Toanielkronyk.
Hoantsen mei Wykein.
It Toanielwykein dat by't winter yn folkshegeskoalleforbân to Snits hâlden is, hat ynsafier in goed ding west, dat elkenien dy't it oangyng, sawol toanielskriuwer as -kritikus, him ris útprate kinnen hat. Beide hawwe fan datoangeande har gerak dan ek wol krige.
Der liket forlet fan dizze guerilla west to hawwen. De skriuwers gyngen daliks al yn ychelstelling tsjin dy snipers fan kritici dy't sa'n bytsje goeds fan har stikken wisten to fortellen en de kritici ûnderhellen jitris al har skerpsinnichheit om mei ‘klewangwettende’ wurden har gerjochtichheit en demarkaesjeline to fordigenjen. Beide partijen wiene oertsjûge fan de greate opfiedende faktor dy't it toaniel yn ús folkslibben fortsjintwurdiget. Beide partijen gyng it om it wolwêzen dêrfan en om oars neat It is dan ek fan wjerskanten net by hwat losse flodders en skampers bleaun. Mar de terreinforkenning bleau haedsaek.
In stik ûnlân, dat terrein? Oan in party kritici to hearren al, of jitte al. Har observaesjeposten seinden ûnophâldlik dat it Fryske toaniellân der mar frijhwat foar wyld hinne lei. Mar der wiene skriuwers dy't har dat forheftich ûntstrieden. Neffens har bloeiden der yn dat lân druvetunen en fruchtehôven genôch dêr't it Folk (mei in greate F) wol sêd oan koe. Allinne dy kritici soene der net sa mei de stompe bile yn omsnoeije!
Positive fortuten docht sa'n wykein yn 'e earste opslach miskien net. Of it moast wêze, dat der in munsterforboun sletten is tusken de kritikus Anne Wadman en de skriuwer Abe Brouwer, dy't inoar op hânslach ûnthjitten hawwe om tonei yn 'e mande oan it toanielskriuwen to tsjen; nei de resultaten fan dizze kollaboraesje kin men net oars as baernend nijsgjirrich wêze. Mar ek fierders is de toanielloft nei dit duël grif in hiel ein opskjinne. Net dat de partijen inoar nei ôfrin as bruorren yn 'e earmen fallen binne en in sêftsedich peccavi preuvele hawwe. Wól is der lykwols eat trochbrutsen fan in oer en wer forstean fan inoars taek en bidoelingen. En dat foun faeks noch syn bêste útdrukking yn 'e wurden fan in toanielskriuwer by it' ôfreizgjen: ‘En nou wer oan 't wurk!’
Opfallend wie noch dat Barend van der Veen, dy't op 't lêst ta de generale stêf biheart, him net op dit oarlochsmêd sjen litten hat. Ek generalissimo Schuitmaker wie yn syn haedkertier bleaun en hat net oan de aksje dielnommen.