Rubryk: samle wurken.
In poëet hwaens dicht-ier (sa goed as) opdroege is, giet A.D. 1949 oer ta it útjaen fan syn samle wurk - oft der fraech nei is of net. Diskear is it Ed. Hoornik dy't syn wurk by elkoar swile hat yn ien boek.
Effen oars leit it lân mei it samle wurk fan Dr. Menno Ter Braak, dat yn 10 dielen forskine sil, dy't net allinne syn yn boek- of brosjure-foarm útjowne (en sa goed as allegear útforkofte) wurke bringe sille, mar ek in great tal jit net yn boekfoarm forskynde kroniken. De Amsterdamske útjower Van Oorschot docht hjirmei goed wurk!
Itselde kin sein wurde fan de nije útjeften fan it wurk fan Du Perron, dat de Utjowerij Contact forsoarget. Oant nou ta is al forskynd de greate ‘anti-roman’ ‘Het land van Herkomst’, wylst û.o. Du P. syn Multatuli-biografy ‘De Man van Lebak’ oankundige is, alles fan Du P. sels foar de nije printinge jit taret.