Inne de Jong:
Kwatrinen fan Omar Khayyam.
Ljocht fan myn eagen, dat net dwêste kin,
O fanke, dat ik joun jit by dy bin:
De moanne, dy't dêr opkomt, sil noch lang
Dit hôf biskine, mar my net mear sjen.
Wol faek, as 'k neaken yn myn sûnde stie,
Swarde ik birou, mar wist ik hwat ik die?
Hwant dan kaem Maitiid, roazen yn 'e hân,
En myn birou raende yn har fjûr as snie.
O, dat de Maitiid mei de roas forgiet,
't Forhael ta 'n ein rint fan in jeugd, sa swiet!
De lytse geal, dy't yn 'e tûken song,
Hwer is er keard mei syn bitsjoenend liet?
Joech de woastyn ien teken, mids har brân,
Fan 'n welle, rûzjend út it gleone sân,
D' ôfmêdde pylger soe dêr hinne springe
Lyk as delwâdde gêrs opspringt yn 't lân.
Lea, koene dû en ik, yn tsjinst fan God,
Dizze âlde wrâld forgrieme as in mot,
En dan nei hert's bigearte in nijen bouwe,
Ien jubeljende Maitiid waerd ús lot.
Oan nimmen kinst dyn djipste winsk forklearje,
De geal sels mei dyn hert net observearje,
O wrâld, o minsk, dy't sa de minske pleaget,
Dat elts allinnich stiet, o bang mystearje!
| |
Jow my in tsjelk, dêr't âlde wyn yn brûzet
En maitiid sjongt en ripe simmer sûzet!
Oerein dan, slûgen, slaven! ear't jimm' dei
As wetter weiwurdt, mei de wyn forrûzet.
Dêr't Iraks melodieuze floiten spylje,
Kin 'k as ryp hea de swietste freugden swylje,
De mylde skinker noeget en ik drink
Syn poarpren drank en lit de hounen bylje.
Ik wit net, hwer't myn siel har oarsprong naem,
Oft hja út tsjoede of út Gods hannen kaem,
Mar dizze trije binn' myn wille en treast:
In tsjelk mei wyn, in siter en in faem.
Dy't longerje nei ierdske macht en eare,
Dy't foar in paradys mei fammen stjerre,
As op 'e jongste dei it doek opgiet,
Falle hja fier, fier, fier fan Dy, o Heare!
|
|