De Tsjerne. Jaargang 5(1950)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Klaes Dykstra: Nu inglans tukelteammen. (De twa foarste koupletten fan nei alle gedachten it earste fers fan in koloanist skreaun: om 1630 hinne; dichters namme ûnbikend.) It plak dêr't wy wenje is in wâld-wyldernis, Dêr't it gers net fan 't groeisumste soarte is: Us bergen en klingen, yn 't leech de fallei, Bin meast ûnder iis en snie-tekkens wei: En bliest de noard-wester mei bolderjen boas, Dan lûkt elkenien de pet oer de noas: Mar is men sa krigel en wol men 't wjerstean, Men forspilet in finger, in hân of in tean. By 't maitiid, dan krij' wy de houk yn 'e hân; Foar plantsjen en siedding biwurkje wy 't lân; En hawwe wy plante en de sied-kerrels struid, Dan ha, ear't hwat waekst, de wjirms gâns forbruid; Hwat boppe komt giet ek wer gâns fan forlern, Hwant fûgels en iikhoarntsjes plôkje sa jern'; En as men op 't lêst folle ieren hat, 't Gewaeks wurdt toheistre fan bear en fan hart. Vorige Volgende