De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Klaes Dykstra: Twiljocht (nei Hazel Hall, 1886-1924). Earst', teantsjend twiljocht, Foarbygiest', wês Myn geast ta balsem, Lyk dauwe it gers. Dimje myn hannen Har langjen fel, Sast' optearst' it blomblêd En kûst' it struwel. Help my mei skaden En meitsje steech Myn swak bidoelen, Myn warrich eech. Dat 'k yn dyn stilte Wer oanstek it ljacht Fan myn wankel leauwe, Noch foar de nacht. Vorige Volgende