'en macht; |
2) | It regear fan de steaten hat oarspronklike macht; |
3) | Der is macht dy't tagelyk oan it federale en oan it steateregear tabiheart; |
4) | Yn syn sfear fan oerdroegen macht oerhearsket it federale regear. |
| |
[pagina t.o. 8]
[p. t.o. 8] | |
Prof. W. SPOELHOF
| |
| |
1) It federale bistjûr hat allinne oerdroegen macht. It meast karakteristike elemint fan it Amerikaenske regear is it bigjinsel fan oerdroegen macht. It regear fan de acht en fjirtich steaten sawol as dat fan de Uny liedt syn macht ôf fan it tabitrouwen fan it folk. ‘Wy, it folk fan de Foriene Steaten, forordinearje en stelle yn de Grounwet’, stiet der yn de ynlieding fan de nasjonale Grounwet. It feit fan dat tabitrouwen komt net allinne út yn dizze oerdracht fan macht oan en de forboaden, lein op it nasjonale regear; it blykt ek útdruklik út twa grounwetsartikels. ‘De opneaming yn de Grounwet fan bipaelde rjochten sil net útlein wurde meije om oare, dy't it folk him foarbihâlden hat, to forlytsjen of to ûntstriden’ (artikel IX); en ‘Macht, net oerdroegen oan de Foriene Steaten troch de grounwet noch troch har ûnthâlden oan de Steaten, is foarbihâlden oan de Steaten respektivelik it folk’ (artikel X). Sadwaende hat it folk fan de Foriene Steaten, syn politike souvereiniteit, of, oars sein, de lêste bislissing oer syn foarm fan regear yn eigen hân hâldend, in stik regearmacht oerdroegen oan syn nasjonale en syn steateregearen.
Dizze oerdroegen macht oan it nasjonale regear wurdt forgreate troch de tapassing fan de leare fan de reedlik ûnderstelde macht. It nasjonale regear hat syn wurkingssfear útwreide mei der fan út to gean, dat it macht hat dy't op groun fan de reedlikheit heart by it tabitroud wêzen dêr't de grounwet fan sprekt. Om in foarbyld to neamen: it hiele fjild fan soasjael-ekonomyske wetjowing, dêr't it federale regear him de lêste tiid op bijown hat, komt nou to lizzen binnen de sfear fan syn jurisdikty, yn de foarm fan macht om bilêstingen yn to fieren en de handel en algemiene wolfeart to regulearjen. Dy omstannichheit hat de Amerikaenske grounwet in bûchsumheit jown, dy't dit dokumint yn steat steld hat as in ramt foar wetjowing it mei in bytsje foroaringen navenant út to hâlden.
De leare fan de reedlik ûnderstelde macht is ôflaet út in artikel yn de grounwet dat it Congres it rjocht jowt ‘alle wetten to meitsjen dy't nedich achte wurde meije en tsjinje kinne foar it útoefenjen fan de neamde macht en foech en oare macht dy't troch dizze grounwet yn hannen lein is fan it regear fan de Foriene Steaten’ (artikel I). Nou rinne de mieningen fan de Amerikanen oer hwat forstien wurde moat ûnder reedlik ûnderstelde macht, fansels fier út mekoarren. It is sa dat de striid tusken de ‘rekliken’ en de ‘precisen’,
| |
| |
hwat de útliz fan de grounwet oanbilanget, karakteristyk west hat foar ús hiele nasjonale skiednis. It Amerikaenske rjochterlike systeem is de arbiter yn dizze kwestje en it lêste útslútsel, hwat it útoefenjen fan reedlik ûnderstelde macht oanbilanget, jowt it Hege Gerjochtshôf fan de Foriene Steaten.
De oerdracht fan macht fan it folk oan it nasjonale regear ûnder de Amerikaenske grounwet lit him ûnderfordiele op de folgjende manear: tabitroud of reedlik ûndersteld; alhiel of foar in diel forbean; en forparte tusken of forbean oan sawol it steate- as it nasjonale regear. Dat kin lykas op 'e folgjende blêdside dien is, yn diagramfoarm foarsteld wurde.
2) It steateregear hat oarspronklike macht. It njonkensteand diagram wiist út dat it Amerikaenske systeem, hwat de forhâlding tusken nasjonael en steateregear oanbilanget, federael en net unitarysk is. De steaten binne gjin administrative filialen, oprjochte foar it gebrûk en it gemak fan it nasjonale regear. De steaten binne, binnen gruizen, apart en ‘souverein’ yn eigen saken. Men soe sizze kinne dat de bimuoijingssfear fan de steat wider fiemet as it nasjonale regear sines; hwant de macht fan de steat is oarspronklik en net ôflaet lyk as dy fan it nasjonale regear. Wylst it nasjonale regear him noch mar krekt op it soasjaelekonomyske mêd bijown hat yn forbân mei in rommere jurisprudinsje fan it Hege Gerjochtshôf, binne der op dat mêd foar de steateregearen gjin oare grinzen as dy, neamd yn de eigen grounwetten. Sadwaende hawwe yn soasjale, ekonomyske, opfiedkundige en kulturele saken de steaten folle wider wurkingsfjild as it nasjonale regear. De tsjintwurdige driuw fan it nasjonale regear om dy gebieten, Steaterjochten neamd, troch romme útliz fan de grounwet of troch it takennen fan finânsjele help binnen to fallen, is it wichtichste striidpunt fan de lêste tiden.
Neffens de nasjonale grounwet is de macht, net oerdroegen oan it federale regear, foarbihâlden oan de steaten en it folk. By it Canadeeske federale systeem is it krektoarsom. De Britske Noard-Amearikawet fan 1867 jowt de provinsjes allinne in rige biskreaune rjochten; alle oare macht is oan it Dominion-regear.
Alle acht en fjirtich steaten, hoe great of lyts ek en mei hoefolle of hoe 'n bytsje ynwenners ek, binne wetlik gelyk en hawwe yn it Hegerhûs fan de nasjonale wetjaende
| |
| |
| |
Mach lyk as dy fordield is yn de nasjonale grounwet:
Tabitroud of reedlik ûndersteld: |
Alhiel of foar in part forbean: |
Tabitroud oan it nasjonael regear allinne: b.g. bûtenlânske saken, regeling fan de hannel. |
Gelinkense macht forparte tusken naty en steat: bilesting, it oangean fan lieningen. |
Forbean allinne oan it nasjonael regear: Ynbraek op ús List fan Rjouchten, lykas ynkoarting op de frijheit fan sprekken, parse en godstsjinst. |
Forbean foar steat en naty: wetten dy't efter de feiten oanrinne, diskriminaesje yn stimrjocht foar sekse of ras. |
Steateregear allinne: Eigen steateregear salang't de Republikeinske foarm fan regear bliuwt. |
|
Forbean oan Steateregear: It sluten fan oerienkomsten mei it bûtenlaân; it hawwen fan in eigen munt. |
|
Foarbihâlden oan steaten en it folk. |
| |
| |
gearkomste, ek politike lykbirjochting. Eltse steat hat syn eigen skreaune en fan it folk ynstelde grounwet, dy't regels ynhâldt foar de organen fan de steat en it pleatslik bistjûr, foar de forkiezing' fan offisjele persoanen en har foech en de rjochten fan de boargers. Alles mei opnommen wurde yn de grounwet, op dy punten nei dy't de federale rjochtbanken útlizze soene as to kommen yn 'e foech fan it federale regear of yn striid to wêzen mei de nasjonale grounwet. Eltse steat hat in gouverneur, direct fan de kiezers keazen, ornaris foar twa jier. Alle steaten hawwe in fortsjintwurdigjende wetjaende gearkomste, keazen op foet fan it directe kiesrjocht; en yn alle steaten, op ien nei, bistiet dy wetjaende gearkomste út twa keamers. Yn eltse steat bistiet in goed útwoegen systeem fan boargerlike en strafrjochtbanken. Eltse steat hat syn eigen heech gerjochtshôf. Dat rjochtswêzen bistiet ûnôfhinklik fan it nasjonale rjochtssysteem. Dy steaterjochtbanken binne net ôfhinklik fan de federale hôven. De rjochters yn dy rjochtbanken wurde bineamd fan de gouverneurs yn 'e mande mei de wetjaende gearkomste yn tsien steaten; yn acht en tritich steaten wurde de rjochters keazen troch middel fan directe forkiezing troch it folk, en dat fakentiden nei candidaetstelling fan mear as ien.
3) Mienskiplike macht. Der binne gebieten fan wetjowing, dy tagelyk bihearre oan it steate- en oan it Unyregear. Ien sa'n gebiet is dat fan 'e bilêsting en fan it oangean fan jildlieningen. It federale regear en it steateregear kinne gelikense bilêstingen oplizze. Der is in federale ynkomstebilêsting, en gâns steaten hawwe foar harsels ek in ynkomstebilêsting. Tabak, benzine, margarine en luxe artikels falle yn de measte steaten sawol ûnder in federale as ûnder in steatsbilêsting. Hiel hwat steaten hawwe in forkeaps- (omset-) en in gebrûksbilêsting. Der is gjin forbod foar it federale regear ek sa'n bilêsting yn to fieren, mocht it dat winskje. De steaten meije allinne gjin bilêsting fan 'e ynfier nimme; en noch de steaten, noch it federale regear, meije rjochten lizze op de útfier. En steate-, samin as federael regear mei in bilêsting brûke om ‘immen it libben, de frijheit of syn bisit to ûntsetten sûnder in wetlike proceduere’.
4) Federale oerhearsking. In fordieling fan macht lyk as dy oant nou ta biskreaun is, hat it gefaer yn fan in botsing fan jurisdicty. Yn it Amerikaenske systeem wurdt dat gefaer bisward troch it bigjinsel fan federale oermacht.
| |
| |
Dizze oermacht wurdt hânhâlden op twa manearen:
a) | troch útdruklike fêststelling yn de nasjonale grounwet; en |
b) | troch rjochterlik taforsjoch. |
a) Troch útdruklike fêststelling yn de grounwet: ‘Dizze grounwet, en de wetten fan de Foriene Steaten dy't neityd makke wurde sille, en alle fordraggen.... sille wêze de heechste wet fan it lân; en de rjochters yn eltse steat sille dêrtroch boun wêze, net rekkene eat yn de grounwet of de wetten fan de steaten dat dêrmei yn striid wêze mocht’ (artikel VI). Troch dizze nijsgjirrige fêststelling hat it nasjonale regear fet op it steateregear en kin it it folk syn oermacht rjochtstreeks oplizze. Eltse botsing fan jurisdicty tusken it steate- en it federale regear, dy't fuortkomt út in wetlike útoefening fan oerdroegen of reedlik ûnderstelde macht fan it federale regear, wurdt bislist to'n gunste fan it federale regear. Dat easket de útliz fan alle wetten, fan in steat likegoed as fan de Uny, yn it ljocht fan it tabitrouwen fan macht oan it federale regear yn de grounwet. Dy ynterpretaesje is de taek fan de Amerikaenske rjochterlike macht, en hjit rjochterlik taforsjoch.
b) Troch rjochterlik taforsjoch: de leare fan it rjochterlik taforsjoch biskôgje forskate Europeeske waernimmers as it eigenaerdichste en meast yn it each rinnende elemint fan it Amerikaenske systeem. Europeeske rjochtbanken har taek is, ta to sjen op in goede tapassing fan de wet en de wetlike procedueres, mar net om út to meitsjen oft de wet wol strykt mei de grounwet. It rjochterlik taforsjoch is net mei safolle wurden omskreaun yn de federale grounwet, mar yn it Amerikaenske federale skema hat it him ûntwikkele ta in natuerlike funksje fan alle rjochtbanken, federale en dy fan 'e steaten. Alhoewol't dizze taek alle rjochtbanken takomt, is de oandacht fan it folk to'n ûnrjochte consintrearre op it Hege Gerjochtshôf fan de Foriene Steaten, dat yn lêste ynstânsje sokke saken bihannelt, as de iennichste fordigener fan de federale grounwet. Eltse rjochtbank, fan de steat of federael, leit de wet út en is forplichte, byhwannear't hja in ordinânsje fan it Congres of fan de steat yn striid mei de grounwet achtet, dy wet net binend to forklearjen. Dy rjochtbanken ûntliene dizze taek net oan ien of oar oarspronklik rjocht; hja hawwe dy krige om't it folk, doe't it de grounwet ‘de heechste wet
| |
| |
fan it lân’ makke, alle wetten dy't dêrmei yn striid wiene, neatich forklearre. Hwannear't in rjochtbank in wet neatich forklearret, bringt it dêrmei gjin conflict to weech mei de wetjaende gearkomste of de útfierende macht. De rjochtbank stelt allinne it bistean fêst fan in tsjinstridichheit tusken twa wetten, en fan it feit dat yn san conflict de federale grounwet foargiet.
Der is noch in ding dat neamd wurde moat by de geografyske fordieling fan macht, en dêr't oant nou ta net op doeld is: to witten de forhâlding fan de pleatslike bistjûren ta it steateregear.
| |
Pleatslik bistjûr.
De forhâlding' tusken it steate- en it Unyregear is federael; mar de forhâlding tusken de pleatslike bistjûren, dy fan greefskip, gemeente en stêd, is unitarysk. Alle pleatslike bistjûren binne skepen troch of ûntliene alteast har autoriteit oan de steat dêr't se yn foarkomme. Pleatslike bistjûren hawwe gjin oarspronklike of foar har reservearre rjochten. Alhoewol't yn sokke pleatslike bistjûren it folk wiidfiemjende rjochten fan selsbistjûr, home rule neamd, hat, hawwe dy pleatslike bistjûren har ûntstean dochs to tank jen oan de grounwetten of oan wetten fan de steaten. Soe in steat it sa ha wolle, dan koe hy, binnen de grinzen fan de federale en steate-grounwetten, de ynwenners fan lokale mienskippen alle stim yn har pleatslike saken ûntnimme of harren likernôch folslein lokael selsbistjûr jaen. De driuw hat west consekwint de lûste kant út.
In stêd is in mienskip, en har rjochten binne fêstlein yn in saneamd charter. Dat charter regelt de struktuer fan it bistjûr, de forkiezing en plichten fan alle funksjonarissen, de macht dy't útoefene wurde mei en it systeem fan de bilêstingen dy't oplein wurde meije. Sa'n stêdscharter is jown troch de steat by wize fan wet. Dat hâldt yn dat de steat sa'n charter ek wegerje, tydlik bûten wurking stelle, foroarje en ynlûke mei, as er dat wol. Dit is fansels allinne de wetlike omskriuwing fan it gefal. Yn de praktyk kinne lokale mienskippen moai fier gean, hwat it dwaen en litten fan har bistjûren en de forkiezing fan har funksjonarissen oanbilanget.
| |
Funksjonele machtsfordieling.
Alhoewol't de funksjonele fordieling fan bistjûrsmacht
| |
| |
feitlik mei federalisme net folle to meitsjen hat, fordúdliket hja dochs de wurking fan it Amerikaenske federale systeem.
Funksjonele fordieling fan regearmacht hâldt forbân mei de skieding fan macht yn wetjaende, útfierende en rjochterlike ôfdielingen. Neffens de stifters fan de Amerikaenske steat soe dy skieding in garansje wêze tsjin tyranny. De gearstallers fan de federale grounwet seagen lykwols yn, dat sa'n folsleine skieding dochs wer yn de eigen sfearen ta tyranny liede koe. Dêrom is yn it federative systeem de folsleine skieding fan macht trochkrúst troch in forsprate skieding fan macht, dy't it ‘check and balance system’ neamd wurdt. Dêrtroch hawwe de útfierende organen net de folsleine útfierende macht, mar moatte hja dy diele, lyk as yn it gefal fan oarlochsforklearring of fan ûnderhanneling oer fordraggen, mei it wetjaende lichem. Op deselde wize is it wetjaende apparaet oan bannen lein, troch inkelde wetjaende praerogativen fan de útfierende macht. De ûnôfhinklikste fan de trije is de rjochterlike macht, alhoewol't alle federale rjochtbanken, op it Hege Gerjochtshôf nei, yn it libben roppen binne by Congresbislút. De omskriuwing fan de federale justysjele wurksumheden en de regeling fan de bileanning fan it personeel heart thús by it Congres. De bineaming fan de rjochters yn alle federale rjochtbanken bart troch de Presidint fan de Foriene Steaten, ûnder goedkarring fan de Senaet. De bineaming jildt foar it libben by goed hâlden en dragen. Mar binnen dy grinzen is de rjochterlike macht dan ek folslein ûnôfhinklik.
Dizze selde forsprate skieding fan macht, it ‘check and balance system’, jildt foar de steateregearen. Elke steat kiest en hâldt, ûnôfhinklik fan it federale regear, syn eigen wetjaende, útfierende en rjochterlike bistjûrsôfdielingen. Oars as by it federale systeem, wurde yn party steaten de rjochters yn de rjochtbanken net bineamd, mar keazen troch it folk, foar in fêststelde termyn.
| |
Slotopmerkingen.
De tsjintwurdige driuw yn 'e Amerikaenske polityk is nei in federale machtsforgreating. Nationale crises en de al mear komplisearre maetskippij jowe klam oan dy driuw. Sa is dat de fundamentele kwestje yn de Amerikaenske polityk wurden. De liberale, nou foriene mei de noardlike demokratyske tradysje, moediget de federale machtsforgreating oan. De measte republikeinen en súdlike demo- | |
| |
kraten sette har to skoar tsjin sa'n ynbreuk op de ‘Steate-Rjochten’. Ynhoefier't de republikeinen de skieding better ôfbeakenje soene, hwannear't hja it to sizzen krigen yn de útfierende en wetjaende organen, is tige de fraech. Ut de ûnderfining is op to meitsjen, dat de republikeinen it proces mear opkeare as stilsette soene.
De tsjinstanners fan dizze sintralisaesje fan macht sjogge dêr in dúdlike bidriging yn fan de Amerikaenske demokraty, Foar harren - en ta dy rounte hearre gâns liedende Amerikanen - is it pleit tusken federalisme en sintralisaesje fan grounlizzende bitsjutting. Generael Eisenhower sjocht yn tanimmende sintralisaesje de greatste bidriging fan de Amerikaenske demokraty, om't hja driuwt nei it étatisme.
It Amerikaenske regearsysteem, lyk as alle regearsystemen, ûntwikkelt him út syn histoarysk milieu. De fordigening dêrfan birêst lykwols net allinne op 'e skiednis, mar ek op it demokratysk bigjinsel. Dat demokratysk bigjinsel is it bêst omskreaun yn de Forklearring fan Unôfhinklikheit (Declaration of Independence): ‘Wy hâlde dy wierheden foar fanselssprekkend dat alle minsken gelyk skepen binne, dat hja troch har Skepper forsjoen binne fan somlike ûnforfrjemdbere rjochten, dat dêrby hearre libben, frijheit en it stribjen nei lok. Dat om dizze rjochten to bifêstigjen, regearen ynsteld binne ûnder de minsken, dy't har krekte macht ûntliene oan de meistimming fan de boargers. Dat byhwannear't in foarm fan regear ôfbrekkend wurdt foar dy doelen, it it rjocht fan it folk is, it to foroarjen of it ôf to tankjen, en yn to stellen in nij regear, lizzend de grounslach dêrfan op sokke bigjinsels en regeljend syn macht yn sa'n foarm as it gaedlikst liket om de feilichheit en it lok fan it folk to tsjinjen’. De Amerikaenske grounwet wie to wrâld kommen yn dy geast. Hja kaem fuort út de geast fan Amearika, dy't christlik fan wêzen is. De Amerikanen erkenne trochstrings dat de einichste souvereiniteit de souvereiniteit fan God is, dy't Hy oerdroegen hat oan it folk en syn keazen magistraten, Alhoewol't dat net útdruklik sa stiet yn de ynlieding (Preamble) fan de nasjonale grounwet, is it to finen yn de forklearring fan ûnôfhinklikheit en yn de measte steategrounwetten. De erkenning fan dat djippe christlike bigjinsel is forblikt foar gâns Amerikanen, troch de fuortgong fan sawol humanistyske as iensidich saeklike opfettingen.
| |
| |
Foar harren is demokraty folslein synonym wurden mei de Amerikaenske foarm fan regear, dy't dan sjoen wurdt as in ideael yn himsels - in summum bonum. Dat is de oarsaek dat dielen fan it Amerikaenske folk op in dwylpaed rekke binne yn har bisykjen, it wêzen fan de demokraty to forstean. Yn dy rounten fynt men dyjingen dy't har geast noch altyd pinigje om in definysje to finen.
(Oersetting Sj. van der Schaaf.)
|
|