byld dat hy jowt yn syn ‘Weltgeschichtliche Betrachtungen’ en nammers ek yn oare publikaesjes, is útsprutsen pessimistysk. En lês ‘Geschonden Wereld’ mar ris om to witten hoe'n bytsje ljocht Johan Huizinga der winliken noch yn sjocht. Europa is syn selsbiwustens, it bisef fan syn krêft en syn macht kwyt. De Europeeske minske is net mear wis fan himsels en fan de mienskip. Hy wit net oft de foarútgong fan de technyk him helpt of bidriget. Hy hat in skalk each op 'e rin fan de dingen en fielt him net lokkich. Der is in rounte dy't mar leafst alles op 'e kop sette en mei in skjin laei op 'e nij bigjinne woe.
Sjoch dêr Europa, anno 1950. It forskil mei Amearika is dúdlik. Dêr jinsen leauwe de minsken oan harsels, oan har lân, oan 'e takomst. Hja strike hege leanen op en ite fan goede tafels. De jongerein giet it libben yn, tinkend: Der is romte foar ús en der binne kânsen foar ús yn dit rike en greate lân. Der is gjin bangens foar de technyk; der is earder bernlike opteinens oer alle nije finingen dy't it libben ommers moaijer en makliker meitsje. Europeeske streamingen en opfettingen, hja reitsje Amearika amper mear. Elke Amerikaen wit wol hwat syn lân oan Europa to tankjen hat; mar de oertsjûging dat de rollen nou omkeard binne, wurdt jimmeroan krêftiger. Amearika, ryk, great, libbenskrêftich, hat in taek yn 'e wrâld. It hat Europa hjoed de dei mear to bieden as oarsom.
Dy selsbiwustens is wol karakteristyk foar alle steaten dy't op in hichtepunt steane. Men foun dy yn Rome yn syn glânsjierren; yn it sawntjinde ieuske Nederlân, yn it Frankryk fan Louis Quatorze, yn it Ingelân fan de earste helte fan de foarrige ieu. Der is dêrre oeral wissens fan eigen krêft, optimisme en in fleurich ekonomysk libben.
Dochs is Amearika net in suvere replica fan eardere steaten yn har bloeitiid. De fiergeande gelikensens fan de minsken, de hege libbensstandert fan de greate massa, hja jowe de Foriene Steaten sûnder mis in tige eigen plak. De klassike biskavingen koene har frijen en har slaven; en is de Europeeske skiednis einliken net dy fan in rige aristokratyen of oligarchyen? De Frânske revolúsje hat dêr sa neigeraden wol foroaring yn brocht; mar de konsekwinsjes fan de forklearring fan de minske- en boargerrjochten binne dochs yn Amearika folle radikaler lutsen as yn Frankryk (dêr't se weikamen) sels of yn hokker oar Europeesk lân. Amearika, sûnder de lêst fan tradysjes, koe fierder gean