De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] O. Postma: Twa fersen ut ‘Complete poems’ fan Emily Dickinson (1830-1886). I. Ik priuw fan in drank as nea noch broud, Ut in skinkfet fan parlemoer; En alle fetten op de Ryn Bringe net sok edels oer. Dronken fan de loft bin ik, En binevele fan de dau; Waggeljend, troch simmer sûnder ein, Ut herbergen fan 't suverst blau. As de hospes set de dronken bij By it fingerhuodskrûd bûten doar, As de flinters litte har sûpke stean, Dan drink ik just as gjin oar: Oant serafinen swaeije har hoed, En hilgen nei 't finster gean Om de lytse pimpeler to sjen, Tsjin 'e sinne oan om rjocht to stean. II. Omdat ik net stilstean koe foar de Dea, Stie er freonlik stil foar my; It rydtúch hie plak mar foar ús twa, En Unsterflikheit dêrby. Wy rieden sunich; hy hie gjin haest; Ik hie biside lein Myn wurk en ek myn liddigens Foar syn gefallichheit. Wy kamen by in skoalle lâns, Bern draefden al wrakseljend roun; By fjilden lâns mei kostlik nôt, By de sinne dy't ûndergoun. [pagina 7] [p. 7] Wy hâldden stil foar in hûs, net mear As in hichte yn it fjild; In dak wie dêr hast net to sjen; In wâl dy't foar listgoate jildt. En sûnt noch ieuwen; mar elts dêr fan Liket koarter as de dei, Doe't ik seach dat de hynstekoppen Gounen út nei de ivichheit. Vorige Volgende